gek troch de kou hinne en dêr moasten wy ôfgryslik om laitsje. Hy draafde mar troch, wist net fan ophâlden. Wy seagen der al net iens mear nei. Mar doe't wy yn 'e trein sieten, katere it bist noch troch de kou as hong it libben der fan ôf. De trein siet fol en elkenien seach.
‘Blaas do noch ris even op dat pappegaaiefluitsje fan dy, Mare, miskien hâldt er dan op.’
Mar doe sprong de hamster hast hielendal út syn brune fel.
‘Moatst even toverje, beppe, dat er ophâlde moat.’
Ik swaaide mei myn earmen troch de loft en sei:
‘Hamster, hâld op, it hat no moai genôch west.’
Hy bleau daliks stilsitten, ta fernuvering fan alle reizgers, mar ik waard der sels noch it measte kjel fan, begûn hast yn myn eigen toverkeunsten te leauwen. Doe't de trein yn Mantgum stoppe, sette de hamster de sokken der wer yn.
‘Moatst wer toverje, beppe,’ sei Mare.
‘Nee, ik wachtsje even,’ sei ik, bang, dat it my no ris net slagje soe.
‘It is my in aardichheid,’ sei in frou mei in Duthlerpûde op 'e skoat: ‘Dat sa'n bist net wurch wurdt, soenen jo sizze.’
Krekt foardat wy útstappe moasten, gong er wer yn in hoekje sitten. Mare sei, dat dy siel no wurch wie. Thús moast de kou midden op de tafel stean. Koenen se him allegear goed sjen. Mare blies op har pappegaaiefluitsje en de hamster skeat as in raket troch syn hok hinne. ‘En no kin beppe toverje, dan hâldt er wer op. Toe mar, beppe.’
Ik stiek myn beide earmen wer omheech en sei:
‘Hamster, hâld op, it hat no moai genôch west.’
It bist kroep yn in hoekje en bleau triljend oer syn hiele bealchje sitten.