| |
| |
| |
hynstefigen
Ynienen rûn ik achter in man oan. In slanke, nochal lange man, dy't syn ljochtblauwe sweater oan de mouwen om 'e skouders knope hie. Yn de iene hân droech er syn sandalen, en yn de oare in badhandoek en sokken. Foar dat it sa'n grutte man wie, naam er mar lytse stappen, want ik koe, as ik teminsten in bytsje myn bêst die, krekt yn syn fuotprinten stappe en ik bin folle lytser as hy. Ik moast wol aveseare, se wiene samar wer ferdwûn yn it wiete sân, want de see kaam omheech. Mar doe't ik it in skoftke dien hie, hie ik myn nocht der wer fanôf en naam myn eigen tempo wer. Ik moast iderkear nei dy man sjen, nei syn rêch en nei syn wite kûtbroek. It is beslist in hiele kreaze, knappe man, tocht ik. En ik tocht: As ik no in bytsje hurder rin, helje ik him even yn en dan kin ik him ek fan foaren be-sjen. Dan tocht ik wer: Wat kin my dy man ek skele? Aanstons tinkt er noch, dat ik wat mei him wol en ik wol niks. En ik seach nei de see. Dy't hiel rêstich wat hinne en wer kabbele, krekt as hied er de put derút en wied er te lamlendich om ris in goede hege weach mei in wite kop derop te meitsjen. It wie prachtich moai waar, en noch net iens fiif oere, mar ik woe nei hûs ta, want ik hie honger. By de opgong, oer it dún, siet it noch fol minsken en ik stapte mei grutte en lytse stappen om kûlen hinne en by drok boartsjende bern lâns. De man rûn noch iderkear foar my út. Hy moast dizze opgong ek hawwe. Hy bûgde in bytsje foaroer en naam no gruttere stappen. Doe't wy by de planken wiene, die er syn trui ôf, oerlei hoe't er no fierder syn spullen drage soe, treau de sweater ûnder 'e earm, kearde him noch in kear
| |
| |
om, nei de see, even mar, en sette foarsichtich de fuotten del. Hy wist dus ek hoe glêd as it hout wie mei dy laach sân der op. Ik rin noait oer dy planken hinne, omdat ik dêr in kear sa op útgliden bin, dat ik der dagen lang spierpine oan oerhâlden ha. Hy hie in foarsprong op my krigen. Hy kin better klimme as ik, tocht ik. Mei syn moaie kûten. Doe liet er in sok falle. En hy rûn gewoan troch. ‘Hy ferliest in sok,’ sei ik lûdop, ‘en hy fernimt it net iens, dy suffert.’ Der gongen folle mear minsken tagelyk mei ús nei boppen ta en dy trapen op dy sok. Miskien wisten se ek net fan wa't dy sok wie (mar dan noch), mar ik wist it wol. En ik krige him op, in witenien fan badstof (fjouwer pear foar tientsje), mei twa blauwe rântsjes yn de board. Hy wie no al in hiel ein fierder, gong ek wat suniger. Ik koe him maklik ynhelje. En dat die ik. Doe't ik njonken him wie, sei ik mei triljende lippen:
‘Sjoch, jo sok. Jo ha in sok weisleept. En ik seach it. Asjebleaft.’
Hy seach net nei syn sok, mar nei my. Grutte grize eagen. Doe't er him noch in bytsje fierder omdraaide, skynde de sinne der presiis yn. Doe liken se grien. Raymond hie ek sokke eagen en Angelique.
‘Sjoch,’ sei ik wer en stiek myn hân mei de sok út. Hy pakte him net oan, fernuvere him: ‘Dat ik dy weisleept ha en it net iens fernommen ha,’ en rûn wer fierder, hiel sunich. Ik rûn mei.
‘Hoege jo him dan net werom?’ frege ik.
‘O ja,’ sei er, ‘mar wy kinne wol even tegearre oprinne, net? Dat is geselliger as allinnich.’
‘Ik bin leaver allinnich,’ sei ik en hâlde him de sok wer foar de noas. De man wie noch knapper as ik tocht hie. Ik koe myn eagen hast net fan him ôfhâlde. Wy seinen niks. Doe't fytsers ús foarby woenen
| |
| |
en wy oan de kant moasten, treau er my foarsichtich fan it dykje ôf, mei syn lange fingers op myn skouders. Hy sei: ‘Moatst der goed omtinke.’
‘Dat doch ik wol,’ sei ik.
‘Oh.’ Hy knikte. Wy wienen allebeide op bleate fuotten en moasten útsjen wêr't wy se delsetten, want oeral leinen fan dy skerpe stientsjes en stikken skulpkes.
‘Au,’ rôp er ynienen.
‘Wat no?’ frege ik.
‘Ik trape ergens op,’ lake er.
‘Doch dan jo sokken oan en jo skuon, as jo it net wend binne sa te rinnen. Ik rin altyd sa. Ik ha yl genôch sa njonkelytsen. Ik ha net iens skuon by my.’ ‘Maklik,’ sei er, en seach my wer oan. Doe bleau er stean, lei syn sweater del, pakte myn hân beet en syn moaie mûle sei: ‘Ik bin Rob. Hoe hjitsto?’
‘Martha,’ sei ik sêft.
‘Dat is in moaie namme.’ Hy hâlde myn hân beet: ‘It is krekt as ken ik dy al hiel lang, Martha.’
Hy hie my no by de pols beet en draaide myn earmbannen om. Ik fielde, dat ik in kleur krige, seach nei syn swarte hier, hiel even, dat wat slierterich oer syn foarholle lei. ‘Ik sjoch dy hjoed foar it earst,’ sei ik mei in droege mûle en ik tocht, as er my net loslit, lis ik daliks de holle tsjin syn boarst oan. Ik wurd ferskriklik fereale op dit wûnder. Ik hie myn gesicht ek al net mear goed ûnder kontrôle. Der wiene spierkes yn de buert fan myn mûle, dy't sa nuver lutsen en yn myn hiele lichem begûnen útwrydske flinters te fladderjen.
‘Kom, wy geane fierder,’ hearde ik mysels sizzen, mar ik woe hielendal net fierder. Ik woe stean bliuwe, sa, sa as wy no stienen en der moast noait in ein oan komme.
| |
| |
‘Ja?’ frege er, ‘moatte wy fierder? Wolst dat?’
Ik skodholle fan nee. Der bellen fytsers, en bern rôpen ‘uhum’ yn it foarbygean en iderien seach om.
‘Wy steane se hjir yn 't paad,’ sei ik doe en seach nei syn hân, dy't noch iderkear oan myn earmbannen siet te frimeljen. ‘Hmmm. Ja. Wy geane fierder.’
