| |
| |
| |
frede yn de kouwe
‘Ik moat ferhúzje,’ sei Anny, ‘alwer. It hûs, dêr't wy no wenje, is ferkocht. Wy moatte der allegear út.’
‘No, en?’ frege ik.
‘Hast al wat oars?’ ‘Ja-a,’ sei se en seach my oan. ‘Ja, en no woe ik dy wat freegje, Martha. Mar ast net wolst, moatst it earlik sizze. Like goede freondinnen.’
‘Ik bin benijd,’ sei ik.
‘Ik kin net alles meinimme. Witste, de keamer dy't ik no krij is folle lytser. En ús heit en mem kinne der ek net mear by ha, no't se yn in gewoan hûs wenje.’
‘Wat moatst kwyt?’ ‘Ik wol niks kwyt, Martha, dat is it him krekt. It moat opslein.’ Se wachte even: ‘En no woe ik dy freegje asto der hjir miskien ek plak foar hast.’
‘Wêr giet it om?’ frege ik.
‘Moatst net kjel wurde. Twa stuollen, fan dy grutte fauteuils en in piano.’ Se lake en ik lake ek. En ik seach ris om my hinne. Yn de wenkeamer koe ik al dy dingen net ha fansels, dêr koe heechút noch ien stoel by. Ik sei: ‘Wy moatte it hûs mar even troch. Sa grut is it hjir no ek net fansels.’
‘Dy piano, Martha, dêr bin ik echt wiis mei. It is in âlde, mar ast der goed op spilest, sit der in hiel moai lûd yn. Dat seit de pianostimmer teminsten.’
Wy stienen yn de gong. Ik sei: ‘As ik de kapstok no op in oar plak fêstspikerje, soe er hjir dan stean kinne?’ En Anny oan it mjitten mei har beide earmen en se sei: ‘Ik tink fan wol.’
As se goed metten hie, dan soed er hjir oan ta komme, dan koe dy doar noch krekt iepen en ik koe der sels noch maklik lâns rinne, omdat ik net sa breed
| |
| |
bin. Doe't wy de piano teplak hienen - it grutste probleem - seagen wy samar in gat foar har stuollen (Se komme noch by ús beppe wei) en wy gongen wer by de tafel sitten om ús tee fierder op te drinken.
‘Wat bin ik in gelokkich mins, dat ik dat regele ha. Ik ha der nachten net fan sliept’, sei Anny en ik sei: ‘Ik bin bliid, dat ik dy helpe kin,’ en wy bepraten doe wannear't har broer it spul bringe soe, op in karke achter de auto oan. Anny belle op en Jehan sei fan tiisdeitejûn dan mar, as it net reinde en net in stoarm waaide, want hy hie mar in iepen weintsje en hy woe net fan 'e dyk ôf.
En Anny kaam mei en wy setten de piano yn de gong del en in stoel by my op de sliepkeamer en de oare yn de wenkeamer en doe tocht ik, dat wy it hân hienen, mar Jehan rôp: ‘En it kastke dan?’
‘Ja,’ sei Anny, ‘ik sit ek noch mei in kastke, Martha.’
‘Oh,’ sei ik. ‘Ek noch in kastke.’
‘Wêr moat it hinne,’ frege Jehan.
‘Ik wit it net,’ sei ik, en Jehan sette it kastke (It komt noch by ús beppe wei) even del, beseach syn hannen, sei, dat it in swier kring wie en begûn wer te tillen.
‘Sjoch,’ sei Anny, ‘as dy televyzje no in bytsje nei rjochts ta kin en dy teetafel wat dy kant út, dan past it hjir wol tuskenyn, soe it net?’
En ferdraaid, it koe en ik hie der in moai kastke by krigen, dêr't ik wol kopkes en pântsjes yn sette koe, of wat oars, sei Anny, ik mocht it sels witte: ‘Hast rommel genôch, Martha.’
