| |
Haadstik 18
Skriuwe op har sêfte billen
It famke De Jodsk stie foar ivich fêstlein yn syn holle. Foar De Lytsk kaam dit dreamfamke nachts foar 't ljocht, as wie se sa út in printeboek mei moaie ôfbyldingen stapt.
Doe't er it spultsje fan de dreamkikkerts en de opblaaskikkerts wer foar him seach foel him it grutte ferskil op tusken De Jodsk en al dy oaren. Lykas De Fronk en De Runs. Neffens him hie De Jodsk noait kikkerts opblaze kinnen, om oer kapotsjitten mar net te praten. Miskien hie se wol op dy oaren ôfflein as se der by west hie. De Jodsk siet yn syn holle en se soe dêr ek noait wer ferdwine. Hy seach har soms rinnen wylst it in oarenien wie. Syn holle tovere oare fammen om yn De Jodsk, en dat hie de Lytsk noch net sa meimakke.
De Jodsk kaam ynienen yn it doarp, en se ferskynde ek fan de iene op de oare dei op skoalle. It wie krekt nei de oarloch. Miskien wat letter. Mar op in stuit stie se flak foar him of net fier fan him ôf. Op 'e buorren, op it skoalplein of yn de skoalle. De Lytsk skrok derfan. De measte plaatsjes bleauwen plaatsjes. Dit plaatsje libbe en prate en lake. Foaral dat lêste. Alles lake oan har, it wie hast net te kauwen. Se lake soms sûnder lûd, mar meastens lake se mei lûd. Dat lûd betsjutte foar De
| |
| |
Lytsk muzyk. Hy koe der wol oeren nei harkje. Dêrby fergelike wie de radio in blikken trommeltsje mei keunstmjittige lûden. Nee, De Jodsk foarme foar him in libjend muzykynstrumint.
Daalk fielde er dat De Jodsk oars wie, dat der út har gesicht elektryske strielen kamen dy't waarm oanfielden. Se kaam út it westen, seine se op 'e buorren. Neffens guon dy't alles altiten presys wisten moast se oansterkje, en dat koe no ienkear it bêste op it plattelân dêr't de molke foar it opboarnen wie. Eins fûn de Lytsk it wat nuver, want se seach der helendal net sa úttard út. Neffens De Lytsk wie der wat oars oan de hân, want de measte bonkerakken hiene yn of daalk nei de oarloch op Snyp útfanhûze.
Guon minsken bewearden dat se ûnderdûkster west hie, en letter yn in kamp opsletten wie, omdat se har net leauden. Wat der ek allegearre wier fan wie, it like net echt wichtich. De Jodsk brocht nij libben yn it doarp. Op redens mei tsjiltsjes draaide se rûntsjes op it skoalplein. Dat hie De Lytsk noch noait sjoen. Hy stie der mei iepen mûle nei te sjen. Op de tegels fan it skoalplein liet se allegearre keunstige figueren sjen. Rûntsjes draaie, achterútride en op ien skonk troch de bochten giselje. Sels neamde De Jodsk it keunstriden, en soms ek wol ballet op redens. Beide wurden hiene foar De Lytsk gjin betsjutting, alles wie folslein nij. Hy fûn it spannend en foaral prachtich. Se like op in fûgel dy't oer it wetter fleach, of op in hazze dy't mei grutte sprongen troch de greiden skeat en oer de breedste tochten sprong.
Fansels, hy wist foar de deale wol wat riden wie. Dat die er ommers sels yn de winter. Mar dat it riden op lytse tsjiltsjes ek sa neamd waard wie helendal nij foar him. Mei ûntsach en bewûndering stie er te sjen. It wie yn ien wurd prachtich. Sa't in leep troch de loft skeat, sa skeat sij oer de tegels. De Lytsk waard der waarm fan, en der barde wat yn syn liif en holle, dat er nea earder field hie. It wie mear as sjen allinne, hy genoat der fan, hy waard der heel stil fan en hy fergeat alles om him hinne. Soms sels dat de klok al slein hie en dat er ite moast.
