It heucht De Grutsk dat De Han sei dat er wûn hie. De Grutsk seach dat doe wat oars, mar De Han hâlde fol dat har wurden foar hûndert persint de wierheid dutsen. De Grutsk twivele, mar wa wit, miskien hearden sokke oarloggen wol by de wrâld fan potten en heale potten, of leaver sein by twaslachtige figueren lykas De Frou út de binnenstêd. De Grutsk hie der net folle idee oer. Hy hie wolris mei niget nei twa frijende potten sjoen dy't ynelkoar ombieten, mar hy miste benammen de kul, en dat lei him fansels oan syn tige iensidige opstelling yn de wrâld fan de erotyk. Dat wie alteast de gedachte fan De Frou út de binnenstêd. Sij gong altiten op sokke prékêre mominten yn de pleit foar de androgine wrâld. Dan paste de Grutsk, want dat kaartspultsje hie er gjin ferstân fan.
Dy De Han sit no dus by De Frou út de binnenstêd op de bank. Miskien kin De Frou út de binnenstêd har net fan de bealch hâlde, en hat se syn stipe nedich. Wa wit, want hy wist it meastens net mei De Frou út de binnenstêd. Miskien is it ek wol gewoan gastfrijheid. Dy saken rinne by De Frou út de binnenstêd faak trochinoar hinne.
De Han dêre, tsjonge tsjonge, wat in feest! De Grutsk is benijd. De measte potten hat er in griis fan - foaral as se net echt binne - mar mei De Han leit dat oars. Se hat wol wat op it eroatyske flak. Se is in stevich frommes mei alles op it goede plak. In echte S, sis mar. It heucht him dat se in prachtige geile mûle hie yn de dagen dat er har noch wolris seach, en har kont wie in merakel. Rûner koe er him hast net yn 't sin bringe. Miskien is dat noch sa. Hy is benijd. It soe wêze kinne dat se harsels ûntpôte hat. Yn dy wrâld is alles mooglik.