in maits. Hy wriuwt mei syn hân oer syn gulp, want syn opsette kul hat de koarts. Syn sek krampt, hy is sa leech as in lekstutsen ballon.
Ut en troch triuwt er it hier út syn eagen. Hy fielt him lammenadich. Hy is in wrak lykas al dy wrakken dy't hjir rinne en omhingje, soms lizze of sitte. Guon sliepe yn in hoeke op it kâlde beton. Twa plysjes sjogge him oan as se foarby rinne. Hy docht oft er neat yn 'e rekken hat.
It is hjir eins wol in aardich dekor foar in ferhaal foar De Psyk, tinkt er. Yn de fuortgongsreportaazje foar syn petearen kin it miskien yn de Regearingsstêd wol tsjinst dwaan. Sokke lju dêre witte ommers fakentiids fan neat en steane wis moarns betiid net om seis oere of healwei sânen ûnder de grûn op in metrostasjon tusken zjunks, ôfneukte hoeren en oare ferliezers fan de nacht.
Doe't er niis ôfdaalde hat gjin inkelde zjunk oandacht oan him bestege. Se sille tocht hawwe dat er der by heart. De gesichten fan de plysjes seine ommers ek al genôch. Hy gniist, want hy sjocht de twa mânske konten fan fannacht en de fjouwer skommeljende jaren fan De Han en De Frou út de binnenstêd. Glêd, fleizich en foaral triljend swittend.
Op itselde stuit sjit der in pynlik skot troch syn kul. Hy flokt lûdop. It is my de relaasje wol. Earst dy kutsweagers, en no in skoankutsuster. Hy lit him by de peal delglydzje en giet op de grûn sitten. Syn kont is noch sa waarm dat er it kâlde beton net iens fielt. It is wol lekker sa, dan kin it spul wat ôfkuolje, want oars baarnt him de broek ek noch fan de kont.