De Jodsk ferskynde yn it begjin fan de simmer yn it doarp. Se kaam by syn buorlju yn 'e hûs. Dy neamden har in pleechdochter. De Jodsk wie sa likernôch fan deselde leeftiid as de âldste dochter fan de buorlju, fjirtjin of hast fyftjin jier. Dy eigen dochter siet yn de sânde klasse, mar De Jodsk kaam yn de fyfde. Dat fûn De Lytsk eins frjemd, want se
| |
| |
hearde by de âldsten dy't allegearre yn de sânde en achtste klasse sieten. Dêr sieten alle grutte fammen lykas De Durs, De Fronk, De Runs, De Dons en noch folle mear. Ek jonges. Dy sliepten oerdeis wol yn har bank, omdat se moarns ier en betiid al molken hiene. As de âldste fammen hantwurkje moasten mocht De Jodsk ek mei nei it oare lokaal fan De juf Annach. Dy learde de fammen it hantwurkjen.
Yn dy oerkes hantwurkjen moasten de jonges út de twadde en tredde klasse rekkenje. In soad hiene der in hekel oan, mar De Lytsk fûn it net sa slim, want dan wiene dy grutte fammen heel tichtby en hie er moai tiid om har te besjen. Yn syn eigen wrâldsje koe er se net, sadat it foar him folslein nij en oars wie. Dy fammen praten oars as jonges, se brûkten de hannen en de earmen ek op in oare wize. It wichtichste ferskil wie dat se oars rûkten. Miskien kaam it wol troch it hier en de klean, en soms hie it ek neat mei rûken te krijen, mar hy koe it net oars omskriuwe. De dagen dat der hantwurke wurde moast feroare de skoalle foar De Lytsk yn in feesttinte.
De Lytsk soarge der foar dat er syn siferopdrachten altiten gau klear hie, want dan mocht er lêze. Dat wie op himsels al prachtich, mar ûnder dat lêzen hie er ek moai tiid om stikem nei dy fammen te sjen. Foar syn gefoel koe er wol oeren nei De Jodsk sjen. No wie hy wat dat oanbelanget net de iennichste, want elkenien liet it each op De Jodsk falle. Op skoalle, yn it doarp en fêst ek yn oare plakken as se mei har pleechheit by de doarren lâns gong. Yn it lokaal hie De Lytsk in bytsje it idee dat hy de iennige wie dy't har besjen koe. Dêr like se in bytsje fan him.
De Jodsk frege der net om dat se har opnamen en har behannelen as in keningkeatser. Mar dat diene de lju sels. It like wol oft se har oars fûnen, dat se apart wie en dêrtroch better. Tusken alle blauwwite ljippen waard sij yn it begjin behannele as in witenien dêr't men sunich op wêze moast. Mei't se yn it doarp kaam feroare der wat, der waaide in oare wyn troch de buorren. Net De Jodsk feroare alles, omdat se dat miskien woe en eins fan doel wie, mar it barde mei't se dêr omrûn. It hie te krijen mei de sfear, it gedrach en de hâlding fan de minsken. De Jodsk boarre djip achter de eagen gebieten oan by de lju dy't meastens net bedjippe waarden of oanrekke. Miskien krigen se ek troch dat der bûten it doarp ek noch minsken wennen dy't de saken op in oare wize
| |
| |
oanpakten. De grutte fammen apen De Jodsk nei. Guon lutsen oare klean oan. In inkeldenien begûn sels frjemd te praten. Bryk, sis mar.
De Jodsk spruts in oare taal. Dy taal ferstiene de lju wol, mar se brûkten har noait. Allinne sa út en troch yn skoalle, want dêr wie de eigen taal ferbean, en fêst ek op snein yn de tsjerke. Dat hearde De Lytsk fan in pear maten dy't dêr hinne moasten. De measte minsken wiene net sa handich yn it brûken fan dy oare taal. It wie de taal fan de krante, de boeken en de radio. As guon dy taal praten betsjutte dat eins in oanslach op harsels, en sokken waarden dan ek omskreaun as eigenwiis en ophakkerich.
