kikkert yn in toverkiker dêr't de kleuren as yn in reinbôge opljochten. Grien, wyt en brún oerhearsken. De Lytsk fûn it frjemd dat der hast gjin reade kleuren te sjen wiene. Miskien wie it bloed fan in kikkert wol grien, of miskien siet dat ek wol allegearre yn syn grouwe harsens.
De Lytsk slokte in pear kear, want syn keel fielde droech. It wie krekt oft er in stikje fleis foar syn slokpiip hie. Hy knypte syn fingers fan syn hannen byelkoar ta fûsten. Hy krige wer itselde mislike gefoel yn syn liif as by it mâltjirgjen fan De Baarch. Hy sykhelle djip troch syn noas. De lucht kaam fluitsjend werom, troch syn mûle.
De Jent sette foar de twadde kear it pypke reid tusken syn lippen. It lûd klonk skerp, en it wie heel heech. Snerpjend hast. De Loet brocht syn hân mei de kikkert dy't noch altiten deastil hong heel stadich nei de hân fan De Jent. Oant er der flakby hong. De Jent helle it reidpypke wat nei achteren. Horizontaal sa't spearsmiters dat diene, en doe boarre er mei in flugge beweging it pypke yn de kont fan de kikkert. Dy fluite as even dêrfoar it reiden pypke. De lange gjalp skeat De Lytsk troch syn liif, troch syn skonken ek. Ien kear, twa kear, trije kear jankte de kikkert as de fluit fan in trein. Doe foel de stilte út de loft. Dy wie te hearren. De Lytsk fielde syn hert yn syn earen. Hy slokte trije kear.
De Fronk meneuvele mei har eigen reidpypke tusken har fingers. Se frimele oan har rôk en har bloeske. Har gesicht hie in reade kleur. Guon oaren diene itselde, in pear sieten no deastil.
De oare kikkerts yn it nêst wiene nei de gjalpen fan har maat oan de waskline fan De Loet eangstich tsjinelkoar oan krûpt. Mei de kopkes neielkoar ta. Sa leine se as libjende ljipaaien yn in djip nêst. Ek grien mei út en troch in stipke.
De Lytsk begreep net sa goed wat se der oan fûnen. Eins wiene kikkerts wol aardige beesten, en folle nijsgjirriger as bygelyks hûnen. En de rotten út de âlde opfeart fûn er helendal ferskriklik.
Nachts dreamde er wolris fan kikkerts. Dy waarden dan heel grut, en sprongen oer him hinne as er yn de greide lei en mei healtichtknypte eagen nei de wolken seach dy't alderferskuorrendst fluch hin en wer skeaten. Soms seagen dy kikkerts him oan mei har grutte bolle eagen. It wie krekt oft se dan wat freegje woene. Net allegearre, want der bestiene ek hele grutte dy't lulk seagen, en mei har grutte bek gefaarlik nei him hapten. De tonge gisele dan op en del. Tosken hie er eins noait