| |
| |
| |
in stikje sjippe
‘Set har de walkman even op, ju, dan is se teminsten in skoftke stil. De dei is noch lang.’ Dat sei Esther.
‘Wêr leit harres?’ frege Richt.
‘Op it finsterbank, tink ik. En oars joust har minen mar.’
Ik hearde in soad geskeuvel fan stuollen en doe stie Richt foar my mei it ding. Se sei: ‘Wy dogge even de koptelefoan op, beppe. Kinne jo wat nei de krystlieten harkje. Moai net?’
‘Is it dan no krysttiid?’ frege ik.
‘Ja, it is hjoed ommers earste krystdei, beppe.’ Se plante my it gefal op 'e holle en stiek in stekkerke yn 'e muorre.
‘Doch har tagelyk even in printeboek yn 'e skoat. Hat se ek wat om hannen,’ sei Esther wer. Ik sei: ‘It is oan neat te sjen, dat it hjoed krysttiid is. Ik wol sa graach in krystbeamke hawwe. It hoecht net iens sa'n gruttenien te wêzen. In lyts beamke mar. Dat sa lekker rûkt. Sa as doe.’
‘Begjint se wer,’ suchte Esther. Se koe de r net sizze. Of se woe him net sizze. ‘Hat se dêr juster de hiele dei ek al op omeamele. Harkje jo no mar even lekker nei de muzyk, beppe, it is in fersykprogramma fan Alie van der Mark, dat der is fêst wol wat by, dat jo leuk fine. En besjoch dat moaie boek ek mar ris. Moatst it ljocht der even foar har by op dwaan, Richt.’
‘Beppe sit sa wol noflik?’ frege Richt.
Ik knikte fan ja. Se seinen allegearre beppe tsjin my en ik wist net iens oft it wol echte beppesizzers fan my wienen. Ik wist net iens oft al dy froulju wol famylje fan my wienen.
| |
| |
Myn holle stie net nei lieten en ferskes. Ik woe prate. Wiken lang hie ik gjin wurd sizze kind, omdat ik sa'n lêst hie fan myn nije tosken. Mar no wienen se der troch, al dúdlik te sjen ek en ik flibe ek net mear sa alderôfgryslikst. Myn toskedokter hie tige tefreden west, mar hielendal rjocht stiene se net. Myn foarige trouwens ek net.
Ik loek dy walkman wer fan myn holle ôf. Ik sei: ‘Ik wit it noch bêst. As ik moarns de keamer ynkaam, rûkte de hiele keamer nei de beam, nei bosk rûkte it dan, as op in waarme simmerdei...’
‘Dat ha jo juster ek al ferteld en no witte wy it wol, beppe. Mar der binne gjin beammen mear, sûnt jierren al net. Ik wit al net iens mear hoe't sa'n ding der útsjocht. En it is stomferfelend, as jo iderkear sanikje oer dingen, dy't my niks skele kinne, hear beppe.’
Dat wie Ankje. Esther sei, dat Ankje net sa'n baas mûle opsette mocht en hielendal net op earste krystdei. En Esther sei: ‘Sjoch do mar televyzje. Lear dyn lessen mar, Ankje, bist sa'n ein achterop rekke.’
‘Soe ús Sibe hjoed ek noch even lâns komme, omdat it krysttiid is? Ik ha dy jonge yn sa'n skoft net sjoen. Ik wit net iens mear hoe't er der útsjocht en hy hat myn nije tosken ek noch net bewûndere.’
‘No dat wer,’ sei Ankje. Mar doe lieten se my mar prate, dienen krekt oft se my net hearden. Wienen fansels wer drok mei har eigen dingen oan 'e gong. Sûnder dat ik der wat oan dwaan koe, rûnen der samar triennen oer myn wangen hinne.
‘No snottert se wer,’ sei Richt.
‘Rin do oars even in blokje mei har om, Richt,’ sei Esther, ‘Mar se moat goed ynpakt wurde. It friest.’ ‘Wol beppe even mei, bûtendoar?’
