er it dêre fierste gefaarlik. Hy krijt elke kear oanstriid en spring oer de râne. Mar dat hie er as jonkje op de Aldehou en op de Bellevuetoer fan It Oranjewâld ek al. It Roekenêst sit dêr wat tuskenyn.
Mei ien each ticht sakket dy langst om te springen foar de helte, mar dan sjocht er wer hast neat, en wurdt it op in oare wize libbensgefaarlik. Miskien binne sokke terrassen wol spesjaal oanlein foar bline minsken. De Frou út de binnenstêd leit faak mei har fertikaal ticht each op har terras yn de sinne. Iepen en bleat, mei útsprate skonken en sûnder eangst. De oare eagen hat se ek ticht. Mar De Grutsk twifelet deroan oft dat tredde each wol echt blyn is. Sabeare blyn bestiet ek. Guon hawwe soms dat each tichdutsen mei kramtried, of stikeltried. En dat is út soarte gefaarlik foar de kul.