En doe moasten se wer fuort, want Jehan moast noch nei in jierdeibesite ta. Ik stie wat nuver tsjin myn nije oanwinsten oan te sjen, die it kastke iepen en ticht en betocht wat ik deryn dwaan soe, omdat jo oan in lege kast ek neat ha. As ik no nei de televyzje sjen woe, moast ik wat oars op myn stoel sitten
| |
| |
gean en ik koe der ek net mear by breidzje, omdat it ljocht dan net goed foel. Troch de piano yn de gong, moast ik jûns in bytsje oars libje, Net te folle tee en gjin sinesappelsop, want as ik der nachts ôf moast, rûn ik steefêst mei myn sliepholle tsjin dat ding oan en dan klearwekker en mei in seare knibbel koe ik net wer yn 'e sliep komme.
‘Hast in piano, Martha?’ frege Gerrit.
‘Nee,’ sei ik, ‘dy moat hjir allinnich in skoftke stean. Hy is fan in freondinne fan my. As sij der wer plak foar hat, giet er fuort.’
‘Och,’ sei Gerrit en draaide in sjekje. ‘Lit my noch ris even sjen,’ sei er doe en gong wer nei de gong. Doe't er wer yn de keamer kaam, frege er: ‘No haw ik dat ris even besjoen, ju, mar do hast der neat op stean, hin?’
‘Nee,’ sei ik, ‘moat dan dan?’
‘No Martha, dat is sa, witste, dat myn omke stoarn is? Oh, nee, wist dat net, hast it net lêzen yn 'e krante. Is dyn each der net op fallen, ja dat kin gebeure. Hy wie al trije-ennjoggentich jier, mar o sa'n bêste man, in broer fan ús heit. Hy woe hjir ek wol wei, safier wie it hinne. Dy man wie op, skjin tenein en dan krijst dat. Mar ik sil dy fertelle, hy hie allegear fan dy flessen mei boaten der yn. Sels makke. Dy haw ik fan him krigen. Dat kaam sa. Op in kear sei ik: “Moaie dingen makket omke doch.” Hie ik my de bek mar hâlden, want hy sei: “As ik dea bin, binne se foar dy, allegearre.” Mar ik ha der gjin plak foar, en fuortsmite kin ik se ek net, se steane oer de flier en...’
‘Woest se by my op 'e piano sette.’
‘No, as dat kinne soe. Sjoch Martha, ik skop der ek iderkear tsjin oan en it binne echt moaie dingen.’
| |
| |
En hy brocht se de oare deis. Se stiene op 'e stoepe, doe't ik thúskaam en ik sette se op de piano, alle njoggen. Mei in bytsje passen en mjitten koenen se der krekt op stean, mei har allen. Ik moast der wol tige oan wenne, want as de lampe op wie yn 'e gong, skitteren dy flessen en dan wie it krekt as seagen se my oan en dan moast ik oan de omke fan Gerrit tinke, dy't sa skjin tenein west hie en hjir wol wei woe, en wêrom wist ik ek net, mar dan tocht ik: as it ek sa moat.
‘Us Annemike krijt in nij bêd,’ sei myn buorfrou.
‘Leuk,’ sei ik, ‘Mar ik hoech har âlde net.’
‘Min sin?’ frege se, wylst se in hiele hege appeltaart by my op 'e tafel sette: ‘Ik bak altyd twa tagelyk, it wurk is itselde ommers.’
‘Ik ha net in min sin,’ sei ik, ‘Is dy foar my?’
‘Bist sa koart,’ sei Sia en draaide it kessen fan in stoel om en gong der op sitten:
‘Sjoch, ja, foar dy, no lekker, net? Ik tocht: foar by de tee.’
‘Lekker,’ sei ik, ‘Sille wy der daliks mar in stikje fan hawwe?’
‘Ik sis net fan nee,’ sei Sia en ik helle in mes út 'e keuken en twa boardsjes, en wy oan de appeltaart. Nei in waar- en gerspraatsje kamen wy wer by Annemike har bêd út. Sia sei:
‘En no wol ik einliks dy matras net kwyt. Sa'n âlde matras, dêr't neat oan mankeart. Mar it fanke moat in oarenien hawwe mei har rêch.’
