Haadstik 27
Tsien graden út it lead
In lyts briefke mar skriuwt De Grutsk oan De Frou út de binnenstêd. As antwurd op har berjocht dat se it wykein beset is. In âld-neuker út it bûtenlân is yn de stêd.
It antwurd fan De Grutsk is: ‘Freegje him oft yn syn tiid de rjochtertyt ek al lytser wie as de lofter, en oft dy lofter doe ek al tsien graden mear nei bûten stie as de rjochter; mei groetnis fan de kul dy't jankt, De Grutsk.
P.S. Dat janken jout goudene triennen dy't opheind wurde yn de sûkerpôt fan ús beppe; se wurde bewarre, sadat se troch dy brûkt wurde kinne yn de vjeu dysto ea wer ris drinke silst, span de spieren! De G., Roekenêst, Bûtenstêd.’