| |
| |
| |
it stânbyld
‘Dus, wat wy no dogge, dat is “daai klieme” yn geef Frysk, en net “knede”.
Hendrine Ine Nicoline dy't gewoan Hintsje neamd waard, fage har it swit fan de foarholle ôf.
‘Ja,’ sei Nora, ‘it is gek, dat ík jimme dat no noch fertelle moat.’
‘Sa gek is dat net,’ sei ik, ‘do hast in goede Fryske opfieding by him hân. Do seist ek altiten “barre” en wy noait. Mar setst net mear “Eala” boppe dyn brieven, wol?’
‘Nee,’ sei Nora, ‘en dat “barre” wol my ek net mear sa maklik ta de mûle út, sûnt ik Keimpe net mear foar de fuotten rin. Tiden hawwe tiden, Martha.’
En wy draaiden ús klute daai wer om en kniepen deryn. Nora en ik dienen it kalm oan, mar Hintsje wrotte as hong har libben der fan ôf.
Se sei: ‘As der ien tsien jier lyn tsjin my sein hie: mei krysttiid anno 1988 sitsto yn San, mei noch twa froulju yn in bungalow, dêr't it winters fiifentweintich graden boppe nul is en dêrst de kust fan Noard-Afrika lizzen sjen kinst mei helder waar, dan hie ik sein: Bisto gek. En ik hie frege: En Jelle dan? Wa past dêr dan op? Dy kin sels net iens in aai bakke.’
‘As se it my frege hienen,’ sei Nora, ‘hie ik sein: Wêr leit dat, San? En wat hiesto sein, Martha?’
‘Gjin idee. Ik tink: en wa binne dat dan, dy oare froulju? En: hoe komme wy dêr?’
‘Ik leau,’ sei Hintsje, ‘dat ús beslach no earst mar even rêste moat. Wat is my dat in swier wurk, net? Froeger ha ik wol ris in bôle bakt, sa foar de grap, mar de koarsten waarden altyd sa hurd.’
| |
| |
‘Ik bakte oars niks as caken,’ sei ik, ‘soms ris in kear koekjes, mar ús bern hiene leaver kochte koekjes. En gjin mins hoegde myn koekjes, mar myn caken koe ik altyd wol kwyt.’
Wy leinen in wiete handoek oer ús daai hinne en gongen bûtendoar sitten.
‘Net te leauwen,’ sei Nora wer.
En ik: ‘Nee, net te leauwen. Wy sizze tsjin gjin mins hoe moai as it hjir is, hear, oars sit hiel Nederlân hjir takom jier.’
Hintsje sei niks mear. Wy sieten alle trije te sjen nei lytse swarte bern dy't mei in opblaasbeest yn it swimbad oan it boartsjen wienen. In beppe, tochten wy, stie oan 'e kant en rôp allegear wurden. Sa no en dan stapte se ek yn it wetter, mei de hannen fol rok en skodholle. Of se wiisde mei de earm. Mar de bern seagen net nei har.
‘Dat is gjin Spaans wat se prate,’ sei Nora.
‘It sil wol ien of oar dialekt wêze,’ sei Hintsje mei de eagen ticht, ‘sels de geiten mekkerje oars as by ús.’
‘De Frânse hoanne kraait ek net sa as de Fryske,’ sei ik.
‘Thús slepe se no mei krystbeammen,’ sei Hintsje.
‘Nee, dy steane al lang. Moarn is it earste krystdei. As it donker waar is, brâne de measte lampkes dêr no ek. En de kachels op heech.’
‘Ja. En wy sitte hjir yn 'e sinne. It hat in goed idee west, Martha, om fuort te gean.’
Mar wy wienen doch wer even mei ús gedachten by thús.
Hintsje sei:
‘Ik belje jûn even op. Nei de bern.’
‘Wat wolst witte?’ frege Nora.
Hintsje sei niks.
‘Wy soenen jûn nei tsjerke,’ sei ik.
| |
| |
‘Dat is fannacht, Martha. En it is mar in kertier rinnen.’
