Haadstik 5
Solitêre roek
De Grutsk nimt in tredde feltsje papier en giet foar de tafel sitten. Alvestêdetocht 19safolle skriuwt er. Hy set der twa streken ûnder yn it read. Op 'e televyzje reedride se as gekken.
Sûnt in fjouwer moanne sit er yn dizze toer. Tolve heech. Op syn wenkaart stiet ‘Roekenêst-12-5-R’, en dêrnei syn namme. De kaart is plestyfisearre. Dy kaart hinget ek oan de muorre.
Der steane noch mear nêsten, ek heech en mei tuskenromten fan sa'n fyftich meter. De Grutsk hat daalk ja sein tsjin dit roekenêst. Al dy oare nammen seine him neat, mar it wurd roekenêst brocht him op de iene of oare wize werom nei it âlde doarp. Dat hele doarp kin maklik yn dizze toer. De bakker, de molkboer, de smid, de foddeman, de timmerman, de skoalle en it skoalplein, de grienteman en de winkelman ynbegrepen. En dan bliuwt der noch genôch romte oer foar de bern en de hûnen om te boartsjen. Fytse bygelyks, yn de binnengalerijen. Dat dogge de bern hjir de hele dei. Se draaie rûntsjes lykas eartiids de merkehynders. De toer hat wol wat fan in merke. Der wurdt ek omraak sketten.
No't de alvestêdetocht oer it televyzjerútsje sjit, de riders him tinken dogge oan eardere alvestêdetochten, liket syn libben him net mear ôf te spyljen yn it no mar yn it ferline. Hy sjocht út it ferline wei nei it no, de takomst yn, dy't al plak fynt.
Dêr't no de metro raast, dzjunken elkoar de strôt ôfsnije, sân liften yn likefolle tuorren dei en nacht op en del fleane fan de ierde nei de himel, dêre kroaden eartiids de boeren de stront op de dongbulten, dêre praten Rembrandt en Mondriaan mei de molkfammen op it stalt yn it