Lytsk wat ferwegen. In oantal minsken dat dêrfoar stil stie sette de sokken deryn as seagen se de duvel sels. It fjoer spatte út de dyk.
Nei de fjirde kear draaien fan de holle - hy hie it sicht no op De Lytsk - koe er ferstean wat der roppen waard. It like wol in befel. It klonk heel helder, mar foaral twingend. De Lytsk begreep der neat fan, want neffens him sloech it op neat:
- ik fersykje elk nei hûs ta te gean en helje dêre de grutste knikkert dy't der mar te finen is, allinne de aldergrutsten, want dy binne by steat en dimpe it slachtersgat -
De Lytsk ferstive hast, want mei 't de lêste wurden klonken besuchten de hannen dy't by de holle hearden it mes derút te lûken. It hie der in soad fan dat de tovener Merlyn op it toaniel kaam. Mar dan allinne syn hannen. It koene de hannen fan Merlyn wêze.
Op it stuit dat de hannen it heft omklammen - de skaal sweefde der noch ûnder - en skuor it mes út it each kamen de earste lju al werom mei har grutste knikkert dy't se fine koene. Se bleauwen stokstiif stean op in pear meter ôfstân. Se hâlden de hannen iepen as skoaiers foar har liif en lieten de knikkerts sjen. Nimmen sei wat, en nimmen die in stap. As pilaren mei twa sydbalkjes stiene se fêstferzen.
Ynienen raasde de holle ferskriklik. De beide hannen fan de holle hitsen it mes mei ien haal krêftich geweld út it each. Dêrnei sykhelle de holle djip en rôp tsjin de lju op it plein dat se ien foar ien har knikkerts yn it eachgat triuwe moasten. Op dat stuit sleat de holle it oare each. It like mâl.
De lju rûnen achterelkoar nei de holle-mei-de-earmen en it frjemde gat. As gânzen skoden de minsken nei de holle. Gjin ien snettere. Guon makken fan har frije hân in fûst. Se treaunen de iene nei de oare in knikkert yn it gat. Dy gliden daalk achter de mei bloedtrochweakke gerdyntsjes fan it each.
It drippen fan it bloed fermindere, en nei in skoftke hâlde it helendal op. De lêste sleat it gat folslein ôf. Doe begûn de holle as in gek te praten. It reinde wurden, mar der wie gjin tou oan fêst te knoopjen. Ien hân fan de holle hâlde it slachtersmes omheech. It bloed dripte der noch ôf. De holle wiisde mei dat mes om him hinne, en hy frege doe op in wize fan diktearjen, sadat elk it ferstean koe, om de smiter fan it mes dat syn each midstwa bruts by him te bringen. Dan koe de holle