‘Mar wy moatte der betiid wêze. Silst sjen, sa'n tsjerke rint fol, al wit ik ek net wêr't al dy minsken weikomme moatte. Wy sitte hjir wol echt yn 'e rimboe.’
‘Dat woenen wy doch ek,’ sei Nora, ‘fier fan alles en iderien ôf. Mar dit ís noch in doarp, hast winkeltsjes.’
De beppe hie no ien fan de bern te pakken en joech it in draai om 'e earen. De jonge skuorde him los en spatte de frou wiet. Se droege har gesicht ôf mei de doek dy't se om 'e holle bûn hie. Doe gong se op 'e râne fan it bad sitten en lei har holdoek te droegjen yn it sân. Se hie lang slûk hier.
‘Us daai sil no wol riisd wêze,’ sei Hintsje, ‘en dan moatte wy noch tweintich minuten klieme, dan moat it wer rize en dan kin it de oven yn.’
‘Moatte de krinten en rezinen en de sukade der noch troch,’ sei Nora, ‘it is wol in hiel gedoch.’
‘Ja, mar wy ha it moal der spesjaal foar meinommen, want wy woenen en soenen in krystbôle ha en sels bakke, want dat rûkte sa lekker,’ sei ik.
‘In krystbeam koe ús niks skele, want wy ha wol kearskes.’
Hintsje gong stean: ‘Jim meie wol sitten bliuwe. Ik doch it wol,’ sei se. Se knope har bloeske wer ticht: ‘Mei sok waar krystfeest fiere, dat past net.’
‘Wy binne it oars wend, mar miljoenen minsken witte net better,’ sei Nora en kaam ek oerein.
Wy stienen wer yn ús keamer-keuken, Hintsje by it oanrjocht en Nora en ik by de tafel.
‘Ik leau,’ sei Nora, ‘dat wy fierstentefolle daai ha foar twa bôlen. Der kinne wol trije fan bakt ast it my fregest, mar dan kôgje wy der mei âld en nij
| |
| |
noch op om.’
‘Meitsje wy pofkes,’ sei Hintsje, ‘en dan jouwe wy dy moarn oan dy bern. Ik ha der gjin sin oan om der dagen yn om te iten. Tinksto der even om, Martha, dat der gjin stiennen yn 'e krinten sitte? Ik wol hjir net nei in toskedokter ta.’
Ik rûgele de twa pûden mei krinten op in blêd, sette de bril derby op en beseach krint foar krint. Nora die de lampen op, want it waard ynienen tsjuster. As de sinne achter de grutte rots sakke wie, wie it ek nacht. Hintsje makke in kop kofje. Se sei, dat se al yn 'e gaten hie, hoe't it oventsje wurke. It wie fansels wer hiel ienfâldich.
Mei de grutte leppels rearen wy yn ús kofje. Wy hienen sa ús eigen mokken, dy mei de griene blomkes wie minen, Hintsje hie mei blauwe en Nora hie ien mei giele rûntsjes.
‘Hoe soe it doch komme, dat der mei krysttiid wat yn 'e loft hinget, dêrst sa tryst fan wurdst, wylst dit doch in fleurich feest is?’ Hintsje seach ús oan, ik fielde it, mar ik graaide iverich yn de krinten om. Om de iene of oare reden woe ik har net oansjen.
‘Dat leit hielendal oan dysels,’ sei Nora, ‘mar de ein fan it jier komt der ek oan. Dat spilet allegear mei. En dat it sa tsjuster is en kâld. No ja, hjirre dan net fansels, ik plak sawat oan de stoel fêst, mar...’
‘As ik opbelje soe, no, nei ús bern, dan begûn ik te janken,’ sei Hintsje.
‘Dan moatst it net dwaan,’ sei ik.