Hy pakte syn trui wer op. Dêr gongen wy wer. Seinen niks. Ik tocht, no gean ik nei hûs, en dan is it foarby. Dit wie in yntermezzo. Hy moast syn sok wer hawwe. Ik wol dat ding net hâlde. Wat moat ik der mei? Bewarje, as oantinken? Tsjin de bern sizze: ‘As jim ris wisten fan hoe'n knappe man dizze sok is.’ Hy sei: ‘Ik woe dy freegje, Martha, om daliks wat te drinken mei my. Hast dat oan tiid? En dan stap ik wer yn 'e auto.’
Wêr soed er hinne moatte? Doarst ik dat te freegjen?
‘No? Wat seist?’
Wy moasten wer oan de kant. ‘Of wolst wat ite? In pankoek, of in útsmiter. Seist it mar.’ Hy lei syn earm om myn skouder hinne. Mar al myn honger wie oer.
‘Hast myn sok ek fûn,’ lake er.
‘Ja.’
‘Se lieten him allegear lizze, mar do krigest him op.’
‘Ja.’
‘No, en dêrom...’
Ik woe by dy man bliuwe, dy't Rob hjitte en ik woe tagelyk it leafst safier mooglik by him wei.
‘Moai is it hjir,’ sei er doe.
‘O ja. Der is ek noch heide. Foarby de dunen.’
‘Haw ik sjoen.’ Hy rûn no hiel rjochtop, en foar myn gefoel seach er oer alle dunen en bosken hinne.
‘Ik ha noch gjin antwurd op myn fraach.’
‘Nee.’
| |
| |
‘As beleanning.’
‘Oh ja...’
‘Wy ite ek wat,’ sei er, doe't wy goed en wol sieten. It wie fol yn it restaurant en ôfgryslike waarm. Alle doarren stiene wol tsjinelkoar iepen, mar der wie gjin wyn, dy't der trochhinne waaie koe. Alles rûkte nei frituerfet en ik hie nergens sin oan. Hy sei: ‘Ik bestel twa pankoeken. Mei appel. Ast him net ha wolst, litst him mar stean.’ Wy dronken fan ús tonic, drukten swijend mei it stamperke op it stik sitroen. Doe frege er: ‘En, Martha, wennest hjir?’
Hy seach my oan, mei in griene blik. In moai gebit hied er. Hoe âld soe er wêze?
‘No, wenje... Ik ha fakânsje en dêrom bin ik hjirre. Dat is strak wer foarby.’
Hy knikte, frege net wêr't ik dan hinne moast.
‘It giet om fjirtjin dagen,’ sei er doe. Hy helle in pakje Camel ergens wei, bea my ek in sigaret oan, skarrele in jiskebak op en hâlde my syn oanstekker foar. Ik wachte ôf. Hoe, fjirtjin dagen? Moast hy dan ûnderdak hawwe? Tocht er, dat er by my útfanhûzje koe? Wer seach er my oan.
‘Bliuwst hjir noch wol fjirtjin dagen?’
Hy naam de Davidsstjer, dy't ik om myn hals hingjen ha tusken syn fingers, en dy oare hingers, hifke se yn 'e hân, sei, dat dat mar in hiel gewicht wie, dêr om myn nekke en ik bûgde myn holle en rûkte syn hân. In bittere lucht, krûdich. Ik sei: ‘Dyn hân rûkt nei augustus, sa rûkte it fan 'e moarn ek, bûtendoar, doe't ik fan 't bêd ôf kaam.’
‘Bist in apart minske. Mar dêrom hast myn sok ek opkrigen. Dy haw ik dus no werom. Miskien soest noch wol wat foar my dwaan kinne, Martha.’
‘Tink ik net.’ Ik gong achterút sitten, omdat in fam- | |
| |
ke in papieren placemat en in foarke en in mes bewuolle yn in servetsje foar my dellei. Rob bestelde tagelyk noch twa tonic.
‘Oh ja.’
Wylst er it sei, seach er ta it rút út, knypte syn eagen hast ticht, tsjin de sinne, dy't tusken de huzen troch oan de oare kant fan de dyk, ús lyk yn it gesicht skynde. Ik seach ek nei bûtendoar, dêr't hiele húshâldings by de picknicktafels patat ieten of mei hege sorbets oan it wrakseljen wienen. Ik sei: ‘Wêrom sitte wy net bûten?’
‘Dêr wie gjin plak. En it praat hjir wat rêstiger. Ik wol dy wat freegje, Martha.’
It hert bûnze my lûd yn it boarst.
‘Do bliuwst hjir noch wol fjirtjin dagen?’ My oansjen, troch my hinne sjen.
‘Dat hinget der wat fanôf,’ sei ik ûnwis.
‘Fan it waar?’
‘Nee.’
In oar famke sette in prachtige pankoek foar my del. En in giele kartonnen pot mei echte sjerp. It wetter rûn my om 'e tosken.
‘Go,’ sei ik, ‘yt lekker, Rob.’
‘Ja, do ek.’
Doe't wy sawat op 'e helte wienen, sei er, wylst er syn mes en foarke dellei:
‘Hear ris, Martha...’
Ik hoegde nergens om thús te bliuwen. Ik koe gewoan myn gong gean. Mar dy earste dei bleau ik der wòl om thús. Ik siet der op te wachtsjen en hearde de belle ek as er net gong. Ik die oars net as hinne en wer rinne en koe it nergens fine, en bidde yn stilte en lûdop, dat der mar net ien even tafallich lâns komme mocht, want wat moast ik dan sizze? Ik hie it
| |
| |
toutsje út 'e brievebus hingjen, dus ik wie thús. In toutsje mei in reade kraal der oan. Ik miende, dat ik alles goed ûnthâlden hie, mar ik twivele der ek wer oan, wylst ik op de wc siet te sjen en út gewoantewei trochspielde mar niks dien hie. Healwei seizen gong de belle. Ik trille sa ôfgryslik, dat ik amper oerein komme koe.
‘Ik bestjer it,’ tocht ik. Mar ik bestoar it net en rûn wibelich nei de doar. Dêr stienen se. Se wienen noch grutter as ik tocht hie en skodden oer har hiele liif om de miggen fuort te jeien. Ik sei neat. Koe ek niks sizze, want myn mûle woe net prate.
