pjûters ek oan privacy dogge, want oars moat er ek tsjin dit fenomeen mar in proses begjinne. Hy kniperet mei it loftereach tsjin de twa unifoarmen, mar se reagearje net. Se rinne troch en jeie in kliber zjunks sûnder dat se wat hoege te sizzen nei alle hoeken en hernen fan it ûndergrûnse stasjon. Twa komme syn kant út, in frommes en in fint.
Se freegje him oft er in nijenien is. De Grutsk anderet yn syn eigen taal dat se wat him oanbelanget nei de hel fleane kinne, omdat se him wekker meitsje. Dan skopt de fint tsjin syn gympy's, en it frommes raast dat se him it bloed út de kop skraabje sil, omdat er har lêstendeis ferkrêfte hat. De Grutsk sjit oerein, en ynienen stowe de twa in stik fierder it perron op. De plysjes steane no njonken him en freegje oft er lêst hat fan dy twa zjunken. De Grutsk seit dat er godferdomme even sliepe wol, en dat er him sels godferdomme wol rêde kin. Hy knypeaget wer nei it plysjefrommes en rint nei in pilaar fierder. Mei't er dêr hast is sjit de earste metrotrein it stasjon yn.
De Grutsk stapt yn. Tagelyk mei him wipt in dealer de trein yn. Achter it ear fan dy fint sjocht De Grutsk in rôltsje aluminiumpapier. As yn in swan-swan-kleef-oan-film folget in groepke zjunken. De dealer giet op in bank sitten. Hy hâldt fêst sprekoere. De fint en it frommes dy't er nei de hel winske rinne him even letter foarby. Oaren folgje.
De Grutsk hat noch gjin kliene reizger sjoen. Bûten himsels dan. Mar wat is klien yn de goedichheid? Hy gniist. Op elk stasjon dêr't de trein stoppet sjocht er deselde rituelen. Nei in goed healoere stapt er út de trein en rint nei syn toer. Hy siket om syn kaaien en hopet mar dat se net lizzen bleaun binne yn it hûs fan De Frou út de binnenstêd.
As De Grutsk yn syn flet komt rint er daalk nei syn fideokolleksje en siket de bân fan de terpen. Hy skoot de kassette yn it tastel en set it apparaat yn wurking. Dan giet er foar syn tafel sitten en nimt in stik papier. Dizze nacht moat sa fluch mooglik fêstlein wurde. Dat is tige geskikt foar syn psyk, foar syn alterego-skriuwer en foar himsels yn 't bysûnder. Miskien ek wol foar De Frou út de binnenstêd. It sil út soarte yndruk op har meitsje. Hy set de titel boppe it blêd. Hy laket lûd. De drank fertekenet de gewoane wrâld. Ek dat hâldt in mins yn libben.