De Jodsk brûkte yn it begjin allinne dy frjemde taal fan de radio of fan de distribúsje. De Lytsk fûn dat se heel fluch prate, mar miskien like dat ek allinne mar sa. Ek dêrtroch krige De Jodsk wat aparts oer har. Op skoalle waard altiten sein, dat dy taal fan De Jodsk heel belangryk wie. As men dy taal op in stuit goed yn 'e macht hie, dan soe 't dêrnei allegearre wol fan in lijen dakje gean. No, dat leauden de measten graach, want De Jodsk wie ommers it libjende foarbyld. As De Jodsk sa wurden wie troch dy taal, dan moast soks wol heel wichtich wêze. Guon folgen har dan ek slaafsk.
Wat De Jodsk die wie prachtich. Wat De Jodsk sei koe allinne mar de wierheid wêze. Ek de klean fan De Jodsk seagen der oars út, en dus fûnen de fammen har eigen klean âlderwetsk en achterhelle. Guon memmen ferflokten de dei dat De Jodsk op 'e buorren kommen wie.
Yn De Jodsk krige it doarp in eksoatyske blom sa't der noch net earder ien troch de buorren fytst hie. Foar De Lytsk bestie dêroer gjin twifel. Sij wie de wûnderlikste faam dy't er ea sjoen hie. Doe't De Jodsk nei ferrin fan in pear moannen ek de taal fan it doarp prate fûn er har helendal skitterjend. Sa't sij de doarpstaal spruts makke dy taal hast sjongsum. As wie har praten sjongen wurden. Foaral de wurden mei de R kamen djip út har keel. Miskien sels wol út har liif. Sa klonk it alteast. Sokke wurden wiene heel lang ûnderweis, en as se út har mûle flûpten koest se hast sjen as wiene it reekrûntsjes dy't omheech skeaten. De Lytsk besocht wolris om sokke wurden nei te bauwen, mar hy koe it mei gjin mooglikheid foar 't ferstân krije. Syn tonge woe de R net in skoftke bewarje, dy skeat daalk nei bûten. De Lytsk betocht allegearre koarte sintsjes mei safolle mooglik wurden dy't ien of mear R-letters
| |
| |
hiene. Dy skreau er op, en dy woe er har eins foarlêze litte. Mar dêr kaam noait wat fan telâne. Hy doarde it net heal te freegjen. It iennige dêr't er nei útsjen koe wie it hantwurkjen, mei de hoop dat De Jodsk mar in soad freegje soe oan de juffer, sadat de R-wurden fansels foar 't ljocht komme soene. Yn De Jodsk har eigen taal klonken de R-wurden ek tige apart en foaral waarm.
Siferje koe De Lytsk as de bêste, mar it moaiskriuwen wie in grutte ramp. Se skreaunen mei in kroantsjepinne dy't er fakentiids te fûl yn it papier drukte. It guodkeape oarlochspapier wie neat wurdich, en hy stuts der sadwaande gauris dwerstrochhinne. In pear kear rekke de pinne fêst yn de houten bank, en hy hie ek al twa kear troch it inktpotsje stutsen. Dat potsje wie net djip genôch of der siet temin inkt yn, ien fan twaen, mar it betsjutte wol dat de skriften en de boekjes yn it fak ûnder de inkt sieten. De Lytsk hate it moaiskriuwen. Wat stadiger en krekter er wurke, wat mâler it gong. It like wol oft syn fingers hin en wer wapperen.
Faak sprongen him de triennen yn de eagen. Elke moandeitejûn siet er al mei ôfgriis te tinken oan de tiisdeitemiddei dêr't dat moaiskriuwen plak fine soe. Wol hast in oere lang. Nachts fleagen him de kapotte pinnen, de flekspinnen en de lekkende inktpotten troch de holle. Hy begreep net dat er it net oprêde koe. Oaren dy't helendal net siferje koene, of amper lêze, skreaunen yn guon gefallen noch better as De juf Annach. De Lytsk fûn dat er swier misdield wie. Sels De Onsk mei syn rûkersguodkop koe it better.