Ik die sa as ik dwaan moast:
By de leie nimme, ien foar ien (de oare bleau wol stean), troch de gong loadse, troch de keamer hinne en dan it hynder bûtendoar oan it pealtsje fêstmeitsje. Ik hie twa pealtsjes yn 'e tún krigen. Hoe lang as ik der oer die om dy beide bisten dêr te krijen, wit ik net, foar myn gefoel duorre it oeren. De hynders dienen as wie it de gewoanste saak fan de wrâld en stienen dan te stean. Se makken gjin leven, gongen net op 'e rin, stienen, sloegen ris mei de holle hinne en wer, eagen iepen, eagen ticht, of treauwen de noas yn it gers, dat troch de droechte hast gjin gers mear neamd wurde koe. Se stienen. Gongen ek noait ris even sitten of der by lizzen. Nee. Stean. Ik wit neat fan hynders ôf, behalve dan, dat se skonken hawwe en gjin poaten, gjin bek, mar in mûle, want it is in edel dier, en se lizze gjin aaien, want it is in sûchdier, mar dan hâldt myn bysûndere kennis ek op.
Dy hiele earste jûn siet ik der nei te sjen, en doe't it skimerich waard, koe ik se noch moaier sjen, ôftekene tsjin de loft, en doe't it tsjuster wie, seach ik se net mear. Doe rûkte ik se allinnich noch. As se pissen
| |
| |
waard ik kjel, want dêr meitsje se in soad kabaal by, in wetterfal gelyk.
Doe't ik wekker waard, dy oare moarns, wie it earste, dêr't ik oan tocht, de hynders. Se stienen der noch. Fansels. Mar doch. Se stienen der noch krekt sa as se der delset wienen. Presiis op itselde plak en ik krige grut respekt foar wat dat libbet salang stil stean bliuwe kin. Se koenen fansels ek net folle oars mei sa'n lyts toutsje. Se hienen de eagen wer iepen (of hienen se dy net iens ticht hân?) en skodden wer mei har hiele lichem en slingeren mei de sturt, dy moaie bisten.
Wylst ik myn tee opdronk, beseach ik se. Doe klaaide ik my oan. Tusken healwei achten en acht oere soenen se poepe. Dan moast ik de klean oan hawwe. En de figen yn de lege salata-ammerkes dwaan, lid derop en fuortbringe. Delsette by de tredde container op de lytse camping. Yn dy tuskentiid helle in jonge (?) de hynders wer op. Ik moast net feijitte om it toutsje út 'e brievebus te hingjen. As ik wer thúskaam, wiene myn útfanhûzers fuort en stienen der oare salata-amers op de tafel en twahûndert gûne lei ûnder myn breaplankje.
Foar my. Ik waard sliepende ryk.
It twadde stel hynders seach der hiel oars út as it earste. It wienen brune en ik fyn swarte no ienkear moaier. En se wienen ek ûnrêstiger. Se stampfuotten de hiele jûn. En se stonken. Net dy gewoane hynstelucht, dy't noch wol lekker rûke kin, nee, om dizze bisten hinne hong in pissige, switterige lucht. Dêr koenen dy bisten fansels neat oan dwaan en ik woe it se dan ek net kwealik nimme, mar ik die it, goed besjoen wol.
Doe't ik dy oare moarns oan de tee siet en myn bôle
| |
| |
opkôge en se dêr sa braaf stean seach, oan de pealtsjes, tocht ik, nee, meist ek net diskrimineare, dy brunen binne ek wol leuk, al bliuwt swart leuker. Mar se poepten ek pas om njoggen oere en dat brocht myn hiele dei yn 'e war, want ik woe te fytsen.
Mei it tredde stel, dat tsjin sânen op 'e stoepe stie, hie ik wat problemen. It wienen wol swarte, mar tige meagere skarminkels en sa slim te hantearjen foar my. It iene hynder stampfuotte eigenwiis straal de ferkearde kant út, reage hast de televyzje ûndersteboppest en woe net troch de keukensdoar nei bûten ta. It bist wie bang. Mei twa sûkerklûntsjes (ik hie net mear) en in stik droege bôle krige ik it lang om let doch yn de bleek. Dat oare wie makker en gewilliger en die as kaam it al jierren by my oer 'e flier. Se poepten allebeide om kertier foar achten, kreas op 'e tiid, presiis in amer fol, en doe't ik de brot fuortbrocht nei de tredde container fan de lytse kamping, fûn ik thús wer nije salata-amers en twahûndert gûne ûnder de planke op de tafel.
It jild treau ik yn myn naaidoaske. It waard al in hiel steapeltsje en ik koe der oeren oer sitte te prakkesearen wat ik der wol net allegear foar keapje soe. In fyts foar de bern mei fan alles der op en der oan, dat yn elk gefal, en foar mysels? Ik koe niks betinke, ik hie goed besjoen alles, mar as dit sa trochgong...
Ik begûn oan hynders te wennen. Ik wie der net mear bang foar en ik fûn se ek net mear sa ôfgryslike grut. Ik kloppe se freonlik op 'e grouwe liven en makke in gesellich praatsje mei myn gasten. En dan seagen se my oan, as oft se begrepen wat ik sei. Dan wienen it wer krekt hûnen. Dy ha dat ek. Rob seach ik net wer. Hy hie my ferteld, dat syn fakânsje om
| |
| |
wie en frije dagen hied er net. Hy wurke by in reisburo, mei sa'n frjemde namme, dat ik it mar net ferstean koe en him net doarst te freegjen om it nei de fiifde kear noch ris te sizzen. En ik tocht ek net mear oan him. Sa no en dan ris, even, mar hoe raar as it ek hearre mei, myn hiele dagen waarden yn beslach nommen troch dy hynders. Alles by my rûkte ek nei hynder. Myn hiele hûs. Ek ik sels. Sels myn skjinne klean. De lucht hong hjir yn de loft. As ik yn de kampwinkel myn schnitzeltsje helle en in krop slaad en by de suvelprodukten yn 'e rige stie, draaide iderien him om om oan my te rûken. En ik bespuite my mei alle mooglike parfums, en wat in oar doe rûkte, wit ik net, ik sels rûkte noch allinnich mar hynder.
Net ien kear haw ik sjoen wa't de bisten elke dei by my foar de doar sette. Ik wie der freeslik benijd nei en siet oeren op de útkyk, achter it gerdyn fan de sliepkeamer. Dan gebeurde der niks. Mar krekt as ik even in kop kofje ophelle of sa noadich nei de wc ta moast, dan ynienen gong de belle en hoe gau as ik der ek hinne fleach, gjin mins te sjen. Se falle seker út 'e loft, tocht ik wol ris.