Ik knikte, sei mei de mûle fol appel en rezinen:
‘En no sitst mei dy matras.’
‘Ja’ suchte se. ‘Lis him ûnder jim bêd,’ sei ik.
‘Dat is ûnmooglik, Martha, dêr steane ús skuon al. Dêr haw ik oars gjin plak foar. Us hûs hat suver
| |
| |
gjin kastromte.’
‘En?’ frege ik.
‘Hasto der net in lyts plakje foar?’
‘Moat er by my ûnder it bêd?’ frege ik.
‘As dat even kinne soe. It giet mar om in pear moanne of sa. As se skylk op keamers giet, dan is sa'n matras wol wer te brûken. Binne dy bern gek op. In matras op 'e grûn en dêr op sitte.’
En ik klaude posters en oare grutte papieren ûnder myn bêd wei en Sia en ik skoden de matras fan Annemike derûnder. It paste net hielendal, der stiek in eintsje út. Ik hie no in soarte fan opstapke as ik op bêd gong, hiel apart.
‘Sa fijn, dat it kin,’ sei Sia ‘Hjirre, dat krijst ek noch fan my, meist hâlde,’ en se sette in kolossale sierblompot mei roazen der op bebakt yn allerhanne kleuren op de tafel del:
‘Setst der mar in plant yn. Moaie pot, fynst net?
Komt noch by in âlde muoike fan Jelmer wei. Sikest der mar in moai plakje foar út,’ en doe moast se noadich nei har sprútsjes ta.
‘Jemich,’ sei Wytze, ‘dat snap ik no wier net. Sa'n piano kin hjir stean, dy stomme flessen mei skippen deryn krije in plak, ast op bêd giest, moatst earst oer in oar syn matras hinne wâdzje, dat kin allegear samar, mar de brommer fan dyn bloedeigen soan kin hjir net even ûnder dak.’
‘Och ja wol, jonge,’ sei ik, ‘mar it hok is fol. Dêr leit hout. Jurjen de Vries wol in kninehok timmerje en dat hout moat droech lizze en se ha der thús gjin romte foar, dat witsto ek wol en dat jonkje frege it sa freonlik.’
‘No mem, ik freegje it dy doch ek freonlik?’
‘Ja,’ en wy nei it hok ta en Wytze seach it al: as it
| |
| |
hout no sa kaam te lizzen en dy tafel (Dochst dêr wat mei? Nee.) gong op 'e side, dan wie der in see fan romte foar dy twa brommers: ‘Sjochst no wol?’ Mar yn de earste de bêste fakânsje soed er fan dy twa ien meitsje, want de brommer fan Anneke wie niks mear, se moast in nijenien ha. En Wytze liende in karke foar achter de auto fan Jan en sette syn brommers yn myn hok, dat ik no altyd wol op 't slot dwaan moast, want hy woe net, dat se stellen waarden, al wienen se dan foar in oar net safolle wurdich.
Doe stie der in Monique by my op 'e stoepe. Se sei: ‘Jo kenne my net. Ik bin in freondin fan Anny. Ik ha hjir al earder oan de doar west, mar jo wienen noait thús.’
‘Nee,’ sei ik, ‘Noait is tefolle sein, mar ik bin wol ris fuort.’
Sij der yn, want se moast my in ferhaaltsje dwaan. Se sei: ‘Ik woe sa graach op pianoles, mar wy ha thús gjin piano. Mar no sei Anny...’ En se lei my presiis út, hoe't se it tocht hie: se oefene op tiden dat ik net thús wie, hie ik nergens lêst fan. Ik knikte. Se sei: ‘As sa'n piano der samar wat hinne stiet en der wurdt noait op spile, giet er fan jo ôf, en dat is skande. En dan hie sij ek wer in doel yn it libben, want se kaam as beukerliedster mar net oan 'e slach en se sollisitearde har in ûngelok. En ik tocht, wat is it ek wat en wy praten it plak ôf dêr't ik de kaai dellizze soe en se foel my fan klearebare gelok om 'e hals en ik sei, dat ik bliid wie, dat ik hjoed myn goede died ek wer dien hie.
