Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 98]
| |
trochnimme fan in petear mei syn psyk. Dy is wakker benijd nei de opset fan de séânse mei it earste frommes. Mar mei't er de earste rigels lêst sjocht er De Jelk oer it skerm rinnen. Ferdeald, dat is ek in aardich ferhaal foar De Psyk. De man wit ommers neat fan doarpen, en it is in aardige yllústraasje fan it libben dêre yn sa'n doarp. De Grutsk nimt in pinne en in stik papier. It is miskien ek wol geskikt foar dy skriuwer, dan hat er alfêst wat om op om te stammerjen en syn ûnthâld op te skerpjen. Dy skriuwer wie der neffens De Grutsk ek by doe't dat mei De Jelk barde. Op 'e merke achter it skerm rint De Jelk mei in bôge om de draaimûne hinne. Mar yn it ferhaal dat him yn 't ûnthâld sjit giet it justjes oars, want dêre wurdt De Jelk sels in soarte fan hoepel. In fleizen hoep dy't libbet as in slang. De Jelk poppe altiten wat om mei autootsjes en lytse soldaatsjes. Oeral dêr't De Jelk tahâlde boarte er mei dy autootsjes. Syn lippen en mûle wiene spliterich fan de flibe dy't him ta de bek útfleach as er oan it brrrbrrrrbrrr-en wie. De Jelk sliepte mei syn autootsjes sa't oaren in bearke of in popke mei op bêd namen. De Jelk stie oeren mei grutte eagen nei de draaimûne te sjen, want tusken de hynders en de kij stiene ek twa auto's. Hy hie al in pear kear yn sa'n auto sitten en al brrrbrrrbrrr-end yn it rûn flein. Mar lykas elk hie ek De Jelk net de bûsen fol dûbeltsjes of kwartsjes. Moarns mei it matinee, as de grutten sopen en dûnsen, draaide de draaimûne in pear oeren achterelkoar. In kertier fergees, en dan wer in kertier betelje. De Loet kaam op it idee en sammelje jild yn foar De Jelk, omdat er sa fan autootsjes hâlde. It like al wat frjemd, want De Loet hits him meastens net sa'n soad fan in oar oan. Mar hawar, elk gunde De Jelk syn rûntsjes. Dy gobjende kop moast mar mei gauwens yn de draaimûne. Mei in goed tritich loopkes foar de boech klom De Jelk yn ien fan de autootsjes. Hy glom helendal, en syn brrbrrrbrrr-en kaam sels boppe it lûd fan it oargel út. Syn hannen omklammen it stjoer en hy die oft er oan it riden wie. Nei lofts en rjochts, wylst de auto allinne mar nei lofts gong. Mar dat makke foar De Jelk neat út. Nei tsien rûntsjes waard De Jelk wat bleek. Hy woe útstappe, mar De Loet stie der deun by en bearde omraak dat er godferdomme sa'n | |
[pagina 99]
| |
geskink fan al dy oaren, dy't har ritsjes slûpe lieten foar him, net samar fuortsmite koe. Der wiene in tritich ritten foar him betelle, en dus moast der draaid wurde. Libben of dea, dat makke gjin reet út. De Loet gong sels achter de auto stean en hâlde De Jelk yn 'e rekken. Yntusken rûn De Jent nei de sydkant fan de draaimûne en sette dêre in hendeltsje fêst. Doe gong er yn petear mei de baas fan de draaimûne. Nei fyftjin rûntsjes âle De Jelk as in jarjende De Jar en siingere sa bleek as sûpe yn syn autootsje hin en wer. It like ek wol wat op it stasjonêr rinnen fan ien fan de frachtweinen fan De Wal as dy sa út en troch op it gaspedaal treau. Jankend-razen of razend-janken. It wie fan beide itselde. Fiif loopkes letter raasde De Jelk om syn mem. Hy hong oan de rjochterkant fan de auto, heal oer de doar, en syn mûle stie iepen. Nei in setsje begûn De Jelk te kotsen as in ielreager. Syn holle skeat by elke kotsgjalp in stik omheech sa't De Hes dat die as er oan it fertellen wie. Dat hearde by De Hes, omdat er sa berne wie. By De Jelk wie dit folslein nij. Sprútsjes, ierpels en sûpengrottenbrij fleagen oer de râne fan de draaimûne. De Loet wie al útstapt. Dy woe de rotsoai fansels net oer him hinne hawwe. Doe't De Jelk leechkotst wie foel er oer de side fan de auto. Hy lei as in dweil oer de doar. De Jent luts de hendel fierder nei ûnderen, en nei in setsje remme de draaimûne ôf. Stadich. Allinne it draaioargel spile troch. Op in bultsje stiene se allegearre nei De Jelk te sjen oant De Fûgel, de mem fan De Jelk , der oankaam. Se flokte en raasde doe't se op De Jelk tastode. As hie se it rûkt en werkende se de kots dy't út De Jelk flein wie. De Fûgel tilde De Jelk út de auto en lei him yn it gers. Se raasde dat De Jelk dea wie. Mar dat foel gelokkich wat ta, want doe't De Jent in ammerke wetter oer him útgeat die De Jelk ynienen de eagen iepen. Dêrnei de mûle. De Fûgel lei der op knibbels by. Se frege him hoe't it kommen wie, en wa't it dien hie. It earste wat De Jelk sei wie brrrbbrrbrrr, en tagelyk fleach de lêste kots út syn mûle. Syn mem streekrjocht foar de kop. |
|