| |
Haadstik 31
In glêzen each wol gjìn bril ha
It wie tsjin twaën doe't de klok fan de tsjerketoer begûn te lieden. De Lytsk seach nei bûten. De sinne skynde fûl, sadat it him noch swarter foar de eagen waard. Om him hinne sieten syn klassegenoaten. Se wurken allegearre stil en iverich. Allinne hy hie de ridel yn de kont en
| |
| |
skode ûnrêstich hin en wer yn syn bank. Hy ferlei syn skrift fan de rjochterkant nei de lofter. De bank plakte oan syn earm. Dy wie wiet. Hy switte as in otter.
De Lytsk frege him ôf oft er it oandoarde en rin sûnder fingeromheechstekken syn bank út nei foaren, en freegje dêre oft er even nei achteren mocht. De skoalle wie krekt begûn en dan soe in finger fansels neat úthelje. De earste oere wie dat ferbean. De Lytsk waard noch waarmer fan de spanning, en fielde it swit no ek al tusken syn hier. Sels syn holle fielde switterich en waarm. Dy soe fêst wol read wêze. De man foar de klasse, achter de tafel, siet mei syn holle yn syn hannen. Hy waard al aardich keal. Hy soe wol wer pineholle hawwe, want dan siet er altiten sa en stoareage yn in boekje dat op it tafelblêd lei. Soms makke er ek wol tekeninkjes op in stikje floeipapier.
Ynienen seach de man de klasse yn en fong de eagen fan De Lytsk. Dy fielde dat him no al syn bloed nei de holle fleach, en dêrtroch hearde er de klok noch lûder galmjen. Hy besocht syn finger yn de hichte te krijen, mar it like wol oft der lead oan syn earmtakke hong. Op healwei bleau de hân hingjen, en doe foel er as in oansketten ein nei ûnderen op de bank. De master bleau him oansjen, ferweegde doe syn mûle en lippen, en wiisde dêrnei nei de doar fan it lokaal. No waard De Lytsk fan binnen ek waarm, mar op in oare wize as syn holle. Syn master wist it fansels al lang, hy hie goed yn 'e rekken wat der mei him oan de hân wie.
As de toerklok middeis lette foel der in stilte yn de lokalen fan de skoalle. Meastens paste men it roaster oan, foaral as der ien fan de bern by belutsen wie. De klok galme troch de hele skoalle, want de ôfstân wie net sa grut. Miskien in pear hûndert meter. Oars waard der om dizze tiid songen, no hiene se allegearre in skriuwopdracht krigen. Guon klasgenoaten seagen út en troch stikem nei De Lytsk. De measten diene oft se neat hearden en reagearren net. Oaren wisten miskien net iens wat der oan de hân wie.
De Lytsk skode heel foarsichtich út syn bank en rûn doe nei foaren. Hoeden en sacht. Op sokken sa't elkenien yn de klasse omrûn. De klompen en de learzen stiene yn de gong, elk pear ûnder de jas dêr't it by hearde.
De Lytsk kaam by it taffeltsje fan de meester, en dy lústere sacht dat er
| |
| |
mar even harkje moast, en miskien wol sjen koe troch it rút fan de bûtendoar. De triennen sprongen De Lytsk yn de eagen sa't al sa faak bard wie de ôfrûne dagen. En dat woe er no krekt tefoaren komme, dêre yn dat lokaal dat him sa iepen en bleat sjen liet. De oaren hiene der ommers neat mei te krijen.
De Lytsk rûn fluch foar it boerd lâns nei de doar fan it lokaal. Hy drukte de fersliten groomstielen kruk nei ûnderen. Dy kruk fielde krekt as de leppels by syn pake as er dêr soms sop leppele. Hy slokte in pear kear. Mar dêr hie nimmen wat mei te krijen, en mei dy klokliederij ek net. En gûle woe er helendal net, want dan koe er net mear tinke en harkje, en sjen benammen. Alles waard dan fuortstrutsen, ek al syn aardige neitinzen. As er gûlde koe er him net iens mear libben foar de geast krije, sa't er west hie, wat er sein hie en wat er foar him dien hie. De groomstielen skrinende kruk fan de doar helle noch mear gedachten en neitinzen omheech, mar it like wol oft de triennen achter syn eagen alles fertsjusteren wat oait bestien hie. Alle bylden en barrens rûnen trochinoar sa't reinwetter op de bril fan syn mem fan de wrâld in laitsspegel makke. Dat sei se altiten. Syn pake sei dat ek faak. Dy hie ek in bril op. Fan him hie se dat leard fansels.