De juf Annach krige op in stuit yn 'e rekken, dat er in ôfgryslike hekel oan it skriuwen hie. Doe skode se oan de lofterkant by him yn de bank, en hâlde mei har rjochterearm om him hinne syn hân fêst. Dy hân feroare op itselde stuit yn in folwoeksen hân. De Lytsk stie ferbjustere. De prachtichste letters ferskynden op it papier, as wie it printe. Wylst se sa oan it skriuwen wiene luts De juf Annach him heel stiif tsjin har rjochterskonk oan. Dêrtroch krige har earm mear romte om mei syn hân te skriuwen. De Lytsk fielde de waarme bûtenkant fan har boppeskonk. It wie ek lekker sacht.
De Lytsk libbe helendal op. Hy lies net iens wat se tegearre op it papier tekenden. Hy stoareage strak en stiif nei de moaie lange fingers fan De juf Annach. De wiisfinger wie in bytsje brún. Dat hiene de measten
| |
| |
dy't sigaretten smookten. Hy koe de tabak rûke. In bytsje skerp. Mar foar him feroare dy tabakslucht op dat stuit yn de swiete rook fan rûkersguod. Net dat spul dat De Onsk oer him hinne krige, mar it rûkersguod dat syn mem wolris brûkte as se nei har suster gong. It kaam út in heel lyts fleske. Ek de neils fan De juf Annach fûn De Lytsk prachtich. Dy neils hie De juf Annach read ferve. Utsein De Jodsk koe er gjin frou dy't dat die. Lange readferve neils, it liken hast blommen. Twa hannen mei tsien blommen yn in skitterjende reade kleur. De Lytsk genoat der fan. Nei in pear wiken seach er net mear as in berch op tsjin dy tiisdeitemiddeis, en by eintsjebeslút fûn er it spitich dat der mar ien tiisdei yn in wike siet.
In pear moannen nei't De Jodsk op skoalle kaam skode De juf Annach wer by him yn de bank. Se wifele even en lei doe syn linkerearm en - hân op har bil. Dy fielde noch sachter en waarmer as oars. Dy lofterearm fan De Lytsk wie allinne mar lêstich by it skriuwen, en op sa'n wize koe se him ek noch tichter tsjin har oandrukke. Alle dagen fan de wike nei dy tiisdei fielde er de waarmte fan dy bleate skonk yn syn lofterhân. Hy bewarre it yn syn hân, en hy mijde de kraan in pear dagen, want it wetter wie by steat en spiel it gefoel troch de goatstien. De waarmte fan De juf Annach har skonk like helendal net op syn eigen waarmte. En dat hie er eins net ferwachte, want hy tocht dat alle minsken op deselde wize oanfielden.
Nachts struts er oer syn eigen skonken, sadat de waarmte fan De juf Annach in bytsje werom kaam. Dan fielde er de lytse kûltsjes, de hierkes en de hurde stikjes fel op 'e nij. Se sieten ommers yn syn hân. Dy like wol in batterij fol mei waarmte en elektrisiteit. Dat gefoel rekke er net wer kwyt, en heel faak moast er tinke hoe't De juf Annach syn hân mei har hân oer har bil strike liet. Eins fûn er har hûd sachter as it feltsje fan de poes dy't thús omrûn.
De Lytsk rekke der in bytsje fan yn 'e tiis, want al gau krige er yn de rekken dat hy de iennige wie dêr't se op dy wize yn de bank sitten gong. Oaren holp se steande as de moaiskriuwerij op it roaster stie. Fansels, hy fielde him tige bliid, mar hy wie ek tagelyk deabenaud dat oaren sjen soene, dat se syn hân op har skonk lei. Eins woe er op deselde wize behannele wurde as dy oaren, útsein De Onsk fansels. Mar dat wie in apart gefal. Hy woe yn 'e goedichheid net dat er in juffers- | |
| |
popke wurde soe, want dat hiene se al ris meimakke by in oare juffer. It hie in famke west, en dy hie gjin libben hân op it skoalplein.
