Dy lêsten mochten drave, op sokken of soms sels op bleate fuotten. En guon diene dat sa handich dat se it ek noch wûnen. De Grutsk hie dat altiten kranksinnich fûn, want hurdriden wie op 't lêst gjin sekjerinnen. Foaral de bern fan De Pyst wiene der masters yn. Se setten de neils yn it iis, en as belslydhynders skeaten se de baan oer. Beferzen teannen of net, it makke gjin grevel út.
Mar der wie mear. Jûns ride by twiljocht, tikjeboartsje en besykje achterút te riden lykas De Sjouk fan 'e strjitwei dy't dat as in balletdûnser koe. Ride mei De Tsjea dy't wat âlder wie; mar noch fielt er har sêfte mul yn syn hannen as se tegearre oer de feart skeaten. Op nei Gumschal of sels nei Dryhús. Goeie riders sochten goeie rydsters. En oarsom. Har heit slipe de redens op in grutte stien dêr't it wetter oer hinne rûn út in amer dy't der boppe hong. De Tsjea har redens bûn er op. Dat fûn se fijn. Soms holp er De Ank ek wolris, mar dy koe net sa goed ride. Yn de winter wie er sljocht fan De Tsjea, de oare moannen fan De Ank. Sij hie de moaiste flechten fan de skoalle. En de moaiste mûle. Allinne winters jilden der oare wetten.
Sneins hiene se lêst fan de fine poppestronters dy't net ride mochten. Se smieten kluten, moude en sân op it iis. Soms sloegen se it iis oan diggels. De spegel fan de iisbaan waard besmoarge troch dy fine ûngelokken. De Grutsk hate se ferskriklik yn dy tiid. Hy wit eins net oft dat allegearre wol oergongen is. Soms rûkt er se ek no noch op hûndert meter.
De Grutsk drukt de knop fan de televyzje yn. Hy rint nei it rommelhok. Nei in setsje fynt er wat er siket. In pear redens fan ‘De Ruiter Akkrum’, no hast fiifenfjirtich jier âld. Doe't syn heit net mear ride woe hie hy se krigen. Op de jierlikse ferlotting fan de iisclub hie er se oait ris wûn. It bleau de iennichste priis yn syn libben.
De redens binne wat roastich. Moarn sil er fet keapje, want se moatte wer glimme. Hy wol se ek oan de muorre hingje. Ien kear hat er der in tocht fan hûndert kilometer op riden. Heal dea en mei in beferzen kul hie er it helle. It hie tagelyk de earste en de lêste kear west, dat er sa'n tocht makke. Hy giet wer foar de tafel sitten en begjint as in beest te skriuwen. Mei de alvestêdetocht op it skerm sit er wer folslein yn it âlde doarp. De kikkerts fleane him om de earen.