har kantoar. It behang dêre is oanpast oan de omstannichheden. De achtermuorre is de heteromuorre, de sydmuorre rjochts jout de homolesbyske mooglikheden fan it bedriuw, en lofts is ynromme foar alle oare farianten. Ek sm, pm, km en lm binne rom foar hannen. Akrobatyk foar hege en hegere stantsjes.
- Jo wolle de boeken mei foto's ynsjen? - freget it frommes.
- Ja, ik wol der njoggen útsykje. Yn ien kear. - De Grutsk glimket.
De frou sjocht him netbegripend oan. Se ferlûkt de mûle spotsk.
- Njoggen! Dat komt net alle dagen foar. De measten hawwe foar 't neist oan ien genôch, en dan hawwe se fakentiids noch bealgjen. - De frou laket.
- It is foar de kommende achttjin wiken. Om 'e wike, op freed om acht oere de jûns, wol ik ien op besite hawwe. Foar twa oeren, of miskien trije as dat yn de priis neat útmakket. Ik wol mei har ite. - De Grutsk glimket wer.
- Us famkes meie net drinke, net ite en net oer polityk en literatuer prate ûnder har wurk. Dat is in hurde betingst. As se har der net oan hâlde dan wurde se der útdondere. - De frou sjocht strang.
- Dan dogge se mar sabeare, - seit De Grutsk. No laket er. - Sjoch, literatuer prate je net oer, dat wurdt skreaun, en der wurdt oer skreaun. En polityk heart by de grûn. Ik wenje yn de loft, dus dat is gau klear. - De Grutsk laket diskear wer. De frou lûkt oan de skouders, en rint nei in kast.
Se hellet fiif boeken út de kast en leit se foar De Grutsk del. Yn it achterste diel fan it kantoar mei er him deljaan yn in learen stoel. De frou siket wat sachte stimmingsmuzyk, en mei in oare knop docht se in televyzje oan. Foar De Grutsk syn eagen wurde de muorren no wurklikheid. De frou fertelt him noch dat er de modellen yn de boeken mei it yndrukken fan in nûmer op it toetseboerd fan de sjotelevyzje ta libben bringe kin op it skerm. Sa'n model docht dan wat gymnastyske toeren. In linich wiif is tige wichtich wol se hawwe. De Grutsk knikt. Wat liniger wat better, tinkt er, dan hoech ik neat te dwaan. Alteast, soks is better as in stik fleis dat der allinne mar leit.
Hy nimt it earste boek yn syn hannen en blêdet der wat yn om. Klaaid, heal neaken en folslein bleat spatte se him temjitte. Tin en grou, lyts en grut, blond en donker, swart en wyt. Alle soarten binne foarriedich. It