sliepflier ynelkoar ferstringele. It hat wol wat fan it prachtige skilderij fan Gustave Courbet dy't mear as hûndert jier lyn syn skilderij ‘De twa freondinnen’ skildere. De fjouwer skonken en fjouwer earmen binne as wjirmen omelkoar hinne teard. Dêre op dat skitterjend doek en hjirre op it grutte sliepbêd. De Grutsk sjocht de fjouwer billen dy't glimme fan it swit. De froulju tútsje elkoar, sobje as gekken op de spienen fan de boarsten en slikje elk stikje fel dat se mar berikke kinne. Se binne folslein ynelkoar fertize. De billen trilje en wibelje hin en wer. Boartsjend fleis, hy hat it noch net sa sjoen. Prachtich, dit geile fleis. Om yn te biten, om stikjes ôf te snijen en op te fretten. Slachters moatte yn 't generaal wol ferskriklik geile figueren wêze, oars soene se dochs net sa yn dy bargekonten omsnije kinne.
De Grutsk giet op knibbels sitten achter de froulju. Syn kul stiet al nijsgjirich te sjen. De Grutsk docht him de hoed ôf, sadat er noch mear útsicht krijt op de prachtige bergen en dellingen. Se genietsje beide. De Grutsk en syn grutte freon sûnder hoed. Dat libjende liljende fleis, dat glinsteret en beweecht en trillet en swit, hat har beide helendal yn de besnijing. De Grutsk leit syn harmen elk op in broadsje en streaket. Hy glidet mei de fingers troch de hernen en gloppen. De froulju kroane as er sacht oer har lytse fammen strykt, as er even yn de wiete fertikale eagen glidet. Hy komt noch wat tichterby en massearret de binnenkanten fan de boppeskonken. Dan wriuwt er oer de berchjes hier en glidet op 'e nij nei ûnderen.
De Grutsk draait rûntsjes om de twa lytse fammen, sadat de froulju beide de skammels op en del bewege. Hy tutet ien foar ien de fjouwer billen en strykt mei de harmen oer de skonken. Elk fan de froulju sobbet op in spien fan de oar. Mei in hân leavje se it oare boarst. Se meitsje sachte lûdsjes sa't bichjes dogge as se oan it jaar fan har mem lebberje. Dan skoot De Grutsk de twa liven fanelkoar en lizze se iepen en bleat heal op 'e rêch. De froulju sykje elkoars mûle wer. It liket wol oft se net yn 'e rekken hawwe dat De Grutsk de tredde yn it spultsje wurden is.
De Grutsk sjocht nei de twa prachtige boskjes hier dy't beide it begjin fan de wrâld oankundigje. Mei de wiisfingers glidet er troch de healtichte eachjes. Heel stadich. Dan foeget er de wiisfinger der by. Hy lit se twa by twa ferdwine yn de wiete jisters fan de froulju. Hy draait