te beselskipjen, mar De Grutsk beweart dat er dêr krekt west hat. Hy teart syn jûnsjas iepen en toant har syn skjin en glinsterjend liif. It liket wol oft de frou wer wat hope krijt nei dit ekshibisjonisme fan de Grutsk, want se reest nei de dûs.
As se weromkomt freget De Grutsk it frommes op en del te rinnen yn de keamer. Hy sit no yn de platte stoel en fergeliket syn oantinzen fan eartiids mei it stal fan it frommes yn de keamer. It kloppet aardich. Dan wiist er nei de tafel dêr't de pannen, it ark, de wyn en de kearsen al in pear dagen wachtsje. Hy seit dat se as in kleanmakster op de tafel sitte moat. Lyk foar him oer op it oare ein. De frou laket. Se seit dat er har foar it lapke hâldt. Mar De Grutsk leit har út, dat sij doe, eartiids, grut wie en hy noch tige lyts. Dy ferhâldingen moatte fansels wer werombrocht wurde. As sij op de tafel sit wurdt hy nammeste lytser op de stoel oan de oare kant.
De frou knikt. Se wiist op de grutte skaal op it ein fan de tafel, en se freget oft se dêre yn sitte moat. De Grutsk seit ja en fertelt dat der in sacht hândoekje yn leit oer in lyts kessentsje. Se sil fêst gjin hurde kont krije. De frou laket op 'e nij. Se strykt oer har liif, oer har billen, oer har boarsten en oer har kont. Se wriuwt har nippels wat omheech en se seit dat se it eins wol spannend fynt. It is wer ris wat oars. De measten stekke de kul daalk yn it gat, en hupsakee, klear is De Dêk. Se hâldt wol fan wat nijs. Dan klimt se op de tafel en giet yn de grutte panne sitten. It past presys.
De Grutsk skinkt himsels in glês wyn yn en sjocht dan nei de frou. Se sit prachtich. Se hat de hannen op de knibbels en stoareaget rjocht foar har út as in yogy yn trâns. De Grutsk stekt in finger yn de wyn, en stekt him tusken syn lippen. Hy sobbet syn finger skjin. Dan sjocht er de frou oan. Har eagen moetsje elkoar. Se knikt nei him. Se freget oft it lekker is, en oft er sa in goed sicht op har hat.
De Grutsk befêstiget har fraach. Hy freget har om harsels even mei twa fingers te fingerjen, dan smakket de wyn noch de helte better, en boppedat wol er witte hoe't De juf Annach har stjerren yn de kaleidoskoop oprôp. Hoe't har liif trille, en hoe't har eagen nei binnen draaiden. Dat geheim hie se him ommers noait ferteld, ek noait sjen litten. Hy wie noch te lyts.
De Grutsk docht syn finger wer yn de wyn. De frou stekt twa fingers