út myn eagen wei. Myn hiele lichem wie no ûntspand en ik gong sunich mei myn hannen oer myn boarsten hinne, oer it liif, myn skonken.
‘Dát is it,’ sei it oare bist yn my, ‘fielst dy fernedere, kronken. Fielst dy rekke oant op 'e boaiem fan dyn siel. En sa lang as ik hjir yn dy sit, komst dêr net fan ôf. Sa ienfâldich lizze de saken derhinne.’
‘Hoe?’ skreaude ik heas, ‘hoe kom ik klear mei it ferline? Kóm ik der wol mei klear?’
It bist yn my, dat noch folle freesliker wie as it oare, stiek al syn poaten út. It wie sa grut, dat myn lichem te lyts foar him wie. En it woe romte hawwe, treau dêrom alles oan 'e kant, myn hert, myn longen en nieren, alles, en blies my dan gewoan op. Deastil moast ik lizzen bliuwe, oars koe der miskien noch mear knappe. Myn hiele siel lei al oan gruzeleminten.
‘Datst dêr nó noch op omeamelje kinst, dingen fan safolle jier lyn,’ hie myn man sein, wylst er de jas oan die.
‘Do witst net, hoe djip as it by my sit.’
Hy helle de kaaien út 'e bûse wei, socht dy fan de auto derút, rûn op 'e doar ta: ‘Ik wol der net it slachtoffer fan wurde. Ik net. En do sjochst mar hoest it rêdst. Ik kin dy net helpe, mar dêr hast dyn psychiaters doch foar?’
Hoelang wie dat no al wer net lyn. Ik hie net mear it minste beroai oer de tiid. Se seinen: Ferjit it, Martha. Ferjit alles wat west hat. Set der in grouwe streep ûnder. Dat is fansels makliker sein as dien. Mar ast dat net dochst... En: Wêrom bist noait ris in kear goed lilk. Dat kinst folle better wêze as sa ynfertrietlik. Smyt wat stikken... En: Silst it sels doch dwaan moatte. Mar beloof, datst opbellest, al is it ek