Ik skodholle fan nee. Dêr hie ik gjin sin oan. Ik woe hjir wêze foar as der ris ien fan de bern kom- | |
| |
me mocht.
‘Miskien komt Maaike wol,’ sei Esther, ‘Dy kin no wer rinne.’
‘Ja.’ Ik knikte. Dy hie krekt nije heupen krigen en it wie allegearre goed beteard.
Soks wie altyd mar ôfwachtsjen. Roaske sei, ast ûnder it mes moatst, dan kinst dyn testamint mar meitsje. Oant no ta wie ik der ek noch goed foar weikaam. Al twa kear nije heupen, nije nieren, in klep, in stik yn 'e rêch en noch sa it ien en oar. Ik wist it sels net iens. Mar ik siet fol mei blik en plestik sa njonkelytsen. En dat, wylst der hast gjin sikehuzen mear wienen. De dokters operearden al wit hoe lang by de lju oan hûs en dat hie sa syn útfallen.
‘Maaike, dat soe kinne, mar Sibe en Wytze, dêr moat beppe mar net op rekkenje. Dat witte jo doch no wol ris in kear: dy meie der net yn.’
‘O nee?’ Ik moast even neitinke. It wienen myn eigen bern doch en mochten dy der dan net yn?
‘En fan wa net?’ frege ik grimmitich.
Esther sei: ‘Lis do it har no noch mar ris út, Richt. Ik ha it al hûndert kear dien.’
‘En ik ha it al twahûndert kear dien,’ sei Richt.
Ankje sei: ‘No sil ik it dan noch ienkear sizze, beppe. Dat is ferbean by de wet. Wy sitte hjir yn in frouljushûs en dêr meie gjin manlju yn, dy't fan de famylje binne. Dat is fanwegen de ynsest.’
Esther sei: ‘Ja, beppe, de goeden moatte it mei de kweaden ûntjilde. Sa is dat no mar ienkear. Neat oan te dwaan. Mar wy belje se hjoed even op, hear. Kom, harkje no mar ris even nei wat Hâns Hektopaskal fan it waar seit.’
It waar koe my niks skele en Hâns Hektopaskal hie lang om let ek ynsjen moatten, dat de wyn altyd út in oare hoeke waaide as dat hy foarsein hie. Hy be- | |
| |
gûn no oer in man yn Parregea dy't trije skilige protters fleanen sjoen hie en hy fernuvere him deroer, dat de pappegaai fan in frou yn Boalsert noch iderkear brodsk wie. Yn Aldeholtpea siet in ekster op in skoarstien om syn poatsjes te waarmjen.
Esther sette in stikje bôle by my del. Se frege:
‘Beppe ek in aaike?’
‘Is it dan peaske?’ frege ik ferheard.
‘Nee, krysttiid,’ sei Esther.
‘Dan wol ik in krystbeamke ha. It hoecht wier net in gruttenien te wêzen,’ mar Esther mei har stok wie al wer fuort.
‘Wy hienen doch mar sa'n plestik ding foar har keapje moatten,’ sei Richt, ‘Dy rûke ek en se rûgelje net. Wy hienen har der in grut plezier mei dien.’
‘It is no te let,’ sei Ankje. ‘Beppe, wy dogge strak in pear kearskes oan. Dat is ek gesellich.’
‘Ja.’ Ik knikte en treau in hap bôle yn 'e mûle.
‘Jûn krije wy rollade,’ sei Esther, ‘mei eartsjes. Dy fine jo ek sa lekker, no? En dan sjogge wy jûn ek noch even nei de televyzje. Der is in krystoratoarium. Fynt beppe ek wol moai, tocht ik sa.’
Ik knikte wer, en tocht, dy Esther hat wat goed te meitsjen as se op dat toantsje tsjin my oan 'e gong giet. Al har beppesizzers mochten hjir wol oer 'e flier komme en dy kringen lûkten my altyd oan it hier en sieten oan myn weintsje te peuterjen, skoden my mei sa'n rotgong de keamer troch, dat ik tsjin it buffet oanbotste. En dan sei Esther niks, tikke allinnich even mei har stôk op de flier.