Foar De Lytsk feroare it wetter fan de triennen alles yn in gûlspegel. Yn de gong stiene ynienen hûnderten klompen en learzen wylst der mar in sechtich bern op skoalle sieten. De glêzen bûtendoar spegele de greiden, de beammen en de ljochtpeallen oan de kant fan de dyk wol trije kear werom. De wrâld draaide foar De Lytsk syn eagen, alles stie op syn kop. Miskien hy sels ek wol.
Yn de gong wie it hearlik koel. It swarte marmer fan de flier, dy't altiid al wat kâld oanfielde, wurke dêroan mei. It like op it marmer fan de grêfstien skeat troch him hinne. Fluch rûn De Lytsk nei de swiere doarren fan de útgong, dy't foar de helte út glês bestiene. Hy besocht oft er troch dy glêzen wat sjen koe, want hy moast en soe witte wat dêrbûten by de tsjerke barde.
De Lytsk hie it al fakernôch meimakke - op in ôfstân - en meastens op de frije woansdeitemiddeis. Mar no wie it folslein oars, want no waard syn pake begroeven. Dat barde mar ien kear yn syn libben. No kaam it allegearre heel tichtby, no fielde er it yn syn hele lea. Foaral yn syn liif. De pine siet dêre as in grutte klute.
| |
| |
Troch de doarren koe er net in soad sjen. De hoeke foar it sjen wie te lyts, hoewol't er syn hele holle plat tsjin it glês drukte. Hy soe nei bûten gean kinne en rin nei de brêge. Dêre soe it útsjoch folle better wêze, en dan koe er miskien alles folgje sûnder dat immen út de optocht dat yn 'e rekken krije soe. Mar dat koe fansels net. As er allinne op 'e brêge stie koe elkenien him sjen, ek de minsken dy't dêre om it tsjerkhôf kuieren. Syn âldelju dy't net woene dat er syn pake noch sjen soe yn de kiste, dy't helendal raar bearden doe't er sei dat er eins wol nei de begraffenis woe. Se fûnen dat in jong bern fan tsien of alve dat noch net meimeitsje koe. Dat wie net geskikt foar sa'n jonge leeftiid. Sokke jonge bern soene der miskien wol fan dreame. En foaral dat lêste begreep er net, want hy dreamde no al faak fan de idioatste saken.
De Lytsk fûn it in hele frjemde gong fan saken. Syn pake wie dochs gjin frjemdeling lykas al dy oaren dy't begroeven waarden. Soms út it doarp, mar ek wol fan bûten, lykas dy dûmny in jier of wat lyn, doe't der wol trije klokken galmen. Yn de lêste gefallen wiene se yn it doarp berne of opgroeid. Dy dûmny wie miskien in apart gefal, mar allegearre woene se dea graach wer werom nei it doarp. Nei de begraffenissen fan sokke lju mocht er net sjen. Hy mocht heechstens oan de brêge ta, wylst syn freonen lyk foar de tsjerke yn de buorren stiene.
No wie it foar de deale syn eigen pake, en no diene se oft er helendal net bestie. It moast wol te krijen hawwe mei besmetlike sykten, miskien wol mei de besmetlike dreamsykte. De Lytsk hie poerlulk west en op de flier stampt, mar it hie allegearre neat holpen. In slach foar de harsens hie er der oan oerhâlden.
Dit wegerjen fan it bywenjen fan de begraffenis die him tinken oan in pear jier lyn doe't der berneferlamming yn it lân omtyske. Doe mocht er ynienen net mear hurd drave, net fuotbalje en net wyld keatse. Hy moast sa stadich rinne as in âld hynder. It like wol oft er dea delfalle soe as er him ynspande of as er wurch waard. Yn dy tiid dreamde er fan lamme skonken en sloppe earmen. Nachts seach er himsels al mei krukken of houten motten oer de dyk skowen. Soms dreamde er sels dat er De Jar wie en oer de tafelstoel hong en âle as dat beest. Mei de tonge út de bek en de snotbongels yn de eagen. Ek doe hie er ferskriklik lulk west. Mar ek dat wie om 'e nocht.
