weegde har earmen op in hiele frjemde wize, as wie se oan it swimmen en ik seach doe pas dat se hielendal krom groeid wie. Mei in hiele hege rêch. Miskien siet der wol in bochel ûnder dat jak, betocht ik ynienen. En har lytse kopke gong mar hinne en wer, fan links nei rjochts.
‘Ik ken jo net. Wenje jo yn it doarp?’ frege se, sûnder my oan te sjen.
‘Ja,’ sei ik, ‘Ik wenje hjir al seis jier, mar ik ha dizze strjitte noch noait hân om te kollektearen. Ik hjit Martha.’
‘Seit my niks,’ sei se en pielde iverich troch mei har kaaien. Om ek wat te sizzen, frege ik:
‘Binne dat allegear ûngelikense?’
‘Ja, fansels, oars jout it neat.’
Einlings wie se dan klear. Die doe it kammenet ticht.
Dy kaai liet se der ynsitte.
‘No moat ik myn namme sette,’ sei se, ‘want jo ha in list.’
‘Ja, dêre mar. Hjir is de balpinne.’
Se skode in stoel by de tafel, kearde it kessen om en gong sitten. Beseach wiidweidich wat der op de list stie, krige doe de pinne beet mei har lytse hantsjes, betaaste it ding oan alle kanten en sei:
‘Ik hjit fan Sjoerdsje. Sjoerdsje Hiemstra. Fan mysels bin ik in De Jong.’
‘Dat hoecht der net by,’ sei ik.
‘Oh.’ Se sette de pinne op it papier, drukte, mar der kaam niks.
‘Docht er it wol?’ frege se.
‘Oant no ta al,’ sei ik, ‘Sil ik it ris besykje?’
‘As er it by my net docht, dan wol er by jo ek net,’ sei se koart.
Se siet hast mei de holle op de tafel en snúfde fan ynspanning.