Haadstik 1
De frou mei de wykeinearmkes
- Do hast heel wat earmkes mist yn dyn libben, - sei de frou. - Ik koe it net allegearre begripe, want dyn taal is in oarenien as mines, mar út de wize fan foarlêzen koe 'k heel wat opmeitsje. -
De Grutsk herhellet de wurden foar himsels. Dan nimt er in âlde krante en skriuwt se op de boppekant. Hy lêst se lûdop foar, wurd foar wurd. En dêrnei nochris mei in lûde stim. As stiet er wer lykas in pear dagen lyn op it poadium fan de muzykkoepel fan de stedstún yn Skalkdaamlân. Dat docht er út en troch noch, foarlêze op in festival. Mar mei't er hast gjin fersen mear skriuwt lit er de measte útnoegings op de doarmatte lizze. Hy is wat fuortgroeid út dat libben fan fersen, foarlêzen, ophakkerij, dranknachten en neukpartijen. Dy tiid leit achter him, sa't ek de perioaden fan in regulier houlik, in fêste baan en in foarskreaun wykliks ritme net mear besteane. De âlde doarpkes en de lytse stedsjes hat er ynwiksele foar in toerflet yn de Grutstêd. Tolve heech mar leafst, kelders en garaazjes meirekkene sels fjirtjin etaazjes.
De earmkes fan de frou sjitte wer troch syn holle. Hy ferbynt se daalk mei de earmen fan De Frou út de binnenstêd, dêr't er yn it wykein komme mei. Soms ek net, want dan binne de bern, de eks of oaren wichtiger. Mar sokke earmen hie de frou fansels net bedoeld. Wykeinearmen steane net yn it gfwb, en dus besteane se net.
De Grutsk siket in skjin feltsje papier. Tusken de belêstingoanslaggen, oankundigingen fan nije sittingen op it gerjocht en de fuortgongsreportaazjes fan syn proses yn de Regearingsstêd fynt er op it lêst in stikje moai skjin papier. Mei wettermerk. Soks jout kasjet. Hy nimt syn pinne en skriuwt in pear wurden op.
‘Earmkes út it ferline leine op in skoalbank. Dy komme noait werom.’ Hy lêst de wurden fan de twa sinnen in pear kear, besiket der ien sin fan te meitsjen, mar beslút dat twa dochs better is. Dan foeget er der in fraach by.
‘Kinne earmkes earmen wurde?’
Ek dy sin lêst er in pear kear. Hy knikt mei syn holle. Prachtich eins. Yn dy trije sinnen leit in wrâld beskûle. In roman hast. Foldien leit er de pinne del. Dit is net gek nei in heale dei neitinken.