Haadstik 14
Rûkersguod
Ynienen wit De Grutsk hoe't it komt dat er de readfluwielen dokter daalk akseptearre. Se liket op syn earste hoer, op De juf Annach. Ferdomd as 't net wier is. Dy wie ek altiten rjocht foar de raap as De Onsk wer ris yn 'e broek miigd hie. Se draaide der noait om hinne, en foar de measten betsjutte dat ek de iennige wize om dúdlik te meitsjen wat der oan de hân wie. Koarte sintsjes mei wurden dy't se begrepen.
- Der hat wer immen ûnder de bank miigd, - sei se dan. Dêrnei snúfde se tige, naam in bûsdoek en snute de noas.
- De Lytsk helje it tobke út it turfhok en set dat ûnder de miger, want oars fersûpe wy hjir ek noch. -
Dan gniisde De Onsk. Hy wist fansels wol dat er sa lek wie as in tjems. Nei't syn mem him ien kear ferlern hie doe't se op 'e fyts nei hûs ried, yntusken lûd song en De Onsk yn in feartsje bedarre, sûnt dy tiid woe er blykber altiten wetter fiele. As it net foar hannen wie soarge er der sels wol foar.
De Lytsk sette it tobke ûnder de bank fan De Onsk, en yntusken kaam De Ank oanrinnen mei in fleske rûkersguod út de lessenaar fan De juf Annach. Dat geat se oer De Onsk hinne. Mear wie der ek net oan te dwaan. Ek de skoaldokter hie it net oplosse kinnen. De Onsk lekte. Net sa bot as De Jar, mar it stonk likegoed ferskriklik. Dy lucht fan dat mingsel fan miich en rûkersguod siet sûnt dy tiid foar ivich yn syn noas.
De Grutsk sjocht it wer foar syn eagen barren. Foaral De Ank makke der in foarstelling fan. Yn de iene hân hie se it fleske, dat se skean boppe De Onsk hâlde, en mei de oare hân knypte se har noas ticht. Se hâlde de holle wat achteroer, sadat har lange hier hin en wer wappere oer har rêch. Prachtich, as joech se de blommen wetter.
De Grutsk skrikt fan syn tinzen. Ferdoarje, hy moat oan it skriuwen, want oars rekket er alle ferhalen kwyt. Meastens komme se mar ien kear boppe driuwen. It is foar syn psyk trouwens ek wol aardich. Dy moat sa út en troch ek ris wat stoarjes en feiten hawwe út it ferline. Op sokke miichferhalen kikt er helendal. Dat hat De Grutsk al lang yn 'e smizen. No, dat is gjin probleem. Yn Snyp koest soksoarte fan spul eartiids