Haadstik 35
De Psyk en it proses
De Grutsk freget my oft ik it goed ferstean haw en oft ik my in dúdlik byld foarmje kin. It foar myn eagen sjoen haw by wize fan sprekken. Ik befêstigje dat en sis dat it ferhaal ek my wol in bytsje bekend foarkomt, mar dat ik net mear wit oft it my ferteld is of dat ik it earne lêzen haw yn in ferhaal fan in ferneamd skriuwer út it doarp Snyp. Dy De Tjit koe it altiten moai opsizze op de buorren. Ek yn syn ferhalen dy't er letter yn de krante skreau gong it der mil om en ta.
De Grutsk beweart daalk dat soks net kin, want hy hat de iennige west dy't yn de wâl lei op dy betide moarnen. It hat fêst te krijen mei de krêft fan de bylden en syn wize fan fertellen. Ik lit dat mar sa, want op sokke eagenblikken hat in diskusje gjin doel en rekket er helendal op 'e rin troch de telefoan.
Ynienen freget er my oft ik de ferhalen dy't er my stjoerde ek hifkje wol op de kwantiteit en de kwaliteit fan de geilheid. Hy hat se út soarte skreaun, - útsein de lêste, mar dat kin noch wolris -, foar De Psyk dy't er sa folle mooglik opgeile wol en nijsgjirrich meitsje nei mear soksoarte fan ûnderfiningen út it ferline. De Psyk is ommers goud wurdich yn syn proses yn de Regearingsstêd, en it kin fan belang wêze dat syn rapporten foaral wize op de jeugdtrauma's en op de syklike fantasijen. Hy sitearret yn dit stik fan saken De Psyk, want dy brûkt graach fan sokke djoere wurden.
De ferhalen oan De Psyk sille it proses neffens De Grutsk tige posityf beynfloedzje. It giet al lang net mear oer wierheid en ûnwierheid. No al lûkt De Psyk linen fan de kikkerts nei De juf Annach, en dêrút wei kin er maklik nei it slachtersmes yn de holle ferhúzje. It slachtsjen slacht foar master op yn de neitinzen neffens De Psyk, en dat seit wer wat oer de mintale sitewaasje fan syn pasjint.
Neffens De Grutsk past it ferhaal oer De Bor en De Fer dêr ek wer maklik yn, want syn psyk sjocht oeral geheime winsken en eroatyske symboalen. In opgroeiend bern foarmet yn wêzen in rinnend eroatysk objekt. Wat geiler De Psyk wurdt, wat better it foar him wêze sil. Dan klakt De Grutsk mei de tonge.
- En lês godferdomme earst de brief foardatst mei it ferhaal oer de hoer