Op in kear krige ik twa wite, dy koe ik midden yn 'e nacht noch hiel dúdlik stean sjen. Dy rûkten wer oars as swarte en brune. Se rûke swieter. Der is in strûk, dy't dy geur ek hat, bloeit yn july, mei hiele lytse blomkes, wat mjitsk. Ik wit net hoe't er hjit. Hy groeit hjir ek, mar as ik der in tûke ôflûk en yn in faas set, falle daliks alle blomkes derôf en wurde op slach brún. Dat kin dus net, yn in faas.
Op in goede dei stie ús Maaike foar de doar.
‘Do?’ sei ik.
‘Ja, dat sjochst,’ sei se en sette in swiere tas op in
| |
| |
stoel del: ‘Ikke. Fynst dat nuver? Ik bestean noch. Libbesto ek noch? Wy hearre mar noait wat fan dy en bellest ek noait mear op.’
Se draaide har om, pakte in glês út 'e kast, luts de iiskast iepen: ‘Wat hast te drinken? Ik fergean fan de toarst.’
Se krige it pak mei sûpe, skodde it wyld hinne en wer, geat doe de helte oer har glês hinne, seach my oan: ‘Seist niks, of kinst ek al net mear prate? Kinst it dy miskien net foarstelle, mar wy binne dea ûngerêst. Wy tochten, miskien hast wol wat brutsen, leist hjir foar pampus. Gjin mins dy't dy sjocht.’
‘Hoe bist hjir kommen?’ frege ik en fage my it swit fan de foarholle.
‘No, hoe komme jo hjir? Mei de bus fansels. Earst de iene en dan de oare en ik moast tweintich minuten wachtsje foardat dy oare wer fierder gong. Sjochst wolris op it boerd by de winkel? Dêr stiet op, datst my opbelje moatst. It stiet der al dagen. Mei strepen derûnder en in pylk derby. Of hast dyn kontaktlinzen der hjir mar net yn?’
De skuldgefoelens kniepen my de kiel ticht. Ik stammere: ‘Hoe is it mei dy? Hoe is it mei jim allegearre?’
‘Kin it dy noch wat skele?’
‘Ja, natuerlik,’ sei ik.
‘No goed. Mar hoe is it mei dy? It is al mear as acht dagen lyn, dat wy wat fan dy hearden.’ Se luts har t-shirt út: ‘Ik swit my dea.’
‘Ja, it is in moaie simmer,’ sei ik lullich, ‘altyd moai waar.’
‘Ik wie ûnwennich fan dy, mem,’ sei se doe. De triennen sprongen my yn 'e eagen: ‘Ja, it is ek net moai fan my, dat ik...’
‘No ja, en ast it no smoardrok hiest, mar hast ek noch niks te dwaan. Wat dochst sa'n hiele dei?’
| |
| |
‘Wat doch ik?’ Ik fage de triennen fan myn gesicht ôf.
‘Hoechst net te gûlen. Mar snapst it wol?’
‘Ja, ja.’ Ik seach op myn horloazje. It wie healwei fiven.
‘Wolst noch in glês sûpe? Hast ek honger?’
‘Jou my mar in krintebol. Dy hast ek, seach ik.’
‘Mei bûter?’
‘Ja.’ Ik smarde in krintepofke, joech it har oer.
‘Ik wol noch wol ien hawwe. Smar noch mar ien.’
Se rûn nei bûtendoar ta en gong yn it gers sitten.
‘Lekker is it hjirre. Ferfeelst dy net? Sa allinnich?’
‘Nee, oant no ta net. Bliuwst hjir in pear dagen?’
‘Nee, fannacht allinnich mar. Dat witst noch net iens, mar ik ha in baan. Ik begjin nije wike al. Dat hie ik dy fertelle wold, mar bellest noait op.’
‘Wat geweldich,’ sei ik bliid.
‘Ja, op it belestingkantoar. Net dat dat no myn libben is, dy stomme papiertroep, mar ik pak fansels oan, wat ik mar krije kin. Ik ha echt mazzel hân.’
‘Gôh, wat geweldich,’ sei ik wer.
Se gong plat op it liif lizzen, mei har noas yn it gers. ‘Wat rûkt it hjir nei hynders,’ lake se. ‘Dat kin fansels net. Mar sa rûkt it al. Of pis. No nim ik net oan, datsto hjir yn it gers sitst te pisjen, al-hoe-wol...’
‘Toe no. No ja, as der in spin yn de wc sit, dan.’
Hie ik it toutsje wol út 'e brievebus hongen?
‘Trouwens,’ sei se, ‘yn 'e hûs rûk ik ek wat. Wat nuvers. Wat oars as oars. Hjir hinget altyd in bepaalde lucht. It sil wol fan de waarmte komme. En hast nije droechblommen, sjoch ik.’
Ik moat it har fertelle, tocht ik, mar wêr moast ik begjinne? It wie in hiel ferhaal.
Se frege: ‘Wat hast dêr foar gekke pealtsjes stean?
Wolst in pear geiten hawwe? Miskien meie dy dit
| |
| |
giele gers noch wol. Geiten libje fan niks. Soest ris sproeie moatte. It is hjir te droech.’
‘It sil wol wer ris reine,’ sei ik. ‘Ik sit der net sa mei.’
‘Wannear komst wer thús? Ik wit wol, datst it leafste hjir bliuwe wolst, mar...’
‘Ik wit it noch net, Maaike,’ sei ik.
‘Is der wat, memmy? Sjochst der oars wol goed út.’
‘Der is niks, nee.’ Wy leinen no allebeide op 'e rêch yn it gers, eagen ticht.
‘Sa kinst wol hûndert jier wurde,’ suchte se. ‘Ik moat der net oan tinke, dat kantoar, mei sok waar, mar ja, it bliuwt gelokkich net altiten sok lui waar, want hjir wurdst lekker lui fan fansels. Fynst net?’
‘Ja, nee,’ sei ik en sykhelle even djip.
‘Sliepst?’ frege se.
‘Nee-nee, mar wurdst wol slûch.’
‘De belle, memmy. De belle giet. Der is ien.’
Se skeat oerein, flústere: ‘En dêr haw ik no hielendal gjin sin oan, dat der ien komt. Sille wy mar net iependwaan?’
It wie as gong myn hier omheech stean. Houterich kaam ik oerein en die in pear knoffelige stappen.
‘Maaike,’ sei ik mei in koarkdroege mûle: ‘Moatst net kjel wurde. Ik móát de doar iependwaan. Dat kin wier net oars.’
‘Hast in freon. Diest al sa senuweftich doest my seachst.’