‘Soe Roaske noch komme?’ frege ik tusken twa happen troch.
Dat wisten se fansels ek net. It wie nochal fris bûtendoar. Ankje sei, dat it wol acht graden frear en dan mocht Roaske der grif net út, omdat har beppesiz- | |
| |
zers har earen in kear befrieze litten hienen. En de loft siet fol wolken. As der wat út foel, soe it glêd wurde kinne en Roaske wie ek al fier oer de hûndert. Ja, wy waarden der mei ús allen net jonger op. As jo earst mar de tsien krúskes helle hienen, dan wie it slimste wol foarby, hie ús dokter sein.
Doe skeat my yn 't sin, dat it ek hast myn jierdei wie. Ik sei:
‘Hjoed is it earste krystdei en dan komme âld en nij as it my net mist en dan is it ek hast myn jierdei. Dat wie altyd yn jannewaris.’
‘Mar dan is beppe hjir net mear,’ sei Richt, ‘Dan is beppe by Klaske.’
‘Klaske?’ frege ik. Wa wie dat no wer? Ik koe it by tiden net rjocht goed mear útinoar hâlde. Al jierren rieden se my fan it iene plak nei it oare. Stie ik nei in protte geävesear wer yn in frjemde hoeke fan wer ien of oare keamer. Mei in planke op 'e skoat en in lêslampke boppe de holle en de walkman oer de leuning fan myn karke.
‘Klaske is ommers ek in beppesizzer. Dy mei dat reade hier, wit beppe ommers wol.’
Ik wist it net. Ik frege: ‘Is der dan ek ien mei read hier. Och...’
Mar ik koe de kleuren net sa goed mear sjen. In terapeute die iverich har bêst om my dat wer wat by te bringen, mar sa gau as se fuort wie, wie it my ek al wer ûntsketten. En wer, sûnder dat ik der wat oan dwaan koe, rûgelen der triennen út myn eagen wei. Esther hâlde my in beker mei sûpe ûnder 'e noas rûkte ik: ‘No dit noch even. En it piltsje, beppe.’
Ik dronk en slokte en de sûpe glied kâld troch it kielsgat hinne. Oant yn myn mage ta, koe ik it fiele.
‘Hoefolle jier wurd ik no, yn jannewaris?’ frege ik oan Esther, doe't se my mei in doekje de mûle ôffage
| |
| |
hie. ‘Ik bin sels de tel in bytsje kwytrekke.’
‘It stiet wol yn de papieren,’ sei Esther, ‘Ik wit it sa ek net út 'e bleate holle wei. Myn ûnthâld wurdt ek wat minder. Is it net hûndertentsien? Wy skeelden njoggentjin jier en ik bin yn myn njoggen-en-njoggentichste.’
‘Safolle al? En Roaske dan? Dy wie altyd in pear jier âlder as ik.’
‘Beppe Roaske is hûndertenfjirtjin wurden, yn augustus,’ sei Ankje, ‘Dy hat no krekt de eutanasyformulieren ynstjoerd. Ik ha har der noch mei holpen, in pear moanne lyn. Mar se hat der by myn witten noch neat fan heard.’
‘Ik tink ek net, dat se it der troch krijt,’ sei Richt, ‘mei har nije hert. Der is noch al wat yn har ynvesteard. Hat se ek net oare longen krigen?’
‘Nee, no fersinst dy, dat wie beppe Doutzen,’ sei Ankje.
‘In lyts krystbeamke mar. Wat soe ik dat noch graach ris sjen wolle,’ sei ik wer.
‘In minske wol altyd graach hawwe, wat er net krije kin,’ sei Richt, ‘Dat skynt sa wêze te moatten. No beppe, wy moatte der mar even op út. Foar in frisse noas.’
‘Ik woe de see ek noch wol ris sjen,’ sei ik seurderich.