‘Woest der doch ek net hinne? Wiest doch ek bang, dat se harren ferplichte fiele soenen, sa fan: wat dogge wy mei ús mem mei de feestdagen? Us heit is gjin punt. Hintsje, wy ha it der doch goed oer hân: sille wy fuort mei ús trijen? En Martha wist fan dit plak.’
| |
| |
Hintsje sei wer niks. Wy sieten om de houten tafel en dronken ús swarte kofje op. Nora hie ferjitten om molke mei te nimmen út it winkeltsje.
‘Mar ik bin ûnwennich,’ sei Hintsje. Nora en ik seagen elkoar oan: dat hienen wy al tocht. Sij sei it earlik, mar ik hie de hiele dei ek al in stien yn 'e mage field, en my ôffrege hoe't it no thús wêze soe. Oft it mistich wie, oft der snie lei of dat it frear, en wit ik hoefolle minsken spaanden my troch de holle om.
‘Mar as ik no thús wie, soe ik ek ûnwennich wêze en as in aaisike hin troch it hûs omskarrelje.’
‘Wês no bliid, datst hjir bist, Hintsje,’ sei ik, ‘wy ha it doch wol gesellich? Of net?’
Ik hie trije stiennen yn de krinten fûn en treau se yn in ierdewurken potsje.
‘It leit ek net oan jim. Do, Martha, hiest juster trouwens ek mear praatsjes as hjoed. Seist ek mar niks.’
‘Ik wit net wat ik sizze moat,’ sei ik.
‘Wy moatte der even trochhinne,’ sei Nora. Se naam har klute daai wer en kniep deryn.
‘As jim nei hûs ta wolle, belje ik Jeroen wol even op. Dy lit sa in fleantúch foar ús de loft yn gean. Dy jonge kin wier alles regelje.’
‘Nee Martha,’ sei Hintsje, ‘net dwaan, want dan soe ik jim ek wer misse.’
‘Dat kin 'k my foarstelle,’ sei Nora en preau fan it daai, ‘want wy, Martha en ik, binne in pear hiele bysûndere froulju. En dêr pasto presiis by. Lit ús dêrom no in bytsje fleurich fierder gean, de jûn is noch lang en moarn skynt de sinne wer.’
Wy wisten net mear hoe lang as wy no yn it daai omknypt hienen. It moast tweintich minuten. Trije kear tweintich minuten.
‘Set de oven mar oan,’ sei Nora tsjin Hintsje. Dy geat krekt wer kofje yn ús mokken. Se joech ús der in
| |
| |
soarte fan puddingbroadsje by.
‘Foar soksoarte froulju as wy binne,’ sei se doe, wylst se de lúsjefers útblies, ‘moasten se in stânbyld oprjochtsje. Bist it wol mei my iens, Martha?’
‘In stânbyld?’ frege ik ferheard, ‘hoe komst dêr no by? Nee, dat bin ik net mei dy iens.’ Ik socht wer om stiennen. As der trije yn sieten, koenen der ek mear yn sitte.
‘No'st it te praat bringst... Och...,’ sei Nora en wipte mei har stoel achterút.
‘Wy ha grutte prestaasjes levere yn it libben.’ Hintsje wachte even doe't se dy wurden útsprutsen hie, seach ús oan mei har griene eagen en skodde mei har hier.
‘O ja?’ Nora en ik fregen it tagelyk.
‘Ja,’ se knikte hiel earnstich. ‘Oer ús bern, dy't wy grutbrocht ha, wol ik it net ha. Mar soks is fansels ek net niks. Want wy binne fan de generaasje froulju dêr't de manlju amper fan wisten dat se bern hienen.’
‘No oerdriuwst,’ sei Nora, ‘Keimpe gong wol ris mei ús bern út te fytsen. Doe't se it koenen, dat wol. Ik moast se it leare.’
‘Wy, Nora do ek, en Martha ek, wy ha ús manlju doch de kâns jûn om mar ivich troch te studearen en te promovearen en karriêre te meitsjen. Pylders fan de maatskippij ha wy der fan makke...’
‘Dêr plukst no de fruchten ek fan, ús alimintaasje...’