Ik rûn it hûs yn, draaide my wer nei har ta: ‘Maaike, wurd net kjel. Silst net witte watst sjochst. Nee, it is gjin man, mar hiel wat oars.’
‘Do witst wat der foar de doar stiet.’
‘Ja en nee, mar ik moat der no noadich hinne,’ en ik skode de tafel oan 'e kant. Se kaam my nijsgjirrich achternei. Ik sei: ‘Moatst in bytsje út 'e wei gean. En niks sizze. Beloof my dat. Net skreauwe of sa.’
| |
| |
‘Doch no mar gewoan, mem,’ sei se lilkich tsjin my.
‘Stel dy net sa oan.’
Doe die ik de doar iepen. Twa swarten.
‘Hynders,’ skreaude se, ‘mem, bist gek. Moatte dy deryn? Kinne dy troch de doar?’
‘Soest dy stil hâlde,’ sei ik kalm, en naam it earste hynder by de leie fêst: ‘Kom mar, jong. Ja, wy kinne krekt troch de doar, wat seisto, mei in bytsje ferdrach kin der in soad yn de wrâld,’ en ik aaide it bist even oer syn moaie noas. Troch de keamer. It hynder skommele tsjin de tafel oan, skodde wat mei de holle, sloech mei de lange sturt tsjin it pak sûpe, dat Maaike op it oanrjocht stean litten hie, sadat it omfoel yn de goatstien. Ik bûn it dier fêst en helle doe it twadde hynder op. Maaike sei niks, mar stie mei har goudringenette-eagen te sjen, beide hannen foar de mûle.
‘Wat in skitterende bisten,’ sei se doe.
‘Ja,’ ik knikte grutsk.
‘Hoe komst dêr oan? Wêrom moatte dy hjir stean?’
‘Ik sil it dy fertelle,’ sei ik gewichtich. ‘It begûn op in dei, dat ik fan it strân ôf kaam en in sok fûn fan in hiele moaie man, dy't Rob hjitte.’
‘Koest dy?’
‘Nee, mar...,’ en ik seach mysels wer mei dy pankoek omavesearen. En Maaike krige alles te hearren, want ik wie bliid, dat ik it no einlings ris oan ien fertelle koe. En se seach yn it naaidoaske nei de briefkes fan hûndert, frege har ôf oft se wol echt wienen, hâlde se, as hie se der ferstân fan, tsjin it ljocht en seach fansels niks bysûnders.
‘It sit allegear wol goed, hear,’ sei ik, ‘meitsje dy gjin soargen.’
‘En wat moatte se mei dy poep?’ frege se doe.
| |
| |
‘No, dy brûke se foar in kwekerij. Ien of oare tulpebolleboer kweekt in nij soart tulpen, en dat moat mei hynstefigen. Ik wit it ek net sa presiis. Hy hat it my wol útlein, in yngewikkeld skeikundich proses. Ik snapte der niks fan.’
‘Wêrom helje se dy dan net gewoan út in maneezje? It binne hjir allegear hynders.’
‘Dit moat sa,’ sei ik, ‘en ik hoech niks oars te dwaan as...’
‘Ja, ja, dat wit ik no wol.’ Wy stienen yn de keukensdoar nei de hynders te sjen. Grutte brune eagen. Switplakken op 'e rêch.
‘Dizze haw ik al ris earder hân. Leau ik. Moai, no?’
‘Wat hasto altyd nuvere dingen,’ sei Maaike.
‘Och wêrom. Ik bin der al hielendal oan wend. Ik fyn it hiel gewoan.’
‘En de buorlju, sizze dy niks?’
‘Nee, dat iene hûs is de lêste wike net bewenne. Yn
it oare sitte Dútsers. Ik sjoch dy minsken noait. Dy
strûken sitte der tusken.’
‘No kin ík moarnier sjen wa't se wer ophellet,’ sei Maaike. ‘Hoe let is dat?’
‘Dat hinget der fan ôf, wannear't se poepe. As ik ta de doar útstap mei de amers, komt hjir ien. Ik ha noch noait in mins sjoen fansels, want ik bin der dan net.’
Doe helle ik de jirpels út it hok en wy gongen bûtendoar sitten. Ik skylde en Maaike bewûndere de hynders oan alle kanten en sei al dy dingen, dy't ik de earste dagen ek allegearre sjoen en tocht hie. De jûns skrabbelen wy in potsje en harken nei it prûsten en snuven fan de bisten. Hiel fredich.
‘Wolst it sjen, wat ik doch, Maaike?’ frege ik har de oare moarns. Ik stie mei it skepke en de amers by
| |
| |
har foar it bêd.
‘Ik sliep noch,’ sei se. ‘Ik leau it wol,’ mar se kaam der doch ôf en bleau yn 'e doar stean te sjen.
‘Wat in soad,’ fernuvere se har.
‘Ja, dat tink ik ek, elke moarn wer. It is trouwens de iene kear wol mear as de oare. Dit binne tige bêsten. Ja, witste, ik krij der ferstân fan sa njonkelytsen. Hoe let is it?’
‘Kertier foar achten.’
‘No, kreas.’
‘Is dat swier?’
‘Fiel mar.’
‘Ja, swier, mar it stjonkt net sa. Dêr leit noch wat. Ferjitst ien, in hiel lyts fiichje.’
‘Och heden. No gean ik. Wat dochsto? Giest wer op bêd? Of bliuwst yn 'e keamer sitten? Dan kinst miskien sjen, wa't der komt.’
‘Nee, dat doar ik net. Der is fansels wat mei. Mar dat wolst my net sizze.’
‘Hoe komst der by? Wat soe der mei wêze? Ik ha dy alles ferteld.’
Earlik sein, hie ik dat sels ek al ris tocht, mar omdat ik mar net betinke koe wàt dan wol, hie ik dy gedachten ek daliks wer fan my ôfsetten.
‘Ik gean,’ sei ik.
‘Wachtsje, ik gean mei dy. Ik bliuw hjir net allinnich. Ik bin bang.’
‘Skiep, stel dy net oan.’
En Maaike, dy't oars altyd in hiel geskyt hat om fuort te kommen, helle in riemke út har tas wei, bûn it om 'e nachtpon hinne, glied yn 'e sandalen en pakte my by de earm beet.
‘Wolst ek even ien tille?’ frege ik har.
‘Ast no ek noch wat dwaan wolst yn 'e fakânsje, bêst, dat is dyn saak,’ prottele se, ‘mar ast no niks
| |
| |
betters útfine kinst as mei stront sjouwe.’
‘Och,’ sei ik, ‘it moat even dien wurde, ju.’