‘Dat smoarge ding,’ sei Ankje, ‘Hâld doch op, beppe. Jo witte net wat jo sizze. Wy meie der net iens mear by komme. Dat is dêr allegearre ôfsluten, steane stekken foar, sa heech.’
In inkelde kear miende ik, dat ik de see hearre koe. As ik op myn rjochter side lei en myn holle hiel djip yn it holkessen treau. Mar dan twivele ik ek wer en as ik it oan ien fertelde, seinen se, dat dat no echt âlderdomsferskynsels wienen.
Ankje holp my yn 'e mantel en Esther treau my in
| |
| |
krûk ûnder it gat en Richt stoppe in plaid om my hinne en sette my in mûtse oer de earen hinne. Se frege:
‘Sit beppe sa wol noflik en sitte de kontaktlinzen goed te plak,’ en se knope my in sjaal om de mûle hinne. Doe hobbelen se my yn myn weintsje ta de doar út. Richt gong mei. Ik wie bliid, dat Richt mei gong. Dy koe noch aardich út 'e fuotten. Mei Esther avesearde it mar niks. Dat wie de fiver om en gau wer op hûs yn. En se wie noch mar hast hûndert. Richt gong altyd nei bekende plakjes. En by it âldereinhûs lâns, dat yn de tachtiger jierren ticht moast en dêr't no oars neat mear fan oer wie as in heapke stiennen. By it museum bleauwen wy in skoftsje stilstean, ek in ruïne, en op it plak, dêr't yn earder tiden it sikehûs stien hie, stienen no noch, as in soarte fan stânbyld, in pear hiele grutte pinsetten by elkoar op. Dêr kuieren wy altyd ûndertroch. Wy gongen ek by de bioskoop lâns, dy't yn dyselde snuorje opdûkt wie en wy gongen troch it park, dêr't gjin beammen of strûken mear wienen, mar allinnich wat lege fivers en hjir en dêr in hippeljende ein.
‘En dy gebouwen, beppe, hoe hjitten dy ek al wer? Kin ik mar noait ûnthâlde, dy namme.’
Ik die de sjaal foar de mûle wei. Ik sliske no net mear en ik koe it wer dúdlik sizze: ‘Skoallen, leave.’
‘O ja,’ sei Richt, ‘skallen. In raar wurd, hear.’
Mei Richt belâne ik op plakken, dêr't ik oars net kaam. Dy earste krystdei ek wer. Moeten wy Harry. Yn syn jonge jierren hied er toskedokter west en ik sei:
‘Moatst sjen, ik ha wer wiksele.’
En hy: ‘In bytsje bryk, Martha. It sil wol op in bûgeltsje útdraaie,’ mar dat wist ik sels ek wol. En Richt begûn in praatsje mei syn pakesizzer. Ik frege:
| |
| |
‘Ha jim in krystbeam, Harry?’
‘Nee,’ sei Harry, ‘Dy binne der net mear, Martha.’
Hy prate hiel súntsjes, sei doe:
‘Der is in hiele protte net mear.’
‘Nee, dêr hast gelyk oan,’ en wy betochten wat der allegearre dan net mear wie en koenen it suver net betinke. En doe waarden wy wer elk in kant op treaun.
En op de stoepe by it hûs, dêr't ik yn ûnderbrocht wie, stie Maaike. Se sei: ‘Dach mem. Dus, jim wienen even te kuierjen,’ en se holp Richt om myn karke oer de drompel hinne te krijen. En ik seach hoe linich as se wer rûn mei har nije heupen.
‘Se befalle dy goed?’ frege ik.
‘Ja,’ sei se en tearde myn plaid op, die my de mantel út: ‘En sjoch, ik ha ek wat foar dy meinommen.’
Se joech my in lyts pakje oer, dat mei in read krystlintsje tichtknope siet.
‘No, no,’ sei ik en makke it pakje iepen. Om my hinne rûkte it ynienen nei bosk yn 'e simmer.
‘Sjochst wol, wat it is?’ frege se.
‘In krystbeamke fan sjippe,’ sei ik hielendal fan 'e wize.
|
|