samar mis, en dan hast sels it stiel yn de bealch.
Hy hat sân nachten oefene op in beam, dêr't er mei wyt kryt in figuer op tekene hie, en no wit er eksakt hokker mooglikheden der besteane. Mei syn tomme rint er oer de skerpe kant fan it mes. Ik winskje mysels gelok. Ik haw myn haadpersoan fûn. Ien dy't nachts op beammen treent, dat is myn man. Sokken komst net sa'n bult tsjin. Boppedat, ik ken him noch wol wat. Dat makket it allegearre ek wat makliker. Neef en nicht neukt licht, sokssawat.
Letter, yn syn flet, lûkt er my daalk nei de tafel. Hy wiist op 'e muorre dêr't in stikje papier plakt is.
- Sjoch, de earste rigel fan it boek dêr't ik mei dwaande bin. Ik fyn it in moaie rigel. Fynst ek net? -
Ik lês de tekst oer de earmkes dy't de ik misrûn is, en ik skrik. Ferdomme, dat haw ik sels al ris betocht. Hoe is it yn de goedichheid mooglik. Ik moat De Grutsk yn 'e rekken hâlde, want oars meant er my ek noch it gers foar de motten wei. Ik haw noait heard, dat er dwaande is mei proaza. Fersen, ja, dat is bekend. Mar in roman?
- Ja, in aardige rigel. It kin minder. Ik miende datsto allinne mar fersen makkest. Yn it ferline. -
- Dy rigel, man, lês dy rigel, dat is dochs godferdomme it toppunt fan literatuer. Of net dan? Aardige rigel seit dy kloat. -
- No ja, fansels, it is in moaie rigel, in aardich begjin. Wêr hast him wei, hat immen it tsjin dy sein hjir yn dizze negorij? Of hast him earne lêzen?-
De Grutsk begjint te gnizen. Hy wiist om him hinne troch de finsters. Dan rint er nei de jeneverflesse op de tafel en jit twa romers fol. Oant de râne.
- Hjirre, earst mar ien op ús ûnferwachte moeting. Proast. Ja, wat sil ik sizze. Dy rigel, fregesto. Eins is it wol nijsgjirrich. In frommes hat it ris tsjin my sein doe't ik noch foarlies. Fersen en koarte proazafragminten. Witst wol, sa't ik earder wol in soad die. Op festivals, en yn kroegen. Ja, in aardich frommes oars wol. Mar dy rigel haw ik fansels wat estetysker makke, wat mear literatuer, sis mar. Literatuer komt de lju noch altiten net geef ta de bek út. Ja, ik bin dwaande mei in roman. It moat no mar ris wêze. Ik bin fansels noch net sa'n bult opsketten, mar ik haw him wol helendal yn 't kopke. De kwestje is, dat ik him der