‘Rin net sa hurd. Wêr moatte wy hielendal hinne? Is dat in ein, de lytse camping?’ Se fûtere en kankere mar troch: ‘En sa betiid. Der is noch gjin mins op 'e lappen. Yn de fakânsje, iderien sliept noch, mar do...’
‘It is moarns betiid sa moai en sa betiid is it doch net, en sa hast noch in hiele lange dei, ast...’ begûn ik, mar Maaike sei:
‘Hâld dy mar stil, ik leau it wol en ik ha no al kramp yn myn earm.’
Doe seinen wy niks mear.
‘No, dizze twa hûndert gûne binne foar dy, Maaike. Hast my ek holpen, kinst ek wol trije fan dy briefkes krije of fjouwer. Ik ha genôch en ik wit net iens wat ik der mei dwaan sil. Hoefolle wolst hawwe? Seist it mar.’
Se plofte op in stoel del, pakte in briefke mei lange fingers en in fiis gesicht, rûkte deroan en sei: ‘Se stjonke.’
‘Wêrnei,’ frege ik, ‘Ik ha der noch noait oan rûkt.’
‘Nei hynstefigen,’ sei se.
‘Wolst se hawwe of net? Ik hoech se net.’
Se pakte de deodorantstift, sette dêrmei in krús oer de briefkes hinne en sei: ‘As ik dy net ûntriif. Ik ha oan twa genôch. Tankjewol. Ast se doch sels net hâlde wolst. Ik keapje der in broek foar. Ik ha in hiele leukenien sjoen. Hûndert en tritich gûne en dat wie my te djoer, mar no keapje ik him. Tankjewol, mem.’
Wy hienen in gesellige dei tegearre. Se hie om in oere of fjouwer wer fuort wold, mar bleau no om de
| |
| |
nije sinding hynders ôf te wachtsjen. Gong, krekt as ik dien hie, achter it gerdyn sitten yn de sliepkeamer om te sjen wa't se brocht. Oft dat miskien dy moaie man wie. Mar se ferfeelde har dêre en krekt doe't se by my bûtendoar kaam te sitten om te sizzen, dat se har nocht hie, gong de belle.
‘Giest mei?’ frege ik, wylst ik de tafel oan de kant skode, ‘Of doch do de doar mar even iepen.’
‘Wite,’ rôp se entûsjast, ‘twa wite.’
‘Och heden,’ sei ik, ‘Hawwe wy dy dêr wer,’ en ik krige se by de leie beet en loadste se troch de keamer hinne.
‘Learst it al aardich,’ sei Maaike, ‘Ja mem, ik fyn, datst it mar knap dochst. Ik hie noait tocht, datst dat koest.’
‘Ik sels ek net,’ sei ik selsfersekere en sette de skimmels handich fêst.
‘Wêr komme se doch wei? Witst dat wier net?’
‘Nee Maaike, echt wier net. Ik wit niks. Se binne der, dat kinst sjen en fierders wit ik neat. En ik bin no sa fier, ik soe se misse as se net mear by my foar de doar stienen.’
‘En wa hat dy pealtsjes deryn setten? Do ek?’
‘Nee, dy stienen der op in kear, doe't ik thúskaam. Doe hie ik út 'e fytsen west.’
‘En hoe lang giet dit troch?’
‘It is in kerwei fan sa'n fjirtjin dagen, kin ik dy sizze en der binne no tsien fan om. Sa is it ôfpraten. Mar it kin ek langer. As ik fuort moat, moat ik der in briefke by yn triuwe, boppe op dy figen.’
‘Hast dat ôfpraten mei dy man?’
‘Ja, mar ik wol noch net fuort.’
‘Sjochst dy man ek wer?’
‘Nee, nee. Ik tink teminsten fan net. Nee, ik bin der wol wis fan fan net. As it goed is, sit er no yn it bû- | |
| |
tenlân. Ergens, wit ik folle. Even wie it wol leuk, mar it is fansels in frjemde fûgel. En hy wie my einliks te moai, echt in hiele moaie man, hear Maaike.’
‘Ja, dat wit ik no wol. Ik hâld net fan moaie manlju en hielendal net as se it sels ek noch witte.’
‘Ja.’ Ik suchte, prikte in gatsje yn de aaien en liet se yn it siedende wetter sakje. Doe't it iten klear wie, namen wy ús board op 'e knibbels en gongen op de tegels sitten, dy't waarm oan ús billen wienen.
‘Fynst it wol lekker, Maaike?’
‘No,’ sei se, ‘dat is gek, mar alles watst hjir ytst, smakket nei hynders. Dizze priuwe oars as juster, dizze binne swiet.’
‘Kloppet,’ sei ik, ‘Wite hynders. Se binne wat mjitsk.’
Doe't ik Maaike op de bus sette, wie it earst wer stil yn 'e hûs en ik sette foar de feroaring de televyzje mar ris oan. Ik soe krekt sjen wat de brânen allegear wol net ferrinnewearre hienen yn Súd-Frankryk, doe't ik ûntdiek hoe ûnrêstich as myn bisten fan dat geflikker waarden en ik drukte wer op 'e knop. Tsjin alven gong ik op bêd.
‘Wêr bliuwe de ammerkes?’ Foar my stie in âld mantsje mei in fette pet op.
‘Ammerkes?’ frege ik.
‘Litte wy inoar gjin mytje neame,’ sei er, ‘Wy witte allebeide donders goed wêr't wy oer prate.’ Hy kaam by my yn de gong stean. Rûkte nei hynders.
‘Gewoan, by de tredde container,’ sei ik heas.
Der kaam in ûnfersteanber wurd tusken syn sloppe lippen wei. Hy hong mei de rêch tsjin myn foardoar oan, klaude mei smoarge fingers oer syn holle wangen hinne en sei dingen, dêr't ik mei gjin mooglikheid wiis út wurde koe.
| |
| |
‘Ik ferstean jo net,’ sei ik.
‘Fout,’ skreaude de man, ‘Dúdlik?’ en loek syn pet oer 'e eagen, liet in ôfgryslike lûde skeet en die de doar wer iepen. Hy rûn lyk yn de earmen fan twa plysjemannen, yn gewoane klean, dy't in identiteitskaart yn de rjochterhân omheech hâlden.
‘Wat krije wy no?’ frege ik trillerich.
‘Martha?’ frege ien fan de plysjes.
Ik knikte fan ja: ‘Is der wat?’
