‘Prima, neat op oan te merken. Alles wie sa skjin as de brân. Doe wie Nita hjir. Dy hat fansels sokke neils, mar yn it wurk hat se plestik wanten oan.’
‘Dêr kin ik net mei, dan fiel ik niks,’ sei ik en doe moasten wy wer oan 'e slach, want it wie al healwei alven.
It hie al tolve oere west, doe't July de lêste, de alderlêste kisten mei paprika's út 'e gong wei helle.
‘No binne wy der hast, Martha,’ sei se en suchte. ‘Dy alderlêsten, hin, wat binne dat altyd in soad.’
‘Ja, ik ha myn nocht ek.’ It wie no hast de tiid wer, dat ik gjin paprika mear sjen koe (rûke die ik se al lang net mear), en mislik waard fan de spesjale pruttelucht. Kertier foar ienen wosken wy de potten en pannen ôf sûnder ien oar wurd te sizzen as ‘dizze noch’ en ‘dêr stiet noch ien’. De fentilators draaiden op folle toeren.
‘It gasstel ek noch?’ frege ik, ‘of dochst dat moarn?’ Nee. July woe de saken skjin meitsje, oars griisde dat jo moarns sa aaklik oan. En mei har foet op de dweil makke se de keuken skjin. En doe koenen wy ús holdoeken ôfdwaan en ús overalls wer út.
‘Kloppet it, Martha?’ Se fage har om 'e holle.
‘Ja fansels,’ sei ik, mar ik hie der gjin sin mear oan om de knopen fan myn overall nei te tellen en myn hierspjeldsjes. Want it foljen fan paprika's ferget in protte enerzjy.
‘Drinke wy noch kofje?’ frege se doe.
‘Twa oere? Nee, it is my te let. Ik stap op.’
Se skreau wat op in briefke en ik sette myn namme derûnder en de dei siet der wer op.
‘Betanke, hear Martha’ en wy seinen ‘oant moarn’.
‘Ik ha dy noch frege oft it kloppe. Dat moat sa wêze, want ik freegje it altyd. Dus doe ek. En