Yn it foarste plak leine se net allegearre, en twad gongen moai aardich wat fan dy einen op 'e skarrel yn de omkriten. Se leine de aaien yn nêsten dy't hast net te finen wiene. Se woene op in stuit fansels briede sa't dat by gewoane einen ek it gefal is. Fan in ein kinst hast net in soarte fan hin meitsje. Al gau waard ik der moarns op útstjoerd, ier en betiid, en sykje de aaien fan de einen dy't folslein op 'e doele wiene. Dat betsjutte dat ik de wâlen fan de sleatsjes yn de omkriten fan ús hûs ôfrûn, en besocht dy ûngelokken fan de nêsten te jeien. Ik begûn meastens om healwei seizen-seis oere hinne.
Sa bedarre ik op in moarntiid achter de skoalle, yn de reiden fan de âlde opfeart. Ik siet krekt yn 'e hoksen foar in nêst doe't ik de tuskendoar fan de skoalle en it âlde hok hearde. Dy siet altiten oan de binnenkant op slot. Troch de ligusterhage seach ik in reade fluwielen moarnsjas foar it ljocht kommen. Dy mantel strûsde nei de achterdoar fan de skoalle. Dy doar gong iepen en de jas gong yn de skoalle. Ik skode in eintsje fierder troch it reid, mar ik koe net goed troch de glêzen fan de achterdoar sjen. Ik gong wer fierder mei it sykjen fan einaaien.
It wie noch gjin kertier letter of ik hearde de skoaldoar foar de twadde kear. Earst kaam De Fer ta de doar út - se hie de fluwielen moarnsjas oan - en even letter De Bor. Dy sleat de doar ôf mei in kaai. Hy streake De Fer oer it lange hier en skeat doe om 'e hoeke fan de skoalle. De Fer rûn nei de tuskendoar. Even letter hearde ik de skoattels fan dy doar, en doe wie ik wer allinne mei myn einen en einaaien. Ik hie yntusken al sa'n tweintich yn myn ammerke.
De Bor makke de skoalle skjin en sette moarns betiid de kachels oan. Sa likernôch tusken healwei sânen en sân oere wie er mei de kachels dwaande, en middeis nei skoaltiid himmelen hy en syn frou de lokalen en de gong. Ik besleat de oare dei om seis oere wer nei de achterkant fan de skoalle te gean. Ik woe der mear fan witte, foaral mei't ik noait heard hie dat De Fer holp by it kacheloansetten.
De oare dei lei ik noch mar krekt yn de reiden achter de skoalle doe't De Bor foar 't ljocht kaam. Hy iepene de doar en even letter baarnden de ljochten yn de gong en yn it achterste lokaal. Hy soe fêst mei de kachels begjinne. Ik wachte op it ferfolch. En dat kaam al ridlik gau. De klok fan de toer hie noch net healwei sânen slein of dêr hearde ik foar de twadde kear de skoattels fan de tuskendoar. De Fer stode wer