Se namen my mei nei Alkmaar, en setten my del yn in hiele grutte keamer, mei in parketflier en learen stuollen, dêr't ik yn fersûpte. Op in ovale tafel seach ik de salata-amers stean, mei de figen fan myn hynders. Yn in oare hoeke fan de seal siet in froulike plysje yn in krante te lêzen. Sa die se. Mar ik fielde, dat se nei my siet te sjen. Ik frege: ‘Soe ik op in oare stoel sitte meie? Dizze is my wat te grut.’
Dat mocht, fansels wol. Ik koe útsykje, sei se. Ergens sloech in klok alve kear. In frou mei in griene jurk oan, joech my in kopke kofje en in stik bôle mei tsiis.
‘Lekker,’ sei ik, ‘Wy sitte hjir yn de tsiisstêd fansels.’ Se knikte, mar sei niks. Even letter kamen der trije plysjes yn. Mei grouwe boeken, dy't se op 'e earmen droegen, rjocht foar harren liven út. Ik moast by de tafel komme om de foto's te besjen, want it wienen fotoboeken.
‘Kenne jo dizze man?’
‘Nee, nee, dy ek net, nee, dy ek net, ek net.’
Se blêden mar troch. Ik koe der net ien fan. Soms wie der wolris ien by, dy't op ien like dy't ik koe, in bytsje, sa hiel yn 'e fierte, mar nee. It twadde boek. Nee, nee, nee. Ik begûn it sneu foar har te finen, allegearre fergese muoite, mar ik koe it ek net helpe.
| |
| |
Deawurch sei ik: ‘Ik ken net ien fan dy minsken. Hoe soe ik se kenne moatte? Wêr komme se wei?’
Se kamen oeral wei en sieten yn de saak, dêr't ik ek yn meiwurke. Ien fan de manlju wiisde mei in sleauwe tomme nei de amers, dy't op 'e tafel stienen, samar yn de gleone sinne. De froulike plysje harke mei, skreau sa no en dan wat op en rekte har út, de earmen hiel heech.
‘Wêr giet it einliks om, of oer?’ frege ik, dweiltrochwiet fan it swit: ‘As ik der oan meiwurkje, sa as jimme sizze, dan mei ik doch ek wol witte...’
‘Om de hynstefigen,’ en hy wiisde wer de kant út fan de salata-ammerkes, dy ûnnoazele plysjeman. Hy wie seker ek wurch en waarm, en sloech no de siden om sûnder der sels nei te sjen. Mar miskien koed er alle foto's ek wol út 'e holle.
Rob stie allinnich, hielendal allinnich op in bledside. Sa as er der op stie, seach er my oan, lyk yn it gesicht. Myn hert stie even stil en bonke doe sa fûl, dat myn t-shirt der fan trille. De plysje soe him wer omslaan, mar ik lei myn waarme hân op sinen en frege: ‘Wachtsje even, ja? Mei ik noch in tel sjen? Dat is Rob. Sa seach er ek, doe't wy sieten te pankoekiten yn it restaurant. Ja.’
‘Wa is dat?’ fregen de manlju tagelyk, ynienen alle trije de sliep ùt.
‘Rob,’ sei ik noch in kear, ‘Rob.’
‘En dy man kenne jo? Dizze?’ frege de iene plysje.
‘No, kenne. Nee. Mar wy ha pankoeken iten tegearre, sa'n fjirtjin dagen lyn.’
‘Rob? Mei Rob?’ fregen se wer tagelyk. Ja, ik knikte.
‘En dat is Rob,’ sei ik wer, bliid, dat ik in bekende seach, mar mei pine yn 't liif fan alle flinters, dy't dêr as gekken oan it spinpoatsjen wienen.
‘Sa'n moaie man. Jo sjogge se selden sa. Sa'n ien
| |
| |
hoech ik mar ienkear te sjen om him fan myn libben net wer te ferjitten.’ Ik lake gelokkich. De froulike plysje stie der no ek by, se rûkte nei krúdkoeke.
‘Wa is Rob?’ frege se droech, ‘Dizze?’ Se seach nei de foto, doe nei my: ‘Hjit hy Rob? Dat wisten wy net. Hy hat ek noch in oare namme.’
Ik sei: ‘Kin wol wêze. Hy sei tsjin my, dat er Rob hjitte. En hy ferlear syn sok en dy fûn ik.’
‘Eigenaardich,’ sei de plysje.
‘Dat ik dy sok fûn? Dy lei dêr gewoan, mar elkenien liet him lizze. Ik wie der net fiis fan en pakte him op.’
Se seagen elkoar oan. De froulike plysje hie har hannen op 'e rêch en stie op har teannen te wippen. Ik sei: ‘Dêrnei ha wy dy pankoek hân. Dêr traktearde hy my op. En doe is er fuortgien. Hy hie in reade auto. As ik even neitink, wit ik it nûmer noch wol.’
‘Hokfoar merk auto?’ frege se.
‘Dat wit ik net, mar as jim my in stikje papier jouwe, skriuw ik it nûmer op. Ik moat it even útprobearje.’
‘Sjit my mar lek,’ sei de plysje, dy't oant no ta noch niks sein hie en in hiele donkere stim hie.
‘En dy drollen?’ frege de earste plysje.
‘Dat is in geheim. Dy binne foar in tulpebollekwekerij. Se kinne better net yn 'e sinne stean. Yn hynstefigen, hawwe se útfûn, sit hiel wat spesjaals.’ De namme fan dy spesjale stof koe ik net mear betinke en fierders wist ik it ek net en ik tocht, wat is it doch aaklik as je nergens in soad ferstân fan hawwe.
‘En?’
‘En? No, se meitsje der in hiele prachtige tulp fan en as dy der is, komt er “Martha” te hjitten, nei my.’
Ik seach wer nei Rob. Hy lake, en knikte my ta op de foto.
‘Lucia,’ sei de twadde plysje, ‘skriuw dy ûnsin op.’
| |
| |
Hy wreau mei beide hannen oer syn brune eagen, dy't hiel fier yn syn holle weidûkt sieten ûnder dikke wynbrauwen.
‘De recorder stiet oan,’ sei de froulike plysje, dy't dus Lucia hjitte. Se begûnen wer yn it fotoboek te blêdzjen. Ik sei:
‘Hâld mar op. Ik ken dy minsken doch net en ik hoech se ek net te sjen.’
‘En dizze dan?’ frege Lucia.
‘Ja, dat is dat mantsje fan fan 'e moarn. Dy hie ik noch noait earder sjoen.’
‘Nee? Is dat wier?’
‘Ja, wêrom soe ik lige.’
Doe gongen se stean en Lucia treau my nei de ovale tafel ta. Se die it lid fan ien fan de amers ôf, tsjoende ergens in jirpelleppel wei en stiek yn de figen. Se helle der in swart rûn boltsje út, sa grut as in prom. Se fage it ôf oan in ôfdroegersdoek.