Sa kaam fan it iene it oare. Monique koe har fansels net oan de ôfsprutsen oere en tiid hâlde en pianospile ek op tiden dat ik wol thús wie. Se fûn it ek ûnge- | |
| |
sellich yn in leech hûs.
Wytze koe it allinnich mei syn brommers net rêde en helle der jonges by, dy't der mear ferstân fan hienen. Jurjen moast geregeld syn hout sjen litte oan kammeraatsjes en wêr't er weikaam, wit ik net, mar ik hie ynienen ek in kat yn de keamer sitten en soms twa, dy't ik der mar net útreagje koe.
En âlde Bremer brocht my in kouke mei twa suterige kanarjepiten deryn, omdat syn frou skjin har nocht fan dy bisten ôf hie. Sa'n rommel as se meitsje koenen. De kanarjes krigen by my op in goede dei de hiksykte en gongen dea, dat ik brocht mei in begrutlik gesicht de kou werom nei Bremer, dy't op in stille middei nei de stêd fytste en twa spiksplinternije fûgels foar my kocht. It wiene oaren, sterkere, sei Bremer. Se ieten ek net gewoan foer út in pûdsje, mar moasten moalwjirmen hawwe. Dêr moast ik de kop en de poatsjes fanôf knippe. Om de twa dagen siet ik der oeren mei om te pielen, want it kaam hiel presiis mei dy wjirmen.
Nei in wike hie ik dêr skjin myn nocht ôf, joech de bisten hiele moalwjirmen, wat se fansels net ferdrage koenen. Doe't se fan har stokje foelen, sette ik twa plestik fûgels yn 'e kou, omdat Bremer elke dei mei syn stokje foarby kuiere om te sjen hoe't it mei de fûgels gong. It wie syn deistich loopke wurden en dat moast dy man net kwyt.
Doe wie it twadde krystdei en Monique belle op:
‘Bist thús? Wy komme even. Us heit en mem wolle sa graach hearre hoe't ik al pianospylje kin.’
‘Ja, ik bin thús,’ sei ik, ‘Wy sitte mei ús allen om de krystbeam hinne.’
En Gerrit stie op de stoepe om nei syn skippen te sjen, sei er, mar ik wist hoe'n hekel as hy hie oan
| |
| |
sneinen en hielendal oan feestdagen. Wytze pufte op syn brommer troch de strjitte en Jurjen kaam it paad op mei syn beppe, dy't sjen moast hoefolle spikers hy al yn it kninehok slein hie. Wy stiene allegear yn 'e gong doe't Monique har keunsten op de piano fertoande. Se moast earst even ynspylje, sei se, en wylst se dêr noch mei oan 'e gong wie, waard der belle en stie Bremer foar de doar.
Hy sei: ‘Ik tocht, ik sil no ris even fan tichtby besjen, hoe't it mei myn fûgeltsjes giet.’
Ik sei: ‘Wy ha de krystbeam oan,’ en dat sloech fansels nergens op.
‘Ja,’ sei er, ‘dat seach ik fan bûten al. Goeiendach,’ tsjin iderien dy't yn de keamer siet en hy toffele nei de hoeke, dêr't de kou stie. Hy glundere:
‘Och Martha, wat sjogge se der glânzgjend út, ju. Se ha hjir in goed plak by dy. It is in lust, sa tefreden as se binne.’
‘Ja,’ ik knikte. Ik hie se in pear dagen lyn krekt wer ris ôfboarstele. Lytse Jurjen flústere syn beppe wat yn 't ear, en Monique hie it ‘Stille nacht’ te pakken. ‘No, no,’ sei Bremer wer. En Sia stie yn de keamer: koe se har matras wol even krije, de hiele boel bleau by harren te sliepen want it waard glêd, sei de radio. En doe hearden wy allegear wat Bremer sei. Hy sei:
‘Ja, wy kinne noch hiel wat leare fan dy fûgeltsjes, minsken. Yn sa'n lyts kouke sitte en it doch sa nei 't sin hawwe, neat gjin spul en rûzjes. Dat neam ik: frede.’
|
|