Haadstik 22
Se skriuwe mar raak
De bylden giselje De Grutsk troch de kop. Hy kit op it matras mei de sinnebril op 'e holle. Op syn earen hat er in koptelefoan setten, want hy wol net steurd wurde troch it geraas njonken him of troch oare lûden yn de flet.
Wat der fannemoarn bard is wol er as it heal kin op 'e nij hearre en sjen. As in film, as in stik teater hast, want dêr begjint it sa stadichoan op te lykjen.
Op adfys fan syn psyk hat er de skonken wat spraat (‘hâld it geslacht altiten fleksibel en frij as Jo neitinke,’ sei de man okkerdeis). Hy sykhellet troch de noas. Ek dat skynt wichtich te wêzen as jo jo ûntspanne wolle. En dat moat er, want oars is er by steat en smyt alles oer it balkon. It is by de beesten ôf. In swakkere geast en lichem as hy soe sûnder mankearen achter de rotsoai oanspringe. Ek rjochtbanken bringe hjoed de dei minsken ta de ultime died. As it sa trochgiet is dit lân yn tsien jier in fjirde part fan syn ynwenners kwyt. Oer eutanasy hoecht gjin hûn him mear drok te meitsjen, want de rjochters helpe sels mar al te graach.
Der moat in rekest nei de Rie fan Europa, nei de minskerjochtenorganisaasje en miskien ek wol nei Amnesty, want dit soart fan martelpraktiken - it gnidzjen oant de dea der op folget - moat nedich oer it fuotljocht brocht wurde.
De Grutsk skrabet de keel en spuit in grouwenien tsjin it rút oan. It makket romte. No kin er der tagelyk ek noch by prate, by de film yn syn kop. De Grutsk drukt op it knopke fan it bânapparaat, sadat er letter neiharkje kin, wat er sein hat. Soms fleane him de wurden sa fluch út de mûle, dat er letter mei gjin mooglikheid werkenne kin wat er allegearre sein hat. Mar it moat fêstlein wurde. Foar dy psyk, en fansels ek foar dy skriuwer dy't alles fan him witte wol. Dy lêste sil er moai op in dwaalspoar sette.
It soe dochs al te idioat wêze, dat dy fint mei syn ferhalen op 'e rin giet. Dy psyk moat er trouwens ek yn de smizen hâlde, want dy wol ek skriuwe. Elke gek skriuwt mar hjoed de dei. Har lege libben wolle se wat opfolje mei de libbens fan in oar. Sels neat betinke kinne, sels noait