Haadstik 38
Madonna en hoer
Nei it lêzen fan dit toanielstikje bliuw ik in skoft sitten, lês it nochris, en wurd wat ûnrêstich. Ik haw dit net ferwachte. It is earstens gjin ferslach of in ferhaal sa't er my oer de telefoan ferteld hat, en twad docht bliken dat er minder tizehollerich is as wat ik earder tocht.
Hy praat oer porno yn de koppen fan de minsken en ik haw my al yn it foar fermakke mei in geil ferslach fan syn sesje mei de hoer. Dit teaterstikje - it kin sa opfierd wurde op it toaniel - hat er betocht. Sa is it neffens my net ferrûn. Alteast, myn beheinde ûnderfiningen mei hoeren hawwe my wol leard dat se har út soarte net brûke litte sa't hy it hjir beskriuwt yn syn toanielstikje.
It ferslach fan De Grutsk stuollet net op wierheid, op wat de lêzer ferwachtsje kin. It is ek gjin echt ferslach. De foarm èn de ynhâld wize de kant út fan de literatuer. En dat makket my ûngerêst. Aansens is myn haadpersoan de skriuwer fan de roman dêr't ik mei dwaande bin. Hy freget kommentaar fan my. Mar wat, en hoe? Ik rûk it gefaar op kilometers ôfstân.
As ik him skriuw dat sokssawat as dit toanielstikje net yn in roman thúsheart dan kin er erchtinkend wurde. As ik oanjou dat dit gjin reëel ferslach is fan de beuzichheden fan in hoer en in willekeurige klant, dan sil er ferwize nei De Psyk, nei De juf Annach, nei De Fer en miskien sels nei syn eks. Dat hat er mear as treflik ferbûn. Dat hie ik sels noait betinke kinnen, want ik ken dy eks eins net, dat wol sizze, net as in ekshibisjonistysk frommes op in feest. En dat hat se west. Dat docht dúdlik bliken út dit toanielstikje.
Ik sil ditsoarte fan stoarjes fêst brûke kinne. Ik fyn it prachtich hoe't er it romantyske hillige frommes De juf Annach - yn de eagen fan it lytse jonkje - no ferbynt mei de slet dêr't er letter mei troud west hat. Yn dit koarte fragmint hat er de madonna en de hoer folslein typearre. Literatuer? Ja, en yn it geheel fan de ferhalen ek begryplik. Mar foar de lêzer heart toaniel net yn in roman. Dy lêzer wol út en troch in geile sêne, dêr't hy of sij sels faaks net oan ta komt. En dat hie no moai kinnen yn it fragmint oer de earste hoer. Dat stikje soe 'k sels wol skriuwe kinne, en dêr soe ik dy eks ek noch wol yn behelje wolle.