bolle, mar wol in boartersbolle.
De Grutsk sjocht de terp fan Snyp en it hûs fan De Hobbeldjo. Prachtich fûn er dat altiten. De bolle fan De Hobbeldjo moast soms wol trije kear wyks yn 'e slach. Soms boppe op de twadde terp, dêr't er fêstsiet oan in izeren ketting en yn rûntsjes om him hinne friet. De Grutsk wie deabenaud fan de bolle, mar ek tige nijsgjirrich nei wat dat beest allegearre by de ein hie. De Hobbeldjo syn bolle stuts syn pyst yn elke ko dy't him foar de poaten kaam. Letter gong it meganysk, en krige De Hobbeldjo in elektryske keunstko dy't mei in stekker yn it kontakt op temperatuer brocht waard. It like in ko, mar se libbe net. De bolle fan De Hobbeldjo hie neat yn de rekken, en klom elke dei by it trepke omheech. Op dat stuit wie it echte bolleboartsjen foarby.
De Grutsk sjocht stoareagjend nei de terpen mei de tsjerken dy't op it skerm ferskine. It wie foarby. It is foargoed foarby, mar dit lêste ferhaaltsje oer de bolle fan De Hobbeldjo is fansels ferdomd geskikt foar de ûnderskate partijen. Bolleboartsjen! It kin hast in titel foar in boek wêze. Hy sil it trochjaan oan syn skriuwmaat. Dy moat dit fêst noch allegearre witte. Miskien kin er him op dat spoar sette, want de sêne fan de nacht sil er fêst neat mei kinne, of neat mei dwaan wolle.
Dy bolle, dy terp en foaral dy feart dêr't De Oan oan in peal fêstbûn sitten hie. Op de trijehoeke, middden yn dat krúspunt fan fearten. Yn it reid, sadat gjin mins it sjen koe. Yn en by dy opfeart hie him heel wat ôfspile.
Op in dei hiene se De Oan fêstbûn oan twa peallen, oan de earmen en oan de skonken. En dêrnei hie elkenien oer him hinne miigd, fan foaren oant nei achteren. De trije fammen miigden steand. Mei de skonken spraat rûnen se by him lâns, sadat it wetter yn in brede striel oer him hinne streamde. Se hâlden de rokken omheech. De broekjes hiene se yn it foar údutsen. Benammen dat lêste soe de werskriuwer miskien wol moai fine. Dat soe er ek noch wol witte, want wiken dêrnei hie der noch praat west fan dy bleate liven dêr't samar in gleuf iepen gong en it reinwetter nei ûnderen spuite. De dampen fleagen derôf.
De jûns let hiene se De Oan losmakke. Hy wie sa stiif as in planke, en stonk as in âldbok. De Grutsk kin it noch rûke as er him goed op de bylden konsintrearret. Yn dy feart libben se hast as it wetter leech stie.