‘Och, wat sil ik sizze. Ridlik, ja. Hoe is it mei dy? Hast der wol ris minder útsjoen moat ik sizze.’
‘No ja, ups en downs. By tiden fyn ik der mar neat oan. Ik ha - hoe lang is it lyn no? - op begraffenis west. Fan Cecile. Dy is dea.’
‘Cecile? It seit my niks. Moat ik dy kenne? Myn ûnthâld wurdt sa min de lêste tiid. Foaral mei nammen. Moatst my even helpe.’
‘Se hat ûnder oare ús sulver poetst. En se hie wat te meitsjen mei myn kikkerts. Witst it no?’
Mei syn holle yn ’e hân seach er nei bûtendoar ta, kniep syn eagen heal ticht, tocht djip nei: hok laadsje moast er iepenlûke?
‘In hiele goede frou moat it west hawwe. Dat hast destiids sels ek tsjin my sein. Mar ik ha har mar ien kear sjoen.’
‘No, it sil ’t wol. Ik kin har sa net mear foar my krije. Wie se siik?’ Hy seach om him hinne, woe noch in kop kofje hawwe, stiek twa fingers omheech.
‘Nee, se wie net siik. Gjin kanker of sa ast dat bedoelst. Se is fan ’e flat ôfsprongen. By my.’
‘By dy? Hoe kaam se no by dy? Wat lûksto dochs altyd frjemd folk oan, Martha. Datst dat noait ôflearst.’
‘Hast it drok?’ frege ik. Seach it gat yn syn earmtakke fan syn rjochter mouwe. Hoe lang wie it lyn, dat ik dy trui breide hie? Der moast noch wol in kleauntsje jern fan oer wêze, mar wêr’t dat belâne wie.
‘Ja, ik besykje te dwaan wat se fan my freegje, en ik kom safolle mooglik myn beloften nei. In minske moat dochs wat.’
Ik knikte. In jonge sette noch twa kopkes kofje del: ‘Mefrou, menear,’ en naam de lege mei werom. Ik