Eins woe De Lytsk as al dy oaren wêze. Mar hy wist ek, djip yn himsels, dat der in geheimke bestie tusken De juf Annach en him dêr't er mei oaren net oer prate moast. Ek thús net. Miskien bestiene der wol mear bern mei sokke ferburgen ferhaaltsjes yn de holle. Dat koe bêst. Wat der barde tusken De juf Annach en him feroare him yn in útsûndering yn de klasse, en dat moast geheim bliuwe. Hy woe it net, mar hy koe it ek net tsjinhâlde. As er it tsjin har sei woe se miskien helendal neat mear fan him witte. En dat woe er foar gjin goud. Dy bleate skonk siet helendal yn syn holle.
Mei't De Lytsk âlder waard krige er troch, dat de geheimen groeiden, en dat it ferstannich wie net alles op 'e bel te smiten. Men hie it minste lêst fan oaren as elkenien tocht, dat alle minsken gelyk wiene. En dat wie fansels ek sa. De Lytsk ûntduts twa wrâlden. Ien yn himsels dy't fan him wie, en ien bûten him dêr't elkenien oer beskikke koe. Dat like frjemd, mar neffens him siet it sa wol wat ynelkoar. It makke it libben yn elk gefal wat makliker, no't er dat troch hie.
De Lytsk krige sa njonkelytsen yn 'e rekken dat der ûnderfiningen bestiene dy't folslein nij op him ôf kamen. Hy krige troch dat der soms dingen barden dy't him opwûnen en dêr't er tagelyk fan yn 'e tiis rekke. Hy koe der eins mei gjin mins oer prate, want hy wie der net wis fan oft oare minsken deselde gedachten en gefoelens hiene. By it lêzen fan in ferhaal of in boek hie er ek wol aparte ûnderfiningen dy't er noch noait earder heard, sjoen of field hie, mar sa sterk as it no nei foaren kaam mei de skonk fan De juf Annach hie er noch net earder meimakke.
Doe't De Lytsk ien kear de waarmte fan de skonk fan De juf Annach ûntdutsen hie wie se net mear deselde frou. Bûten dy skonk moasten der fansels noch folle mear sachte en waarme plakjes op har lea te finen wêze. En net allinne op harres. As er in grutte faam tsjinkaam, of in frou lykas De juf Annach, seach er oeral fan dy waarme stikjes hûd. En no't De Jodsk yntusken yn de buorren omsprong like it wol oft it noch yngewikkelder wurden wie. Soms tocht er dat De Jodsk allinne mar út waarme en sachte stikjes bestie. Sels har tosken liken in wyt stikje fel. Mar ek har mûle en har eagen dy't neat te krijen hiene mei fel en hûd
| |
| |
strielen dy elektrisiteit op him ta. As se soms ris wat tsjin him sei koe er helendal neat sizze. Dan like er wol folslein ferlamme, en gappe en lake er mar wat. Se soe fêst tinke dat er in broer fan De Onsk wie. Dan rekke er lulk op himsels.
Jûns, as se tochten dat er op bêd lei, stie De Lytsk oeren foar it finster fan de kajút fan syn sliepkeammerke nei bûten te sjen. Foar it hûs fan de buorlju, op it hiem en de dyk, stiene De Jodsk en har pleechsuske mei de oare âldere fammen te laitsjen, te praten en te gibeljen. Se liken wol jonge hynderkes dy't krekt de greide yn kamen.
De Lytsk genoat doe't er stie te sjen nei De Jodsk dy't oan it toudûnsjen wie. Hy hearde har stim, hy seach har donkere krollen omheech springen, en mei't se delkaam op 'e grûn fleach har rôk noch omheech. Dan like se helendal op in lyts hynderke, en hy frege him ôf oft se ek sokke sachte billen hie as De juf Annach. Miskien wiene se noch wol sachter, miskien wol lykas dy fan De Ank dêr't er wolris oer hinne strutsen hie doe't se in kear mei him kaartsjes ynkleurje moast. De Ank fûn it net slim, want se sei dat er in waarme hân hie.
De Lytsk krige lêst fan syn skonken, want hy stie wat bryk, mar hy bleau stean. Syn holle wie fêst read, want dy fielde hyt. Sok moai dûnsjen hie er noch nea sjoen. Miskien lei it ek wol oan De Jodsk, want as de oare fammen dûnsen barden der noait sokke frjemde dingen yn syn holle. De Jodsk wie oars, mar miskien hie it ek wol mei de kikkerts te krijen dy't troch dy oare fammen opblaasd wiene en kapot sketten. Neffens De Lytsk soe De Jodsk soks noait dwaan. De Lytsk wist net presys wat de oarsaak wie, mar hy koe wol oeren foar it finster stean om te sjen nei dat springende famke.
