Haadstik 39
De trein fan de ûnderwrâld rydt dei en nacht
De Grutsk lûkt de doar fan it wenhúske yn de binnenstêd achter him yn it slot. It is healwei seizen de moarns. Hy rint mei stive spieren troch it lytse strjitsje. It fielt krekt oft er in pak op syn bealch hân hat. Alles docht him sear. Spieren, bonken, earen en eagen. Syn kul kloppet fûleindich en hy stekt noch folle mear.
De Grutsk flokt. Hy is der wer ynrûn. Yn de fâle fan De Frou út de binnenstêd. Nettsjinsteande syn brieven en telefoantsjes docht se gewoan wat se wol. Mei it gesicht fan in ingeltsje en in stimke fan in glêdstrykster krijt se him elke kear wer dêr't se him hawwe wol. Dêr't hy him út soarte eins helendal net op syn gemak fielt.
De Grutsk flokt op 'e nij en stekt in hân omheech nei in betide taksy. Yn tsien minuten is er op it Sintraal. Hy daalt mei ferkrampte skonken de trep del nei ûnderen. De earste metro sil hast wol komme.