Hawar, De Grutsk hat it helder dellein yn de Stellingen.
Fierder leit der kommentaar op it prachtstik fan syn Roomske adfokaat, dat er brûke kin by syn ferdigening. Oan De Frou út de binnenstêd hat er skreaun, dat er sa njonkelytsen de skurft hat fan al dy kutsweagers en kulskoansusters dy't er dêr yn de wykeinen faak tsjinkomt. Yn dy brief hat er in diskusjenoata bysletten mei fiif haadpunten dêr't se it meikoarten ris oer ha moatte. It wichtichste punt dêryn is it Piggelmeesyndroom dat er al trochpraten hat mei syn psyk. De produksje hat dus heech west.
No sjocht er ferromme nei de opsierde tafel dêr't in âlde foto fan De juf Annach op stiet, twa itensboarden, twa glêzen, ien flesse wyn en sân kearsen. De earste hoer sil streekrjocht foar him oer sitte. It ritueel kin begjinne. De ferhalen kinne trochgean. It boek begjint te praten.