rjochtspraak smite lit. Pearske dong, hy kin it sa njonkelytsen wol skite. En út en troch docht er it ek.
Ien fan de leden fan de rjochtbank wol dan witte oft de fertochte - dat is De Grutsk dus - it iens is mei de stelling fan de tsjinpartij, dat it seksuele libben en de erotyk yn dit houlik-op-springen goed ta tige goed wiene, en dat it dêrom dochs wol opmerklik neamd wurde kin dat de fertochte frij baan, sterker, eins gjin sint betelje wol oan de tsjinpartij dy't njonken de materiële achterútgong ek noch it immateriële ferlies fan in lokkich sekslibben ferwurkje moat. Allinne dat al moat neffens de pearske adfokate fan de tsjinpartij rom betelle wurde. Neuken kostet jild, en lokkich neuken kostet yn dizze maatskippij noch folle mear.
De Grutsk snúft. De rjochter teart de wynbrauwen omheech en sjocht freegjend. De Roomske adfokaat fan De Grutsk knikt gerêststellend yn syn rjochting. Mei oare wurden, bliuw kalm, ik waskje dizze kul fol âld sperma wol even skjin. En dat docht er, as hie er yn 't foar syn eks útprebearre op de skaafbank yn syn timmerwinkel.
Syn adfokaat leit út dat it fleislik libben fan syn klant, yn it ferline, as iendiminsjonaal omskreaun wurde kin. Men kin ek sizze dat it in metropiip mei ienrjochtingsferkear wie. Yn eardere tiden soe allinne dit al in reden west hawwe om de dielen fan it span yn tsjinoerstelde rjochting te stjoeren. Krekt dat net-libben tusken kul en kut is ien fan de beweechredenen om der in streek achter te setten. Men kin yn gemoede net ferwachtsje dat syn klant oant yn de ivichheid it gefoel hawwe sil, dat er syn kul allinne mar yn in stik fleis stekt, dêr't gjin inkelde reaksje op folget.
De tsjinpartij brûkt har geslachtsdiel, lit ús sizze it startpunt fan de wrâld, allinne mar as sjantaazjemiddel en slút de boel as der straft wurde moat. Se soe der goud mei fertsjinje kinne, want op feesten is se net te beroerd om mids tsientallen feestgongers in stikmannich bollen út te noegjen harren kul yn har liif te stekken. It sil sa njonkelytsen wol dúdlik wêze dat dit saneamde hillige ferbûn al lang ferbrutsen is. Syn adfokaat oerhandiget dan in pear bewizen fan manlju dy't op wat feesten harren kul tusken de skonken fan de eks jage hawwe.
De Grutsk knikt. Knikt nochris en sjocht yn gedachten dy kullen yn de reet fan syn eks ferdwinen, dy't oer de bekling fan in bank teard wie mei de kont omheech sa't deade hazzen oer de stekken hongen. By dy