earlik, it wie ommers net lykweardich. Sij kaam him oer it mat mei't er nei har seach. It like wol oft er geheimsinnich die en om in hoekje kipe, sa't De Kes altiten om in hoekje stie te gnuven en dan ynienen in healfolle pispôt oer har hinne gisele. Dy dweil, dy drankmiger. As De Kes soks die hiene se de hel yn, no fielde er him ferlegen en ûnhandich. Mar ynienen feroare dy gedachte, want dêr't gjin eagen bestiene dêr koe dy oare ek gjin oardiel hawwe. Ofkarren en goedkarren wiene foar dizze frou ûnbekende begripen. Hy koe dus gewoan himsels wêze. De mûle fan de frou soe heechút wat sizze kinne, mar dan allinne op grûn fan wat se oanfielde, hearde en rûkte. Dan soe 't ek mar it bêste wêze om helendal himsels te bliuwen. Mar de frou prate net. Op 'e keper besjoen bestie der gjin inkeld gefaar. De Lytsk sykhelle ferromme.
De eagen fan De Lytsk foelen op de teannen fan de iene bleate foet. Oan dy teannen sieten gjin neils. Se eindigen lykas by dy iene hân yn puntige spikers. Glêdslipe en tige skerp. De frou like tige gefaarlik.
No't er fêststeld hie, dat se net yn 'e rekken krije soe dat er har opnaam liet er syn eagen helendal frij oer har hinne glydzje. Eins bestie se allinne mar út in mûle, út skerpe neils oan de teannen en de fingers en út twa boarsten. Dêr't de fingers en de teannen tige gefaarlik liken, dêr kamen de boarsten waarm op him ta. Dy punten moast men gewoan om hinne sile sa't ek by it krúsbeisykjen barde mei de skerpe stikels oan de tûken.
De mûle ferweegde net, en dochs hearde De Lytsk in stim. Ientoanich, mar wol dúdlik. De frou prate bûten har mûle om. Hy ferstie it net goed, en miskien brûkte se ek wol in foar him ûnbekende taal. De Lytsk stuts syn hân nei foaren en rekke har oan. Har hûd fielde waarm. Doe krûpte de frou nei him ta en streake mei har iene hân oer syn earmen en oer syn gesicht. Se gong tsjin him oan lizzen. Har fel gloeide as in elektrysk kacheltsje. Even miende De Lytsk dat se De juf Annach wie dy't er dy middei oanrekke hie, omdat sij dat perfoarst woe. De Lytsk woe wat tsjin de frou sizze, mar syn mûle siet op slot. Hy frege him ôf wat de frou no eins woe. Se rekke him oan, hy waard ferwaarme troch har gleone hûd, mar fierder barde der eins neat.
De Lytsk seach de frou op 'e nij oan, fansiden, nei har wynbrauwen dy't de mûle noch skerper nei foaren brochten, nei har hier dat prachtich krolle, nei har lippen dy't om de mûle hinne teard wiene. Dêrtroch