beest oan ien poat bongelje. Hy hâlde him omheech, foar de sinne. De Loet knikte tefreden mei de holle. It koe allegearre fêst besjen lije yn syn eagen.
De Loet lei de kikkert tusken syn knibbels, knypte it pypke reid richt, sa likernôch in pear sintimeter boppe de kont fan de kikkert, en bruts it boppeste stik fan it reid. De útein plakte er ticht mei it stikje kauwgom. Doe sette er it bolle beest foar him yn it sân. De kikkert rôle as in geld aai hin en wer. Hy besocht syn poaten te brûken om te springen. Mar dat mislearre folslein, want hy lei topswier mei syn kop yn it sân. De achterste poaten tysken as by in skiep yn ûnmacht yn de loft. De oare kikkerts krûpten noch tichter tsjin elkoar oan.
De sinne feroare de rûne ballonkikkert yn in kaleidoskoop. De stientsjes dy't dêr meastens yn sieten wiene hjir ferfongen troch de yngewanten fan de kikkert. Alle blazers seagen no nei de kikkert yn it sân. Dy draaide noch as in top yn syn lêste stûpen fan rjochts nei lofts. It like wol oft de kikkert switte. It sân plakte oan syn fel. Elkenien siet mei spanning te wachtsjen.
De lieder fan it spultsje moast it sein jaan dat se fierder boartsje koene. Dy lieder wie De Jent. Dy hie it each ek op de kikkert, en ferrôle him út en troch mei syn foet. Datselde die er ek altiten mei stikelbargen. Dat fûn er aardich. Fuotbalje mei oprôle stikelbargen koe De Jent heel goed. Op 't lêst wâde er sa'n beest dan tsjin de muorre fan de skoalle of de tsjerke, sadat er útelkoar batste. Op sokke mominten lake De Jent heel fûl en koart. Oars lake er noait. De Jent hâlde fêst fan bloed fan stikelbargen en oare beesten. Eins fûn De Lytsk him in grizel.
Se wachten wierskynlik op it sein fan De Jent. En dat kaam dan ek al ridlik gau. It moast ek net langer duorje, want se sieten allegearre op har kont te wibeljen. Nimmen doarst in wurd te sizzen. It ûntsach foar De Jent wie grut.
De Jent fielde it fêst oan, want hy naam in reidpypke yn syn iene hân en mei de oare fiske er in kikkert út de kûle. Dat wie it begjinteken foar de oaren, want no skeaten se allegearre nei foaren om in kikkert út de sânkûle te fiskjen. Nei in pear tellen wie de kûle leech, en hie elk in kikkert yn de hannen. Se namen in reiden pypke fan de steapel en dy waarden mei faasje yn de konten fan de kikkerts stutsen. De Lytsk hearde in konsert fan gjalpen, janken en heas geraas. Fan de kikkerts en