Foaral syn heit hie de poat strak hâlden. Hy liet him folslein allinne mei
| |
| |
syn fantasijen oer de djippe fjouwerkante kûle op it hôf, oer de beesten dy't der miskien rinne soene en letter alles opfrieten. Hy seach it lyk foar syn eagen hoe't se op in stuit begjinne soene en fret syn pake op. Hy koe der hast net mear fan sliepe. Hy doarde net iens mear djip ûnder de tekkens te krûpen, want dat hoal like ommers wol wat op in grêf ûnder de tsjerkhôfsseadden. Net sa djip, mar wol helendal ôfsletten en ferlitten. Foaral nachts yn it tsjuster. Dat lêste benammen - it allinnewêzen mei syn eangstige gedachten en fantasijen - oerhearske de lêste dagen. Miskien gong it ek wol noait wer oer.
De fjouwer dagen foar de begraffenis rûn er oerdei heal yn de sûs op 'e dyk, troch de buorren en op it skoalplein. Yn it lokaal hearde er hast neat. Hy wurke as in automaat, mar eins wie er der helendal net by. Dy fjouwer dagen koe er hast gjin iten troch syn keel krije. It smakke him net, en der siet in knikkert yn syn strôt. Der skeaten him allegearre neitinzen troch de holle, ek it petear oer de stien dy't syn pake besteld hie, en foaral de opdracht dy't er krigen hie, en oannommen.
Hoe moast er dat yn de goedichheid útiizze dêr't se no al neat fan him witte woene. Boppedat praten se noait oer sokke saken. De Lytsk twivele oft se him oait leauwe soene as er fertelde wat syn pake him frege hie. Dat er tafersjoch hâlde moast op de grêfstien, en op de letters dy't der yn moasten.
Se soene fêst sizze dat er dreamde, dat er it sels betocht hie, omdat er net nei de begraffenis mocht. De Lytsk treau syn noas en holle noch stiver tsjin it doarfinster, mar hy koe neat gewaar wurde. Mei syn tonge slikke er oer it glês. Der ûntstie in spoar en it like wol oft der in slak oer hinne gliden wie. De Lytsk rydboske, want op it tsjerkhôf rûnen moarns ek altiten slakken. Hele fette. Op de grêfstiennen en yn de klimop dy't tsjin de muorren fan de tsjerke omheech groeide.
De doar joech gjin sicht en De Lytsk besleat dat in húske miskien in better plak wêze koe. Hy gong op de houten bril fan in pôt stean, en doe koe er krekt troch it finsterke in hoeke fan de tsjerke en it tsjerkhôf sjen. It rútsje stie iepen en no koe er de klok ek better hearre.
Se letten noch op folle krêft. Foar de smidderij tsjinoer de yngong fan de tsjerke stie in oantal minsken út it doarp. Foaral âldere lju dy't syn pake goed kend hiene of by him wurken yn it ferline as it sa drok wie dat der ekstra lju helpe moasten.
| |
| |
De Lytsk hie de doar fan it húske op slot draaid. Nimmen hoegde te witten dat er dêr stie. In pear grutte jonges út de heechste klassen hiene dy moarns al ferbaasd reagearre dat er op skoalle kaam. Syn pake wie dochs dea, en dan wie it wenst dat pakesizzers of oare famyljeleden frij hiene. Se fregen him oft er sa nedich leare moast. En dêrnei gniisden se. In soan fan de slachter hune dat it mar goed wie dat dy âldkeardel dea wie, want dan koe er ek net mear oer dy dongbult sangerje. Nei dy wurden gniisde er noch dommer.