‘Sjoch, Martha,’ sei se.
‘Ja, ik sjoch, wat moat ik sjen?’ sei ik en seach nei har beevjende hannen mei de oranje lakke neils.
‘Hjir sit wat yn,’ sei se geheimsinnich.
‘O ja?’ frege ik benijd, ‘en dat is?’
‘Dat is...’ Se wachte even, flústere: ‘Witst it echt wier net, Martha?’
‘Nee.’
‘Heroïne,’ sei se sêft, mei in hân op myn skouder. Se seagen my allegearre oan. Ik seach oeral plysjes, se draaiden om my hinne en ik draaide om har hinne. Wy sweefden mei ús allen de hiele seal troch en as ik de grûn seach en der gau op stean gean woe, wiene de planken wer fier boppe myn holle. En ergens, in ein fuort, hearde ik Lucia sizzen:
‘Gerrit, se falt flau.’
| |
| |
Sels Maaike waard optrommele, wylst se krekt op dat belestingkantoar siet. Mar se moasten har hawwe. Ik hie graach fan tefoaren even mei har prate wold, om har te sizzen, dat it allegear wol wat tafoel en dat it bêst mei my wie, mar dat koe net. Lykwyt stapte se de seal yn, seach mei grutte bange eagen om har hinne, mar krekt myn kant net út, of se seach my oer de kop, want ik koe mar justjes mei myn holle boppe de bank foar my útkomme. Se moast swarre, dat se de wierheid sprekke soe en oars neat as dat en dat die se, al koe ik it net ferstean. Waarme triennen rûnen my oer 'e wangen. Safolle as ik op dat stuit fan myn swarrende dochter hâlde. It kloppe allegearre wat se sei, ja, sa wie it. En hie se har mem wolris praten heard oer de man Rob?
‘O ja,’ sei Maaike, mei kûltsjes yn 'e wangen, ‘mar dêr hat ús mem niks mei. Dy kaam se tsjin en ús mem sjocht de minsken altyd sa oan dy't se tsjinkomt. Dat haw ik al sa faak tsjin har sein: “Sjòch net sa.” En sa sil it no ek wol wer gongen wêze, ik wie der net by. En dan fansels, har oeral mei bemuoie. Dy man ferliest in sok, ús mem sjocht it wer en tinkt: “Dy fint moat syn sok net kwyt.” Us mem lit noait wat lizze. En lit it no tafallich in stuk wêze en ús mem is ek mar in frou. Ik fûn it wol leuk foar har, hear.’
En Maaike mocht wer fuortgean. Ik stiek in hân omheech, mar se seach it net, rûn mei de holle nei de grûn en doe koe ik wol gûle om it gesanik, dat dat fanke no wer mei my hie. Ik snute foarsichtich myn noas yn in papieren bûsdoekje, dat ik krigen hie en hearde niks fan wat in jonge sei, dy't de hynders elke dei by my brocht hie. De man mei de fize pet op koe net ferheard wurde, dy lei mei akute galstiennen yn it sikehûs. Ik moast ûnder ede sizze, dat
| |
| |
ik noait ien fan dy boltsjes yn de hynstefigen sitten sjoen hie. En ik lei út, hoe't ik dat moarns altyd dien hie: teedrinke, ite, ûnder de dûs, de hynders behimmelje, en dàn pas myn kontaktlinzen deryn sette. En in hiele lange eacharts kontrolearde wat ik al en wat ik net seach sûnder en mei linzen yn myn eagen (Ik moat oare hawwe, sei er).
Nei twa dagen mocht ik wer nei hûs. Se hienen by my thús de hiele boel op 'e kop setten, en niks fûn fansels, want ik hie niks. Mar alles ek wer kreas oprêden.
Ik waard gek yn dat plysjehok yn Alkmaar, wylst it bûten sok moai waar wie. Soms mocht ik wol even op in bankje sitte, mei in krante, of in boekje mei stripferhalen, dêr't ik neat oan fûn. Se treauwen my in kleaune wol yn 'e hannen, mei priemmen nûmer fjouwer, omdat dat der op stie, dat jo dêrmei breidzje moatte. Mar ik doch alles op twa en in heal, dat, dat waard ek neat en ik wist ek net wat ik meitsje soe fan dy rare griene kleur. Ik fleach by de muorren op en in soartemint fan psychiater moast der oan te pas komme, dy't Emanuël hjitte, en dy lei nei wat sessys út oan de hegere ynstânsjes, dat ik mar better yn myn eigen omjouwing koe, omdat er oars grutte psychyske problemen ferwachte.
No bin ik dan wer thús. Boarstelje myn tosken wer mei myn eigen toskeboarstel, en ik ha myn eigen ûnderbroeken wer oan (ik ha tolve nije oan myn útfanhûzerij dêre oerhâlden, se wiene tige skeutich), sliep wer op myn eigen bêd mei in soad sân op it fuottenein. Twa kear deis moat ik my melde. Op it buro yn Skagen, seis kilometer hjir wei, dêr't ik op de fyts hinne gean, moarns en jûns. Mar fierders kin ik hearlik dwaan en litte wat ik wol. Oeren
| |
| |
lang rin ik op it strân, dêr't ik gjin mins mear tsjinkom, de fakânsjes binne om. Ik kuierje troch de dunen of ik sit te kofjedrinken by Tony, dy't beweart, dat ik de belangrykste skeakel wie tusken Noard en Súd. Dat stiet yn alle kranten, seit er. En Tony is ien fan dy minsken, dy't leaut wat der yn de kranten stiet. Hy seit ek, dat it om miljoenen giet, en hy slacht my hiel fûl op it skouder en tutet my op 'e foarholle en ropt: ‘Dy Martha doch.’
Sa no en dan komt der in treurige kollega, mei in bosk blommen of in stikje sjippe en lange ferhalen oer wat sij heard hat. De bern fan myn klasse stjoere printkaarten mei in ferhaaltsje derop, en dat juf gau weromkomme moat. Se hingje hjir allegear om my hinne.
Maaike reizget de Dyk oer mei appeltaarten, dy't se sels bakt yn myn oven.
Tiisdei, 8 novimber om twa oere komt ús saak wer foar. Ik sjoch der net tsjin op en ik ha der gjin sin oan. Ik hoopje allinnich, dat ik Rob dan sjoch. Ik moat him freegje oft ik noch wat foar him dwaan kin, want ik ha noch twa lege salata-ammerkes. En dêr wol ik net langer tsjinoan sjen.
|
|