geilheid. It sil wol sa wêze, mar op dat fakgebiet bin ik in leek, in oprjochte amateur. Ast der mear oer witte wolst moatst De Gab yn De Drak opsykje. Dat is in dûmpsyk en dy sloait der wat by.
Dit ferhaal is gjin ferslach sasto begrypst, mar in nije wrâld yn wurden. Is it fiksje? Ik soe it net witte. Is it literatuer? Ek dat wit ik net. Mar ek dat kin my op dit stuit yn earste oanlis gjin soademiter skele. Porno, seisto? Nee, myn bêste, porno bestiet allinne yn de koppen fan betize droechneukers dy"t har ôflûke en klearfingerje ûnder it lêzen fan in tekst of it besjen fan in foto. De tekst sels is ûnskuldich, sa't ek it wurd porno dat is. Kin dat by dizze tekst silst my miskien freegje? Ek dat wit ik net, en ik hoech dat net te witten. Ik soe sizze, besykje it, en dan hast tagelyk in oanwizing oer de hichte fan dyn eigen betizing op it mêd fan de droechneukerij.
Do silst begripe dat dit net myn earste doel is, ik bedoel, om minsken in resept te jaan dêr't se harsels mei bleadizze kinne. Teksten, en dy yn de literatuer yn 't bysûnder, hawwe dêr gjin boadskip oan. De besprekkers, seisto? Och, sa fier is it noch lang net. De roman sit no noch stevich yn myn holle, mar hy begjint wat langer wat mear op te spyljen. Letter sjogge wy wol wer. It besprekken fan dizze roman sil ek altiten wat sizze oer de besprekker sels. Negatyf of posityf, oer syn geilheid en oer syn geldens. Ik soe sizze, lês en werlês. Ik tidigje op dyn kommentaar.
Bûtenstêd-Grutstêd, mei groetnis, De Grutsk.