Op dat stuit begûn De Lytsk hast te janken fan lulkens, mar tsjin sokke meunsters koe er neat begjinne, en dus sei er neat en rûn it skoalplein op. Ek op oare fragen andere er net, want hy wist dochs net wat er sizze moast. Fansels, hy hie heel graach frij fan skoalle wêze wollen en gean nei de begraffenis. Mar dat koe er net útlizze. Hy skamme him in bytsje, want se fûnen it frjemd, it like gefoelleas, en miskien tochten se wol dat it him neat skele koe. De Lytsk flokte tsjin it iepensteande rútsje fan it húske. Mar dat holp ek neat. De wurden foelen del op it skoalplein.
Nei in pear minuten wachtsjen - it like wol in oere - seach er it begjin fan de begraffenisoptocht. De minsken kamen achter de lofterkant fan de tsjerke wei. Miskien wiene se al dwaande en rin it rûntsje foar de tredde kear. Trije kear om de tsjerke hinne, dat wie wisânsje. Mar eins koe er dat net leauwe, want meastens rûnen begraffenisrinners tige stadich. Dat wist er wol fan dy kearen dat er op de brêge stie. Dan duorre it soms oeren.
Alde De Kuk, de deabidder, rûn as earste foar de rige minsken en de kiste. Hy hie in hege hoed op en syn hannen hie er oer syn liif krúst. Yn ien fan dy hannen hongen twa swarte wanten. De Kuk rûn stiif, want hy woe fansels deftich rinne, dat hearde by sa'n optocht. De Kuk koe dat net sa goed - hy wie soks net wend op it boerelân dêr't er wurke - en soms stroffele er oer in stien of in woartel fan in beam dy't út it paad omheech kaam. Miskien hie it ek wol te krijen mei de skuon, want hy wie ommers lykas elkenien yn it doarp mei houten klompen berne. Syn skonken liken dêrtroch op de stobben fan beammen en fangefolgen pasten se út soarte net yn de hierde skuon foar in begraffenis.
It paad om de tsjerke hinne wie net sljocht. Elkenien smiet dêr syn
| |
| |
oerstallich pún en soms ek wol sintels oer hinne. Dêrtroch krigen begraffenisgongers faak problemen, mar foaral âlde De Kuk rekke fêst yn de ûnderwâl of it spoar bjuster. Yn it ferline wie der ek al ris in sjouwer delfallen, omdat syn iene foet yn in kûle hingjen bleau. De oare fiif sjouwers hiene hâlden en kearen om de swiere kiste op de skouders te hâlden. Noch wikenlang spruts it doarp skoof en skande fan de flokwurden dy't De Bor doe oer it tsjerkhôf raasde. Oaren bewearden dat ien fan de sjouwers, De Jok, yn 't foar lykas wenst wie, te folle sopen hie. Dy moast altiten foar de optocht as in soarte fan startpreemje in pear hawwe, want oars koe er it net oan en rekke er helendal oerémis fan de deade op syn skouders.
Ynienen seach De Lytsk de geelbrune kiste dy't seis sjouwers op har skouders droegen. Mei ien skouder en ien hân hâlden se de kiste omheech en yn lykwicht. Yn de oare hân hiene se de swarte want fan de sjouhân. Guon sjouwers koene amper de hege hoed op de holle hâlde. De huodden hiene se fansels hierd, sadat se faak net goed pasten. De troch waar en wyn oantaaste koppen wiene te grut of der siet te folle hier op 'e holle. As oare lju begroeven waarden wachten De Lytsk en syn freonen op it eagenblik dat der in hoed fuort waaide. No hie er hele oare gedachten.
De Lytsk slokte, hy koe de berch triennen achter syn eagen net mear tsjinhâlde. Yn in dize fan trijedûbele figueren seach er de minsken oer it tsjerkepaad kuierjen. Syn heit en mem hie er net iens sjoen. Sels de klok hearde er ûnhelder op in fiere ôfstân. Ek syn earen sieten fol, en liken ferstoppe. De Lytsk tocht dat se noch wol in kear it rûntsje rinne soene, dan moast er besykje en wês wat kalmer. Miskien koe er dan wat sjen, en neigean wa't der allegearre yn de optocht meidiene. Hy woe en soe wittte hoe't it der allegearre om en ta gong yn de lêste optocht mei syn pake, mei it donkere lûd fan de klok.
