de toer. Krekt no't er der op út moast is dy frekte lift kapot. Achtenfjirtich meter klimme, en ek noch mear treden as de Aldehou. Syn bealch is yndied sa wrak as in fyts fan de dwinger. Alles pipet en skrast, en de skarnieren kreakje as in klok dy't yn gjin hûndert jier smard is.
De Grutsk wit dat er fansels wer fierste fluch nei boppen klommen is. Hy is berne op in plat stik lân mei in iepen loft dêrboppe, en hy sil nea ferstân krije fan bergen en oare Objekten dy't de loft yn springe. Doe't er yn it ferline noch wol by bergen oprûn moasten se him ek steefêst healwei de rit oppompe mei farske soerstof.
- Jo moatte mige, - sei it frommes doe't er nei de earste wurden oer de oven har ferstuivere oanseach. - Jo moatte mige. - Ja, maklik sein fansels. - Jo sitte fol focht. Dy drank hâldt alles fêst. -
Ja, mige, mige, frekte maklik sein as jo oan de oare kant fan de tafel sitte. De kofje kaam him wol sa út en troch ta de earen út, mar mige, ho mar.
- Jo moatte liters wetter drinke deis, - sei se. - Liters en nochris liters, oant jo oerstreame en fêstklonken wurde oan it húske. Jo kinne ek ûnder de brûs stean gean, want wetter ropt oar wetter. Sûpe, dûse en mige, dat binne de saken dy't jo de kommende wiken dwaan moatte. -De Grutsk sjocht De Bard wer foar him. Se hat in nauwslutend read fluwielen pak oan, en dêroerhinne in wite boerekile. Hy sjocht in prachtige kop, en fjoerreade lippen. In libjend skilderij hast. Alles is hjir oars op dizze rûchskerne, sels de húsdokters.
Nei in heal oere hat er de siken wer ûnder kontrole. Wetter, ja. Ynienen sjocht er de heale liter jonge. As er dêr no in heale liter wetter by skinkt, dan skeelt dat al wer de helte. Hy kin op 't lêst net yn ien kear fan de flier op 'e souder. Yn dit gefal is it oarsom fansels, mar it beroerde is dat de taal noait mei de tiid en de ûntwikkelingen meirint. Wurdboeken besteane by definysje út skimmel en binne út soarte net skreaun foar lju dy't oan de drank binne. Hy skrikt. Oan de drank? Mar wa bepaalt de definysje yn dit gefal. Miskien dy fluwielen pôt? Hy moat de kop der wol by hâlde fansels. Dan skoddet er dyselde kop hin en wer. Der moat wat barre.