Hylkje Goïnga
Hylkje Goïnga (1930-2001) groeide op yn Drylts, dêr’t har heit húsdokter
wie. Se folge it gymnasium yn Snits en studearre in skoftke sosjology yn Grins, wat har net foldie. Yn 1953 troude se mei Anne Wadman, har âld-learaar Nederlânsk fan de middelbere skoalle. Se krigen trije bern. Se begûn al betiid mei skriuwen. Doe’t se ienentweintich wie ferskynden har earste koarte ferhalen yn de Ljouwerter Krante en yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Yn har trouwen gie se dêr mei troch en fan it begjin yn 1958 ôf wie se redaksjelid fan it nije algemien-kulturele moanneblêd De Strikel, dêr’t se alle desennia dat it blêd bestie mei in protte nocht oan meiwurke. Har bydragen, skreaun troch ‘Martha’, hiene de titel ‘Oan en oer myn man’. Yn 1971 kaam in seleksje dêrfan út yn har debútbondel ‘Jantsje… Ja heit’. It wiene meast in soarte fan bychtferhalen, wêryn’t de haadpersoanen yn sljochtwei praattaal fertelden hoe’t se fertize rekken yn brike of ekstreme situaasjes. Dêrnei ferskode de tematyk: it gie no meast oer de houliksperikels fan de libbene en soarchsume Martha en har man Jaap, wat ienselvich en altyd drok mei de eigen dingen, beskreaun mei in mingeling fan bitterens en humor.
De definitive trochbraak kaam mei Thús is de maggi op yn 1981. Tiny Mulder wiisde yn har besprek op de dûbele betsjutting fan dy titel: ‘soargje dat it hûshâlden rint’ en ‘de sjeu is der ôf’. Dêrmei lei se in tsjinstelling bleat dy’t ek yn Frijende kikkerts spile, dat yn 1986 ferskynde. De ferhalen oer Martha lieten dêr sa’n grutte gearhing sjen, dat guon resinsinten Frijende kikkerts as in roman beskôgen. It boek sels jout gjin oanwizing oft it as ferhalebondel of