Nachts hie De Lytsk hast net sliepe kinnen. Syn mem hie heel stil west, mar foaral tige bleek. Oars hie se meastens appelreade wangen. Har donkere eagen en wynbrauwen stutsen skerp ôf tsjin it wyt fan har lippen en wangen. Mei har suster hiene se tegearre noch nei it hûs fan syn pake west. Se woene noch even sjen, noch even by him wêze. Hy hie har heit west. Miskien fûnen se it ek wol wat silich, dat er dêre no sa allinne yn syn keamer lei. Tusken seis planken sa't syn heit sein hie.
| |
| |
De Lytsk mocht net mei. Se hiene it gewoan stomwei wegere dy middeis, wylst syn neef en syn nicht dy't wat âlder wiene earder wol even sjen mochten hoe't de âldman yn syn kiste lei. De Lytsk begreep it net. Hy wie drôf en trystich op bêd gongen. Noait soe er wer mei syn pake prate kinne, noait hoegde er wer in boadskip foar him te dwaan. Ut skoalle wei in pipermuntsje helje soe ek noait wer kinne. Hy frege him ôf hoe't it no moast, want hy prate eins allinne mei syn pake. Oer fan alles en noch wat. Dat koe thús net. It wie al heel let doe't er yn 'e sliep foel dy nacht foar de begraffenis fan syn pake.
De Lytsk iepene syn eagen. Se triennen no net mear. Hy seach âlde De Kuk foar de twadde kear. No hie er de hoed mei beide hannen foar syn liif. Miskien waaide it te hurd, of woe er noch foarnamer dwaan.
De Lytsk siet foar in part yn it húske en ek yn de keamer fan syn pake dêr't se nei it krúspunt seagen doe't de jonge fan de slachter mei in klomp yn de hân de dyk op stode, doe't letter midden yn de nacht de knikkerts út in holle spatten. Mar foar him, op itselde stuit, seach er de begraffenisoptocht. Yn syn holle fleach alles no trochinoar. Nei De Kuk en de kiste kamen syn mem en har suster, earm yn earm. Dêrachter rûnen syn heit en syn omke, net earm yn earm. Dy omke hie ris hele moaie knikkerts foar him meinommen út Súd-Amearika. Syn neef en syn nicht rûnen der ek. Mar dêrnei kamen der allegearre minsken dy't er net koe. Mei guon hie er wolris praten by syn pake, mar de measten hie er noait moete. Alle minsken droegen swarte klean. It like tige donker dêre, as hie de nacht it plak ynnommen fan de sinne. Mar De Lytsk wie der wis fan dat der nachts gjin begraffenissen hâlden waarden. Ynienen wist er ek wer dat er yn in húske stie.
Syn lofterskonk dêr't er op stie sliepte folslein. Hy koe himsels noch mar amper yn lykwicht hâlde en sloech de hannen om de sponning fan it rútsje. Op dat stuit hâlde de klok op mei lieden. It hie it lêste rûntsje west. No stiene se om de kûle hinne, en se soene net wer del komme. De Lytsk besefte dat er foar de lêste kear syn pake sjoen hie, opburgen yn in houten kiste. Hy frege him ôf oft er de bril ek op hân hie. Sûnder syn bril seach er ommers hast neat. Mar tagelyk skeat it troch him hinne, dat immen yn in grêf fansels gjin bril nedich hat. Op 'e nij fielde er de triennen achter syn eagen.
No stiene se allegearre by de djippe kûle. De manlju mei de hoed of de
| |
| |
pet yn de hân. Dat wie altiten de gewoante as se dêr stiene. De Lytsk frege him ôf hoe djip sa'n grêf eins wêze soe. Hy hie it noait oandoard en sjoch stikem yn sa'n gat. Guon seine dat it wol in meter djip wie. De grêfdoller hie fakentiids de hele moarn nedich foar it útgraven.
