Haadstik 2
Achttjin frouljusearmen
De Grutsk giet op de matras lizzen yn de hoeke fan de keamer. Hy falt daalk yn sliep. As er wekker wurdt yn de rin fan de middei sjitte him de earmen út syn dream yn it ûnthâld. Achttjin earmkes en earmen. Se sieten allegearre fêst - as twalingen - oan njoggen froulju. Lyts en grut, stevich en meager, âld en jong.
Hy streaket mei twa fingers oer syn earm en syn hân. It fielt rûch soms, ek wol sêft. Yn syn dream hat er se allegearre streake. Meastens sêft, soms ek rûch. De Grutsk glimket, en preuvelet de nammen fan de njoggen froulju. Elke namme is in ferhaal, elke namme is ek in neitins. Swiet soms, mar ek wol bitter. Hy is benijd.