sette de muzyk bonkjend hurd. It lûd snijde troch de keamer. Se begûn mei te sjongen. De oaren folgen har en âlen ek mei. It beest hapte mei de mûle, en sloech wyld mei de holle hin en wer. It feest koe op 'e nij begjinne.
De Lytsk seach ferbjustere nei de ljedder, en frege him ôf wat dat fjochtsjen betsjutte. Hy frege it De Fronk, want dy soe it dochs witte moatte.
- Se is lulk, - sei De Fronk. - Dy fint dêre ûnder de modder hat har eartiids besoademitere. Soms hat er har ek wol ôfseame as er dronken thúskaam fan de feemerk. Dat wol se dan wer meimeitsje. Dêrtroch wurdt se noch lulker. Se wol it net ferjitte. De Gats moat har ôfseamje. Mei in learen rym dêr't se ús ek wol mei op de bealch joech. Soms noch wolris. No't se heal dronken is fielt se der neat fan. Se sil no wol raze en moardzje. Se krijt de strimen wer op 'e hûd. Miskien is se wol wat gek, mar as dit net barde moast se fêst nei Dryhús. Dit is dus folle better, want oars moasten wy ússels rêde, en mei it beest soe dat noait wat wurde. -
De Lytsk seach har mei grutte eagen oan. Hy begreep der neat fan. De Gats moast syn eigen mem ôfseamje. Eins koe er it net leauwe. Fansels, yn guon húshâldings fochten se elkoar wol ta de tinte út. Der kaam ek soms wol ien mei in blauw each op skoalle, en elkenien wist dat it der freeds nei de feemerk yn it hûs fan De Drek frjemd om en ta gong. De Jels, de skilder, moast faak op sneon nije raten yn de finsters sette, mar dat ien syn eigen mem foar pampus slaan moast hie er noch noait heard.
- Wy binne hjir allegearre wat gek moatst mar tinke. Dat silst dochs al lang op it doarp heard hawwe? -
De Lytsk knikte. Ja, se praten in soad oer De Baarch en har bern. Mar dat waard ek wol oer oaren dien. It doarp libbe op soksoarte fan praatsjes.
- Se kinne om my allegearre deafalle, - sei De Fronk. - Noch in heal jier, dan kin ik fan skoalle. Dan wol ik hjir wei. Ik haatsje dit doarp. It binne allegearre beesten. En hele oare beesten as ús beest. Dat is in leaf beest. - Se streake De Jar oer syn holle. Dy skattere daalk, as smiet De Fronk in kwartsje yn in zjoekboks.
- Mar dat kinsto noch net begripe, - sei se tsjin De Lytsk. - Dêrfoar