deselde persoan binne. Myn antwurd sil wat sizze kinne oer de kwaliteit fan syn ûnthâld, en kin tagelyk oanjaan hoe't er syn roman opsette en útwurkje kin.
As men it no troch it feriine ferfangt barre der neffens De Grutsk nijsgjirrige dingen. It sil betsjutte kinne dat de literatuer mei de tiid neat te krijen hat. Sterker, in roman makket in eigen wrâld mei in eigen logyske tiid. As dy konstatearring wier is kin er der ek noch foardiel fan hawwe yn syn prosessen, mar foaral yn syn petear mei syn psyk.
It trochinoar rinne litten fan ûnderskate tiden fassinearret him, en benammen it kreëarjen fan in nije net besteande tiid hat er yn dit stik fan saken op it each as er tinkt oan syn roman op priemmen.
Yn de oerflakte liket alles linéêr en moai aardich trochrinnend - de basis fan de maatskippij is der neffens him op stuolle - mar djippere lagen jouwe dúdlik oan dat ûnder de oerflakte fan it fatsoen hele oare, mear wêzentlike krêften in rol spylje. Men tinkt dat men alles regele hat mei allerhande ferkearsbuorden, mar elke dei - elke oer eins - fljocht de lava fan de ûnderierdske fulkanen troch de sekeringen. Ek dat wol er beskriuwe.
It ferline sit altiten yn it no, en wat hjoed bart liket wol nij, mar bestiet fansels al jierren lang. Neffens De Grutsk kin it wurd fernijing ferfongen wurde troch reparaasje of opskodzjen, lykas bart mei de bêden yn de maitiid. De wurden moatte útklaaid wurde, sadat se wer betsjutte wat se oait bedoeld hawwe nei foaren te bringen. In roman kin neffens him in wurdboek yn beweging neamd wurde, eins de wrâld sels. Mei fjoer, mei stront en fol glêzen eagen d^t it ljocht opheine, mar gjin soademiter sjogge. Mar ek dy reinbôgekleuren kinne wichtich wêze.