even wat by fertelle, en dat is net sa maklik foar my. Mar ik ha my foarnommen om it no te dwaan.’
‘Myn kikkerts,’ tocht ik. Ik wist hast net iens mear hoe’t se der út seagen en dochs, doe’t ik dat grize papier seach, wie it, as sieten se my oan te sjen, dwers troch alles hinne.
‘Nee tankje, ik rook net.’
‘Ik oars ek net, mar no al,’ senuweftich socht ik om in jiskebakje en lúsjefers.
‘Martha, wol my asjebleaft leauwe, as ik sis, dat ik fan myn libben noch noait wat stellen ha. Sa bin ik net grutbrocht. Mar dizze kikkerts haw ik destiids… jou it sels mar in wurd. En wêrom? Ik wit it noch net. Hûnderttûzen kearen haw ik it my ôffrege: wêrom docht in minske no sokke dingen. Omdat ik it sokke minsklike beesten fûn, omdat it like oft se libben, wat moat ik sizze? Ik tocht: dy hâld ik, en ik die it. Ik die it, Martha, ik begryp it noch net, mar ik die it. Doe’t ik it dien hie, koe ik it oan gjin mins sizze. Hoe freeslik dat is, je kinne noch better ien deaslaan, dan wurdt der mei jo oer praten. Mar as jo, sa as ik… Ik hie se al earder weromjaan wold, mar ik koe de moed net opbringe. No binne se wer teplak. Meitsje no it pakje mar iepen.’
Se knikte my ta mei har grutte eagen en hâlde de hannen yn ’e skoat, frimeljend mei dat doekje. It wie krekt oft har wangen út trijehoeken bestienen, sokke nuvere strepen rûnen der trochhinne.
De fruchtegrysmoaldoaze, it pypskom, de watten. ‘Ja, ja, ja.’ Ik koe niks oars sizze, troch in waas siet ik nei myn beesten te sjen.
‘De eagen folgje jo, wêr’t je ek binne yn ’e keamer,’