grêfstiennen. Dat hie De Lytsk opmakke út de foto's dy't op de tafel leine, en wat er beprate mei syn pake. Der lei ek in foto fan it grêf fan syn beppe, de frou dy't mei syn pake troud west nie. Eins fan twa beppes, want syn pake hie twa kear troud west. Hy wist presys it plak njonken de toer dêr't de stien stie. Yn de hjerst makke syn heit dy stien skjin, omdat syn pake dat net mear koe. De Lytsk folge it petear tusken syn pake en de grêfstienman.
- Ik wol tusken myn twa froulju stean, dêr moat myn namme yn gravearre wurde, - sei syn pake. Hy prate heel earnstich, en dat waard ek noch fersterke mei't syn bril foar op syn noas sakke wie. Dy bril bestie út twa parten glês. Ien part om te lêzen, en it oare om nei bûten te sjen troch de finsters.
- De mem fan myn twa dochters komt oan de boppekant fan de stien, ik dêrtusken of eins dêrûnder, en myn twadde frou dêr wer ûnder. Op dy wize wurdt der in ferbining lein tusken my en de twa froulju. De nammen fan de bern moatte tusken har mem en my stean. Dus tusken de boppeste twa nammen, in bytsje oan de rjochterkant. Dan is it dúdlik by wa't se hearre, en út wa 't se berne binne. -
De ferkeaper fan it beskreaune marmer tekene op in wyt stik papier de foarm fan in stien. Yn dy tekening skreau er de namme fan de beppe dy't De Lytsk noait kennen hie, omdat se al stoarn wie doe't syn eigen mem noch mar twa of trije jier west hie. Dêrnei tekene de man op it wite fel de namme fan syn pake dy't no noch springlibjend oan de tafel siet. Doe kaam de namme fan de twadde frou - syn echte beppe fûn De Lytsk, want dy hie er noch wol kennen - en op it lêst de nammen fan syn muoike en fan syn eigen mem. Hy fûn it mar in idioat gesicht. Syn mem en syn pake dêre delskreaun, beitele eins (want de man hie de letters dûbel tekene), op in grêfstien fan papier wylst se beide noch net dea wiene. It griisde him oan.
De ferkeaper liet syn ûntwerp oan syn pake sjen. Dy begûn der daalk yn om te skrassen. De foarm fan de stien fûn er blykber net sa bêst, want it pearske podeadsje fleach mei fûle en lange streken oer de tekening fan de marmerferkeaper.
- Ik hâld net sa fan rûne en gelykmjittige foarmen, - mompele syn pake. - De wrâld wurdt al ienfoarmich genôch, en ûnder dy stien is elkenien ek net gelyk, ek al binne se allegearre dea. Neffens my moat it