Haadstik 3
Twadde feltsje papier
Letter, yn de middei, giet er stean en rint nei de tafel. Hy siket in nij stik papier, makket wat romte, en leit it wite fel op in iepentearde krante. Hy begjint foar de safolste kear oan in ferhaal. En it sil slagje.
It rint as it spoar. It iene wurd jaget it oare. Nei in goed healoere is it fel papier fol. De Grutsk giet stean en skinkt him in glês jonge jenever yn. Hy nimt in stoel ûnder de earm en set dy foar it finster. As er sit nimt er in slok drank en sjocht nei bûten. Tusken twa oare hege flets komt in grutte fleanmasine op him ta. Hy skrikt tebek, mar it fleantúch fljocht gelokkich njonken syn toer lâns. De Grutsk sykhellet ferromme. In pear oeren letter lêst er wat er dêrfoar skreaun hat. Hy begrypt eins net wat er lêst. Inkeld ris in wurd, in heale rigel of in lyts fragmintsje sprekke him oan. It geheel seit him lykwols neat.