Syn heit en mem hiene der oer praten dat it begraven miskien wol wat problemen opsmite koe, omdat syn pake yn it grêf kaam fan syn twa froulju. Dat wist De Lytsk al, want dat hele ferhaal moast er kontrolearje op de stien. Mar thús hie er mar neat sein, want dan hie er ek fertelle moatten oer de tasizzing dy't er syn pake dien hie. De Lytsk koe him wol wat foarstelle fan de problemen dêr't syn heit en mem oer praten. Hy hie ek wolris hollen en bonken sjoen as der in gat groeven wie. Dy sammele de grêfdoller dan yn in sek, want it wie fansels net aardich foar de begraffenislju om it grêf hinne as se dêre it sicht hiene op âlde skedels en bonken. Miskien soene de hollen fan syn beppes wol boppe wetter komme. Boppe de grûn. Hy moast der hast om laitsje, want dat soe dochs wol tige komysk wêze. Dan trof syn pake syn twa froulju wer. Eins wie dat ek wol sa gesellich.
Soms fuotballen de âldere jonges mei de skedels dy't troch de doller opdold wiene. De Lytsk fûn dat yslik, want earder hiene sokke koppen troch it doarp kuiere. Foaral nachts seach er dan allegearre koppen sûnder fleis en hier rinnen. Oer de brêge, op it skoalplein, ja, in pear kear keatsten de skeletten op it keatsfjild. Deabenaud waard er dan wekker. Soks soe ek no wer barre kinne, want dy twa beppes wiene fansels boppe de grûn kommen.
De Lytsk woe der mar net te folle oer neitinke, want dan seach er aansens ek de beppes noch troch de buorren rinnen. Yn syn gedachten. De iene hie er noait kennen, de twadde beppe wie in pear jier lyn stoarn. It like him net maklik foar sa'n grêfdoller om der dan yn om te dollen. Mar miskien gong de doller diskear ek net sa djip, omdat er fêst wol wist dat der al minsken yn bedobbe wiene. De Lytsk tocht eins dat syn pake der gewoan op steapele wurde soe. Lykas ierappelkistjes of balen sûker by syn omke yn de winkel.
De Lytsk rydboske. Hy fielde syn mage, syn hert bûnze. Hy woe noch in setsje wachtsje foar't er wer nei it lokaal werom gong. Op de klok fan de toer seach er dat it tweintich minuten oer twaen wie. Op dat stuit begûn de klok wer te lieden. De grêfdoller soe no it grêf wer
| |
| |
folsmite mei de ierde dy't er der earder útdold hie. De Lytsk bleau noch even stean te sjen. De begraffenisgongers kamen om de hoeke fan de tsjerke en rûnen de buorren yn. Guon fûstken ôf. Oaren wiene hastiger. It wie foarby. Se hiene syn pake foar ivich ûnder de modder bedobbe. Moarn soe der in lyts berchje wêze dat nei in pear moanne ferdwine soe. Dan moast de stien der op. Mei de krekte nammen, en de sifers.
Doe't De Lytsk yn it lokaal werom kaam seach er dat it glêzen each fan de iene slachterssoan glinstere yn de sinne. De Lytsk ûnderskiede ûnderskate kleuren. In reinbôge hast. De oare soan siet De Lytsk op te nimmen en gniisde. Hy soe wol tefreden wêze dat syn pake opromme wie, want no koene se de strontbult mar groeie litte.
De dream hie gjin echte dream west. It each dat er sjoen hie op it krúspunt wie in echt each. Hy hie der letter in dream fan makke. De gnizer dy't moarns bliid wie dat syn pake dea wie, hie ek noch sein dat syn pake him no net mear foarlûke koe mei it keatsen by it kiezen fan it jongespartoer fan it doarp. Op dat stuit winske De Lytsk dat dy gnizer beide eagen kwytrekke, en dat er dêrtroch noait wer keatse koe. Hy rûn hoeden nei syn bank.
Doe't er siet frege er him ôf hoefolle knikkerts der eins yn in holle kinne soene. Dat moast útprebearre wurde yn in echte holle sûnder fleis en hier. Mar doe ferskynde de holle fan syn pake foar syn eagen. Foaral de snor, de wynbrauwen en de bril foelen op. Aansens as er thús wie soe er der nei freegje. Oer dy bril, want dat woe er witte. Dat soene se fêst net foar him achterhâlde. Tocht er. Mar hy wie der net wis fan.
|
|