‘Harkje, Martha, en lit my útprate en bring my net fan myn sjapiter ôf. Wy stiene der by doe't se riddere waarden. Do ek, Nora, ik sjoch dy noch stean mei in swarte hoed op dyn kop te wibeljen, omdatst sokke hege hakken oan hiest. Jelle krige ek in lintsje, omdat er de bern sokke ynteressante proeven dwaan
| |
| |
litte koe yn syn natuerkundelokaal en sokke drege stikken skreau yn in Amerikaans tydskrift.’
‘Wat wolst, Hintsje?’ frege Nora heas.
‘Dat it goed besjoen ús fertsjinste méí west hat. As wy doe...’
‘Dat sil net ien dy ûntstride. Us manlju ek net. En de tiden wiene doe oars, Hintsje, sei ik.’
‘Hintsje,’ rôp Nora en der spatte fjoer út har swarte eagen, ‘wolst doch seker gjin stânbyld oprjochtsje foar ús omdat wy der sokke idele kwasten fan makke ha. Op goudene fuotstikken ha wy se setten en der jierrenlang in stik selsfertrouwen yn pompt dat it sta seit, ta skea fan ússels, wês mar earlik. It is stom en dom, mar it is wol de wierheid. En wy ha ús beleanning trouwens ek al hân: wy binne oan 'e kant setten.’ Mei de rêch fan har hannen fage se triennen fan 'e wangen.
‘Eintsjes fuorje yn it park, dat docht er no, en mei har nei de Hema, de Hémá, en nei de sauna,’ sei Hintsje, ‘want hy hat no ynienen alles oan tiid. Hy wol no alles wol, sa't it skynt.’
‘Ja, dat sil wol, mar net mei dy.’
‘Dy't er no hat, hjit Hetty, hiel jong noch.’
‘Fansels,’ sei ik, ‘ast opnij begjinst, nimst net in âlde fyts. Dêr moatst it op leare.’
‘Fersin dy net, Hintsje,’ sei Nora, ‘hoefolle froulju hat dy Jelle fan dy no al net útprobearre. Hy fynt noait wer sa'n ien asto bist, mar dêr komt er pas achter op syn stjerbêd. Ik tink, dy spetters, dy't se no ha, dêr sil doch ek wol wàt oan mankeare, of...’
‘Fansels mankeart der wat oan, mar dat nimme se, dat binne ynteressante mankeminten, salang as it duorret dan.’
‘Lit ús der oer ophâlde,’ sei ik, ‘wy triuwe de bôlen
| |
| |
yn 'e oven. Alle stiennen binne út de krinten wei. Is hy waarm genôch?’
Hintsje naam in stik daai, rôle der in bal fan en soalde dy tsjin de doar oan. Wy skrokken ús in ûngelok, Nora en ik, tochten, dat Hintsje gek waard.
‘Dat is Japke, dêr is hy mei begûn,’ sei se kalm. Se makke daliks wer in baltsje: ‘En dat is Gees, dat is Makke en dat Wiepy, dat is Hanny en dat is...’
‘Dat kinne wy ek,’ sei Nora. ‘Mar as wy al de froulju dêr't ús manlju mei omslein hawwe as kluten daai tsjin de doar oankeile sille, bliuwt der net ien krystwigge mear oer en kinne de Spaanse jonkjes ek nei de pofkes fluitsje. Nim do dy hompe mar, Martha, en lytse baltsjes meitsje, do, oars hast der net genôch oan, tink.’
Wy sieten wer by de tafel. Mei de holle yn 'e hannen sieten wy nei de doar te sjen. It daai bleau op it hout sitten, inkelde ballen ferglieden in eintsje, mar se foelen der net ôf. Lieten in streek nei. Wy hienen se der samar tsjinoan smiten, yn it wylde wei, mar no't se útrûnen kaam der tekening yn.
‘Sjoch,’ sei Nora, ‘Martha, sjoch dan. Sjochst it wol?’
‘In krystbeam,’ sei ik fernuvere. ‘Wy ha der in krystbeam fan makke mei ús trijen.’
‘Us stânbyld,’ sei Hintsje en draaide de oven út.
|
|