De Hobbeldjo fertsjinne jild mei syn beest. De Grutsk rekkene neat, mar hy wie ek net in echt beest. Jild freegje koe ek net fansels, want syn sied sloech tepletter yn it sterilisearre liif fan De Frou út de binnenstêd. Hy wie werombrocht ta in kul sa't froulju soms besjoen waarden as in omwaakst ofarium of in objekt mei in pear gatten dêr't wat yn stutsen wurde moast.
Doe't De Grutsk de doar nei har appartemint iepen die besleat er syn hâlding te feroarjen. Akkoart, as er dan dochs mar allinne in kul wie soe er him dan no ek as sadanich presintearje. Pystich, geil en mei de kul yn de oanslach. Miskien soe se dat noch wol mear op priis stelle. En no helendal mei De Han oan har side. Twa konten, twa kutten en fjouwer jaren.
Tsjinoer De Han hoegde se net mear te toanielspyljen, net mear te redekaveljen oer har grutte leafde foar De Grutsk. Hy soe it daalk werombringe nei de essinsje, nei de leafde foar de kul. De langst nei it ultime geniet, en dêryn koe ek De Han har rol spylje. Twa miggen yn ien klap. En De Grutsk soe as grutte bij fungearje. Bam! Dat wie de oplossing, en sa hie se har telefoantsje ek fêst bedoeld.
Se sieten elk yn in hoeke fan de grutte fjouwerpersoansbank. Yn de midden foar de bank stie in taffeltsje mei twa glêzen wyn. In healfolle flesse stie dernjonken. Op de flier stiene in stikmannich lege. Se hiene him al aardich rekke. De Grutsk rûn nei De Frou út de binnenstêd en túte har op 'e mûle. Se stuts har tonge tusken syn lippen. Har eagen swommen al yn de drank. De Grutsk struts even oer in tyt. Se lake.
Doe rûn De Grutsk nei De Han en tute har. Ek op har mûle. Dy hâlde se sletten. De Grutsk stuts syn tonge tusken har lippen. De Han iepene har mûle in bytsje, mar se hâlde de tosken opelkoar. De Grutsk lake tsjin har en aaide har oer it hier. Se wie yn al dy jierren nei't se him lokwinske hie net sa'n soad feroare. Allinne har titen liken wat grutter as doe. Miskien brûkte se wol hormoanen, want se woe fansels beskikber bliuwe. De Grutsk seach dat se noch altiten gjin fangnetsjes hie, en it wie ek net nedich, want har boarsten stiene ek no noch moai omheech.
De Grutsk rûn nei de maklike stoel, snipte yn it foarbygean in glês út de kast en skode oan by de froulju. It fernuvere him dat syn beslút fan niiskrekt al wurke. Hy siet tsjinoer twa eksfrijsters. In pôt en in bijpôt.