Ut en troch hat er in wurd of in heale rigel ûnderstreke en mei grutte útroptekens oanjûn dat dizze stikjes út soarte geskikt wêze sille foar De Psyk. Al dy wurden en rigels hat er nûmere en fersjoen fan in grutte of in lytse S. Dêrmei jout er oan oft se by de haadstratezjy of de subhaadstratezjy hearre. Yn pearsk stiet der dan noch by oft it lofts op de muorre hinget of rjochts. Ik freegje my ôf hoe't ik dizze gribus brûke moat. Dan giet de telefoan, hurd en fûl, sa't telefoans yn de nacht fakentiids te skerp klinke. Ik skrik. Miskien is der wol immen deagongen, of ferûngelokke. Rêstich sliepe heart echt by de skiednis sa njonkelytsen.