priis en preemje keatst sitte alle manlju om 'e touwen en op de banken. Dat is ek noch net earder bard. Meastens sitte se mei priis en preemje al lang by De Jet yn it kafee. De Jet is de kroechbaas. Hy hat in grut keatser west en syn medaljes hingje dan ek yn it kafee. Fan elke priis wit er noch presys de útslach en hokker maten er by him hie. Mar no sit De juf Annach mei de krânse as earste priis om yn de kroech. Ek dat hat de foarsitter fan de feriening noch noait meimakke by it priisútrikken. Guon raze dat de medalje fan De juf Annach yn de prizekast fan de feriening moat, want dit is in histoarysk barren op Snyp.
- Se hat de moaiste skonken fan heel Snyp, - seit De Bab dy't sels troud is mei in meager frommes út Dierking. Mar nimmen reagearret op De Bab, want se wolle allegearre De juf Annach felisitearje. Boppedat, se litte de Bab nei wat drank meastens mar wat eamelje, want dy is normaal al hast net te folgjen, lit stean as er drank yn 't liif hat.
De Grutsk sjocht him de eagen út de kop. Hy kin it hast net byhâlde, mar ynienen stroffelet syn pinne út himsels. Se binne oan it toulûken, en dêre slacht De Jouk in slach oer de kop. En wat sjocht er? Ferdomd as it net wier is, De Jouk hat spikers troch syn klompen slein, sadat er as in graniten peal op it fjild stiet. De Baarch dy't oan de oare kant hinget slacht ek oer de kop, omdat it tsjingewicht fuortfalt. Mar De Baarch sjocht de spikerklompen en fljocht op De Jouk ta. Se lit har mei har hele gewicht op him falle en dan slacht se De Jouk mei beide fûsten op syn harsens. Se raast ek wat, mar dat is net te ferstean troch de drokte en it lawaai.
Mar dan komt der immen út it publyk en dy begjint oan De Baarch te lûken. It is de frou fan De Jouk. Se is poerrazend en skuort De Baarch de klean hast fan 't liif. Dan komt De Fronk der ek noch by, even letter De Gats en nei in setsje de beide dochters fan de Jouk. Se fjochtsje as gekken. It is echt feest, de merke einiget sa't er altiten ophâldt.
Gjin mins út it publyk ferset in stap, se moatte it mar moai útfjochtsje. It heart ommers by de merke. Op in stuit rekket De Jouk los út de kleaune liven en set ôf mei de spikerklompen yn de hân. De omstanners fjurje en sjasje oan, klappe yn de hannen en raze en laitsje. It is in echt befrijingsfeest. Dit haww se yn jierren net sa meimakke. It liket krekt echt.
Letter skriuwt De Grutsk noch oeren troch. As er it dêrnei oerlêst fynt