Moarns besocht De Lytsk it sa út te finen, dat er tagelyk mei de Jodsk nei skoalle rinne koe. It mislearre fakernôch, omdat hy altiten in kertier foar de skoalbel nei skoalle stjoerd waard. Syn mem woe dat er op tiid kaam. Sij hie in hekel oan lju dy't te let kamen, en dêrtroch tocht se dat elk sa tocht. Mar dat wie fansels net sa. De Jodsk wie wat dat oanbelanget wol it grutste foarbyld. Se kaam meastens op it nipperke of te let, en de master sei der hast noait wat fan. As De Jodsk lake begûn de sinne te skinen, ek al kaam it reinwetter mei bakken út de loft.
De Jodsk krige noait strafwurk, se hoegde noait yn in hoeke te stean en fan neibliuwen nei skoaltiid hie se fêst noch nea heard. As De Jodsk
| |
| |
lake wie de oarloch foarby en like it wol fakânsje foar elk. It hie der wol fan oft De Jodsk befoarrjochte waard, mar net ien fûn dat slim. It hearde der sa't skynt by, en miskien kaam it ek wol mei't se eins in gast op skoalle wie, en op in dei wer ferdwine soe. Wa wit. Se wie oars, in bytsje apart, in bytsje bysûnder. Sels har namme hie nimmen earder heard. Sa'n namme bestie net yn Snyp, sels net op it tsjerkhôf, wylst dêr dochs hele aparte lju leine.
Soms slagge it De Lytsk en rin mei har nei skoalle. Hy besocht dy oare taal te praten, mar De Jodsk sei, dat se syn taal al aardich ferstean koe, en se woe sa gau mooglik besykje syn taal te brûken. Se woe der sa fluch mooglik by hearre. Dat fûn De Lytsk wol nijsgjirrich, mar oan de oare kant wie it ek in bytsje spitich, want dy frjemde taal woe hy eins wol sa gau mooglik leare.
De Lytsk frege De Jodsk hoe't se oan dy rôlredens kommen wie. Hy fûn se skitterjend. Se sei him ta dat er se wolris in kear brûke mocht as er heel foarsichtich wêze soe. Hy hearde it hast net iens, want hy hie allinne mar each foar har mûle, noas en eagen. En as er in wurd mei in R hearde raande er hast helendal. Se like wol in pratende pop, mar dan yn 't echt.
De Lytsk krige yn 'e rekken dat der minsken op 'e wrâld omrûnen dy't oars wiene as de measte lju yn it doarp, minsken dy't opwining joegen en nijsgjirrich makken. Hy lies wolris oer sokke lju as er frij lêze mocht, mar dat wiene altiten lju dy't yn in ferhaal sieten. Dat fûn er ek wol spannend en nij, mar De juf Annach en De Jodsk libben echt. Boppedat wennen se net fier fuort yn Dútslân, Noarwegen of Frankryk. Dizze twa koe er oanreitsje, en dat fielde er yn syn hannen en yn syn holle. Dat wie net allinne nij, mar it betsjutte ek dat alles om him hinne feroare. Sels it doarp waard oars, ek al moarden se noch safolle kikkerts út.
De Lytsk tocht dat er alles wist, foaral alles oer de minsken yn it doarp, en no die bliken dat it helendal net wier wie. Der bestie folle mear as wat er foar mooglik hâlden hie. Yn syn holle groeiden wat langer wat mear fragen. Koarte en lange, ienfâldige en yngewikkelde. Hy begûn sels oars te dreamen. It gong faker oer minsken, en minder oer de mearkelju út de boeken dy't him faak achternei sieten. Soms siet er midden yn de nacht rjochtop yn syn bêd. As er dan wekker waard hie
| |
| |
er it swit op 'e holle en wie syn kessen dweiltrochwiet. Dan wist er soms even net oft er wol echt bestie.
|
|