Haadstik 23
It lichem yn de geast
De Grutsk sjocht mei niget nei de merken op de fideo. Yn Snyp en al de doarpen der om hinne. Draaimûnen, sweven, sjittinten, oaljebalkreammen en soms in slajut op 'e harsens. It liket juster, it is jierren lyn. It libbet, want it beweecht, mar immen dy't der noait west hat sjocht allinne mar rinnende, dravende, âljende en laitsjende minsken. Guon binne sa dronken as in kat dft út in draaiende sintrifúzje slingere wurdt.
Op 'e merke wurdt lake, wurdt wille makke. Op 'e merke ferjitte de minsken dat it libben meastens gjin merke is. In pear dagen is de merke it libben. De merke bestiet troch himsels, en hat yn de ivichheid gjin neitinken.
De merke sit yn it ûnthâld, is eins it ûnthâld sels, want it liket op in gebou, op in plak dêr't dat gebou stiet. Mei doarren, mei finsters,